Hjirűnder steane in stikmannich fakbeskriuwings fan fakken yn it earste semester. Foar folsleine ynformaasje oer alle fakken en it roaster kinne jo sjen op de side fan de Ryksuniversiteit Grins. De measte fakken wurde jűn yn it Harmonie-kompleks yn it sintrum fan Grins. Fakken kinne op fersyk hast altiten yn it Nederlânsk jűn wurde!
Hjirnjonken wurde der noch ferskate taalkunde-kolleezjes jűn. Hjirfan sille meikoarten fakomskriuwings ferskine. Sjoch oant dy tiid yn de űnderwiiskatalogus Ocasys
Dosinten: Pieter Breuker, Oebele Vries, Jurjen van der Kooi
Stúdzjepunten: 10 ECT
Fakkode: LHF001P10
Dit is it ynliedende kolleezje fan de oplieding Fryske Taal en Kultuer. Alle fakgebieten komme oan ‘e oarder en de dęrby hearrende dosint sil yn fjouwer kolleezjes wat oer syn terrein fertelle. Sa passearje Taalkunde, Literatuer, Skiednis en Sosjolinguistyk de revú. Der heart by dit fak ek in ekskurzje nei ynstânsjes as bygelyks de Fryske Akademy, Tresoar, Omrop Fryslân en/of de AFUK. Sa stekst op ôfwikseljende wize dyn ljocht op yn de wrâld fan de Frisistyk. Om de breedte fan it fak moat der wol in soad bestudearre wurde.
By dit fak learst alles watst witte wolst oer de rike Fryske skiednis. Hoe’t de Friezen oan harren Fryske Frijheid kaam binne en hoe’t yn 1498 hjir troch in sekere Albrecht fan Saksen in ein oan kaam is.
It kolleezje is helder en struktureel, sadatst in goed byld krijst fan de Fryske skiednis.
Meist graach skriuwe en wolst dit ris yn it Frysk dwaan of skammest dy omdatst dyn eigen memmetaal net goed behearskest op skrift? Dan is dit it kolleezje foar dy. Op ferskate manieren wurdt der wurke oan dyn skriuwfeardigens, mar ek oan dyn útspraak. Troch diktees en oare oefeningen wurdt dúdlik węr’t byskrabe wurde moat en dęr wurdt folop romte oan jűn.
Aktive behearsking fan de Fryske taal (it Frysk prate kinne) is al winske by dit kolleezje.
Dit is it ferfolch op Taalfeardigens I. No komst ek boeken te lęzen en dęr skriuwst dan in ferslach oer. Ien boek fan dyn lęslyst wurdt presintearre oan de groep. By dit ferfolchkolleezje krijst mear stelopdrachten te dwaan en ek wurdt der oersetten út it Frysk wei nei it Hollânsk en oarsom. Oefeningen dy’t dyn greep op it Frysk in hiel ein fergrutsje sille.
Foar dit kolleezje is in foldwaande op Taalfeardigens I fereaske.
It Frysk yn al syn dialektyske rykdom komt yn dit kolleezje oan ‘e oarder. En de problematyk dy’t dęrmei gearhinget. Yn it kolleezje sels is der in soad romte foar diskusjes dy’t de stof sűnder twifel opropt. Ek de standerdisearring fan it Frysk komt op it aljemint, de taalhâlding en it Frysk yn it űnderwiis.
Dosint: Jurjen van der Kooi
Stúdzjepunten: 5 ECT
Fakkode: LMIW02B05
Hâldst fan mearkes, leginden, sęgen en oare sterke ferhalen? Dan is dit in fak foar dy! Do komst yn ‘e kunde mei de ferskillende typen fan műnlinge literatuer. Hjirby moatst boeken as “Ring fan it Ljocht” en “Nachtmerje fan Rawier” lęze, dy’t dy in goed byld jouwe fan ferhalen dy’t yn ‘e 19e en 20e ieu ferteld waarden. Tige nijsgjirrich om te lęzen hoe byleauwich de minsken doe wienen! Krijst by dit fak dus net allinne de műnlinge literatuer mei, mar ek yndirekt de kultuer fan dy tiid.
Dosint: Jurjen van der Kooi
Stúdzjepunten: 10 ECT
Fakkode: LHF003B10
In űnmisber kolleezje yn de Fryske stúdzje. Troch lęzen, learst in bulte oer de kultuer en de taal fan ús Fryske lân. De lęslyst meist sels gearstalle op in pear ferplichte boeken nei. It mei in roman fan Anne Wadman węze, mar likegoed in gedichtebondel fan Berber van der Geest. Dęrneist moatte der hânboeken neisjoen wurde om it lęzene yn de kontekst pleatse te kinnen. Sa út en troch moat der wat lęzen wurde dęr’tst wat oer fertelst yn it kolleezje.
Dit is net it âlde Frysk dat jim beppe praat, mar noch in tal generaasjes âlder. Fan sa’n 1200 oant 1550 hinne. Der wurdt wiidweidich omtinken jűn oan de behanneling fan de Aldfryske teksten. Dęrneist krijst de grammatika fan it Aldfrysk te bestudearjen en de kultuerhistoaryske achtergrűn foar better begryp fan dy âlde teksten.
In eksterne taalskiednis betsjut dat der yngien wurdt op saken hoe’t minsken tsjin in taal oansjogge, hoe’t dy him hâldt yn relaasje mei de maatskippij. Oan de hân fan inkelde opdrachten en artikels dy’tst lęze moatst, wurdt oantsjutten hoe’t bygelyks de taal nei Gysbert Japicx net mear skreaun wurdt foar in langere tiid.
Mei dit kolleezje wurdt dy dúdlik makke hoe’t de űntjouwing fan de Fryske taal troch de ieuwen west hat.