As stúdzjeferiening foar studinten Fryske Taal en Kultuer wolle wy ús leden űnder oaren safolle mooglik ynformaasje biede oer de ferskate Fryske ynstellings. Tresoar is sa'n ynstelling. De Stifting Freonen fan Tresoar hat ús frege om har namme bekend te meitsjen űnder de leden fan Skanomodu. Fandęr űndersteande ynformaasje oer de Freonen fan Tresoar.
Wat dogge de Freonen fan Tresoar?
Om it wurk fan Tresoar te stypjen is inkele
jierren lyn de Stifting Freonen fan Tresoar oprjochte. Dy stifting
beheart jild dat bygelyks de oanskaf mooglik makket fan bysűndere
publikaasje en projekten dęr’t de reguliere fűnsen fan Tresoar net
tarikkend foar binne. Mar de Stifting organisearret foar de freonen ek
lęzingen, ekskurzjes en boekeferkeapen. At men freon fan Tresoar is, dan
kriget men fierders koarting op publikaasjes fan Tresoar en is de
brűkerspas foar de helte fan ’e priis te heljen.
Boppedat wurdt trijeris yn it jier in prachtich tiidskrift tastjoerd: de /Letterhoeke/. Freon
węze fan Tresoar kostet € 20 it jier. Men kin ek freon foar it libben
wurde foar € 200. Dat fertsjinnet him dus oer tsien al werom. Mear
ynformaasje en oanmelding: