Skanomodu is de namme fan de nijste stúdzjeferiening oan de Ryksuniversiteit Grins.
Us feriening is offisjeel fan start gong op 6 juny 2007. It idee foar de stúdzjeferiening kaam nei in útstapke nei Ljouwert, dêr’t wy nei de Fryske Akademy en Tresoar west wiene. In lyts groepke siet op ‘e weromreis nei Grins mei in goed gefoel werom te sjen op de slagge eksurzje: soksoarte fan útstapkes kinne wolris faker organisearre wurde. Dat idee waard útwreide en sa kamen de plannen om in soart feriening of klupke op te setten. Yn ‘e trein waarden de plannen wat fierder útwurke en sa kaam it idee foar in stúdzjeferiening ta ûntwikkeling.
Nei in kolleezje Skiednis fan Fryslan waard oan dosint Vries frege wat hy der fan fûn, at der al ris sa eat west hie en wat hy tocht dat de oare dosinten derfan fûnen. It liek him in hiel goed plan, dat wy koenen fierder. Dwers troch de burokratyske lagen fan de uny op wei nei ús doel.
Gjinien op de universiteit wist hoe’t dit moast en doe moasten wy alles sels betinke.
Wy gongen oan ‘e gong mei it karbrief en wit net wat allegeare mear. Ek hienen wy as earste aksje fan ús doe noch net offisjele feriening, dat wy it ynformaasjeboekje fan Taal en Cultuurstudies yn Grins oanpast hawwe. It karbrief hienen wy doe einlings ek klear en moast nei in notaris. Wy kamen út yn Damwâld. Foar notaris Leegstra wie it ek syn earste Fryske akte. Doe’t de akte passearre wie, krigen wy befêstiging fan de Keamer fan Keaphannel dat wy offisjeel bestienen.
Mar om hjir alfêst mei de studinten en dosinten in boarrel op te drinken hienen wy op moandei 3 juny in feestlike poppeslok foar de feriening. Oebele Vries wie beret om ek wat te sizzen op dizze heuchlike dei. It waard in smûk feestje yn ‘e personielskantine fan it akademygebou.
De earste offisjele aktiviteit fan Skanomodu wie in keatsútstapke nei Frjentsjer. Yn it keatsmuseum krigen wy in rûnlieding fan ús dosint en keatshistoarikus Pieter Breuker. Ek moast der keatst wurde: Skanomodu gong it keatsfjild op, dêr’t wy in keatsklinik krigen fan fjouwerfâldich PC-winner en betûft keatser Johannes Brandsma.