SkanoNijs
|
Praat mar Frysk!3 desimber 2007 ![]() Doutzen Kroes praat Frysk, Geert Arend Roorda fan SC Hearrenfean praat Frysk, mar ek Grins praat Frysk! Yn Grins fertsjintwurdigje studinteferiening Bernlef en stúdzjeferiening Skanomodu de Fryske Taal. By ús kinst gewoan Frysk prate. Om de Friezen sjen te litten dat der ek yn Grins Frysk praat wurdt, hat Skanomodu in stik of wat hippe Praat-mar-Frysk-lippen. Hawwe jim moaie ideeën om in foto of filmke mei dizze lippen te meitsjen, mail dan nei praatmarfrysk @ skanomodu . nl , dan soargje wy foar de lippen. Set it Frysk yn Grins op 'e kaart en doch dyn bêst!![]() ![]() Jim filmkes, foto's ensafuorthinne oer it Frysk yn Grins, komme op de webside fan Skanomodu te stean. Ek wurde se trochstjoerd nei de offisjele webside fan Praat mar Frysk, www.praatmarfrysk.nl, dêr't ek noch kâns makke wurde kin op in fotoshoot mei in topfotograaf. Praat mar Frysk is in inisjatyf fan de Afûk: "It doel fan de kampanje is om de Friezen wer wat mear bewust te meitsjen fan harren eigen taal en harren meartaligens. In twadde doel is om de drompels te ferleegjen om it Frysk te brûken, benammen yn sitewaasjes dêr’t it net wis is dat der Frysk praat wurde kin." [www.afuk.nl] Boarne: www.praatmarfrysk.nl Praat-mar-Frysk-foto's
By de Wörterbuchstelle yn Kiel is ek in oplieding (Noard-)Frysk
De dosinten: ![]()
|
| © Skanomodu | |