SkanoNijs

RSS

Jo nijs op dizze side? Mail nei:

nijs @ skanomodu . nl



Alle nijsberjochten besjen?
Sjoch yn ús argyf



Omrop Fryslân

RSS


Skanomodu: de namme

Taal:

Troch: Jurrit Jan


Wy, as bestjoer fan Skanomodu, meie fansels graach oan elkenien kenber meitsje dat wy foar ús stúdzje Fryske Taal en Kultuer de stúdzjeferiening Skanomodu yn it libben roppen hawwe. Fuortendaliks folget dêrop dan de fraach: wat bestjut Skanomodu? It standert antwurd is dan meastal: it is âlder Frysk foar "skjinne moed". Mar miskien is it aardich en gean der hjir wat wiidweidiger op yn.

Skanomodu: eartiids

It wurd Skanomodu is it âldst oerlevere Fryske wurd. Om it wurd ferklearje te kinnen, moatte wy werom yn 'e tiid.
It Frysk is fan âlds, lykas it Hollânsk, it Ingelsk en it Dútsk, in Germaanske taal. Rûn 500-700 nei Kristus ûntwikkelje de talen har yn ferskate rjochtings, ta de hjoeddeiske foarmen fan de taal. It skrift fan de Germanen is it Runeskrift. Sa komt it dus ek dat de âldste Fryske teksten yn it Runeskrift optekene binne. De âldste, oerlevere Fryske tekst is fûn op in munt, dy't datearre wurd rûn 500 nei Kristus. Op dizze munt is, jawol, de tekst "Skanomodu" te finen (sjoch ôfbyldings). It wurd is nei alle gedachten Frysk, en betsjut "skjinne moed".

Wêrom no krekt "Skanomodu"?

It wie woansdeitemiddei 28 febrewaris; mei in ploechje studinten sieten wy by it kolleezje Skiednis fan de Fryske taal. Dosint Oebele Vries die ús it hoe en wat fan "Skanomodu" út 'e doeken. De oare deis lei der in mailtsje yn myn digitale postfak:

    Hallo minsken,

    Juster by kolleezje skiednis fan 'e Fryske taal, waard ús út 'e doeken dien wat it âldste bekende Fryske wurd is. Dat is SKANOMODU, leau ik, net Jurrit? It betsjut skjinne moed / schone moed. Ik tocht dat dat miskien wol in moaie namme wie. No, lit mar hearre!

    Groetenis, Dirk Jan

En sa'n nuver idee bliek dy namme net te wêzen. Dyselde deis noch hienen al trije minsken - goedkarrend - reagearre:

    Klinkt prima vind ik!!!! [Nynke]

    Skanomodu...klinkt goed, Dirk Jan; orzjineel! Wat my oangiet, wurdt dat de namme. [Truus]

    Ek myn seine! [Froukje]

Iksels fûn it ek in tige geskikte namme, dat de sprekwurdlike kûgel wie al fluch troch de tsjerke. Mei in pear moannen wie it idee Skanomodu woeksen ta de stúdzjeferiening foar Fryske Taal en Kultuer yn Grins. De offisjele bertedei fan ús feriening is 1 juny 2007; reden foar ús om in bertekaartsje te fersjoeren.




© Skanomodu