SkanoNijs
|
Węrom Frysk?Foar in koarte yntroduksje fan de stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins binne twa pdf-bestannen beskikber.Boarne pdf-bestannen: Ryksuniversiteit Grins (www.rug.nl) Węrom Frysk?Troch: Geart Tigchelaar Ik soe de fraach oars stelle wolle; “węrom nét Frysk?”. Wat is der no moaier as dyn memmetaal te bestudearjen en al de aspekten dy’t gearhingje mei Frysk en Fryslân. Hoe komt it dat se űnderyn Fryslân it ha oer ‘skunnen’ en ‘futten’? Wat is de skiednis achter it feit dat Fryslân in provinsje fan Nederlân is? Hat de Fryske literatuer itselde oansjen as de Nederlânske? Dizze fragen en fansels noch folle mear, komst te witten by de stúdzje Frysk.
Mei it Frysk kinst alle kanten op. Mei taalkunde kinst dy hielendal ferdjipje yn bygelyks de grammatika fan it Frysk. Dy grammatika kinst ferlykje mei oare talen om nei te gean hoe’t ferskate ferskynsels harren yn beide talen ferhâlde. Of ferdjippest dy yn de útspraak en hoe’t dy tusken de dialekten ferskild. Dizze rjochting kinst ek as masterstúdzje kieze om dy hjir folslein yn te spesjalisearjen.Mei de kolleezjes taalfeardigens wurdt der wurke oan dyn skriuwen en útspraak sa’t de namme al oanjout. Krijst útlis hoe’tst teksten skriuwe moatst en dat fansels yn geef Frysk. Sa kinst dyn taalgefoel fergrutsje ast in grut niget oan ‘t skriuwen fan stikken hast en dęr fierder mei wolst. Ast in soad ynteressearre bist yn de skiednis fan ús âlde heitelân, dan krijst alhiel dyn gerak by dizze stúdzje. Krijst kultuer-histoarje, de taalskiednis, mar ek filology. Dat lęste is it bestúdearjen fan de âlde Fryske teksten en dy pleatse yn de kontekst fan dy tiid. Ek dit is in masterstúdzje foar dyjingen dy’t harren hjir yn ferdjipje wolle. De literatuer komt fansels ek op it aljemint. Net allinnich it lęzen fan in sa breed mooglike lyst, mar ek de boeken pleatse yn de tiid fan skriuwen en hokker tendinzen der doe en no spylje. Sa krijst in better begryp en faaks ek mear wurdearring fan de boeken. In masterstúdzje op dit męd is foarlein foar de leafhawwers. Kinst de wrâld út mei it Frysk! Der binne bygelyks in soad ferskillende minderheidstalen yn de wrâld. It Welsh, Katalaansk, Iersk en neam mar op. As it dy wat liket kinst hjir skoan ferlykjend űndersyk nei dwaan. En dat wol op alle fjouwer męden. Kinst in taalkundige ferliking meitsje, of kinst neigean hoe’t de taalhâlding op it űnderwiis is yn dy talen en it Frysk. Fansels kinst de literatueren bestudearje of de skiednis en űntjouwing fan de ferskillende talen, om alle fakterreinen mar te neamen. Der is dus noch genôch űndersyk te dwaan mei it Frysk dat dy oer de grins bringt. Der binne ek genôch minsken bűten Fryslân dy’t harren dwaande hâlde mei it Frysk. Yn ’t Dútske Kiel wurde der sels ferskate fakken jűn oan de universiteit. Der binne ek allerhande oare űndersyksynstituten dęr’tst nei dyn stúdzje telâne kinst. Węr’t dy it Frysk al net bringt! Fierders is de stúdzje lytsskalich sadatst ridlikgau alle minsken kinst en net in nűmer wurdst. It kontakt mei de dosinten is sa ek persoanliker en der is mear romte foar diskusje yn de kolleezjes sels, om’t je somtiden mar mei twa of trije studinten yn in seal sitte.It is altyd gesellich yn de kolleezjes troch it goeie kontakt, mar dęrneist wurdt der fansels ek oanpoate. Do studearst om wat te learen. En hoe kinst no better leare as yn omjouwing, dęr’tst alle romte krijst en dęr’tst troch in lyts tal dosinten op entűsjaste wize de stof foar dy krijst. Der binne ek in tal fan kommisjes dęr’tst dyn organisatoaryske talinten sjen litte kinst, of dyn talinten opdwaan kinst. Op dy wize krijst goed ynsjoch hoe’t saken regele wurde, binnen in grut ‘bedriuw’. Sa kinst dy ynsette om de fakulteit en de oplieding Frysk te ferbetterjen. En fansels hat de stúdzjeferiening in grutte leppel yn de Fryske brij. Utstapkes en oare űntspanningen wurde troch stúdzjeferiening Skanomodu organisearre. Op dy wize wurdst mear belutsen by de oplieding en de studinten en dosinten. Sa’t it sprekwurdlike mes oan twa kanten snijt, it is mei de feriening altyd o sa gesellich en learst der ek in soad fan. Redenen genôch om de fraach te feroarjen yn: “Węrom nét Frysk?” |
| © Skanomodu | |