SkanoNijs

RSS

Jo nijs op dizze side? Mail nei:

nijs @ skanomodu . nl



Alle nijsberjochten besjen?
Sjoch yn ús argyf



Omrop Fryslân

RSS


Lid wurde

Taal:

Bist fol- of dieltydstudint Fryske taal en kultuer, folgest ien of mear byfakken by de stúdzje Frysk of wolst gewoan ús stúdzjeferiening stypje mei in jildbedrach: alles kin! Sjoch hjirûnder foar de mooglikheden fan it lidmaatskip:

  • Studintlid: mooglik foar alle studinten fan de Ryksuniversiteit Grins dy't ien of mear fakken fan de stúdzje Fryske taal en kultuer folgje. Dit jildt dus ek foar haad- en byfakkers. It kontribúsjebedrach is €15 it jier. Hjirfoar ûntfangst ek likernôch fjouwer kear it jier it ferieningsbled Skanoskrift.
  • Alumnus: mooglik foar alle minsken dy't de stúdzje Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins ôfrond hawwe. It kontribúsjebedrach is €10 it jier. Hjirfoar ûntfangst ek likernôch fjouwer kear it jier it ferieningsbled Skanoskrift.
  • Freon fan Skanomodu: mooglik foar elkenien dy't ús stúdzjeferiening mei in jildbedrach stypje wol. It jildbedrach moat op syn minsten €10 it jier wêze. Hjirfoar kinst ek likernôch fjouwer kear it jier it ferieningsbled Skanoskrift ûntfange.
  • Sponsor: hast lyk oan de freonen fan Skanomodu, mar as sponsors wurde de bedriuwen bedoeld dy't ús mei jild stypje wolle. Oer de hichte fan it bedrach kin ûnderhannele wurde (graach kontakt opnimme mei it bestjoer). Hjirfoar kinst ek likernôch fjouwer kear it jier it ferieningsbled Skanoskrift ûntfange.
Nim kontakt op mei ús foar mear ynformaasje en foar oanmelding:

skanomail @ skanomodu . nl


© Skanomodu