Aktiviteiten:

Freed 3 septimber
Moandei 6 septimber
Moandei 6 septimber
Woansdei 8 septimber
Sykje / Tag cloud



Omrop Fryslân

RSS



Skanomodu.nl 3.0 online

24 juny 2008 - 10:42
Publisearre troch JurritJan
Sûnt tiisdei 24 juny is de webside fan Skanomodu wer folslein fernijd. Grutste ferskillen mei de foarrige ferzje binne de mooglikheid om te reagearjen op beskate nijsitems en de hast folsleine beskikberens fan de side yn sawol it Frysk as it Nederlânsk.

De hudige ferzje fan www.skanomodu.nl is 3.0. Wat is der no krekt feroare yn ferliking mei ferzje 2.0?
  • In nije, frisse layout
  • De webside draait no foar in grut part op Pivot, wêrtroch't der makliker artikels pleatst wurde kinne en der op dy artikels no ek reagearre wurde kin.
  • Hast de folsleine webside is beskikber yn twa talen. De nijsberjochten binne (foarearst) noch allinnich yn it Frysk, om't it oars in poepetoer wurdt om de side by te hâlden.
  • It foarum is fan de haadside ferwidere. It foarum waard net in soad brûkt, om't it ek net maklik tagonklik is (der moat earst ynlogd wurde). De belangrykste funksjes fan it foarum wurde oernommen troch it nije reaksjesysteem. It iennige dêr't it reaksjesysteem net yn foarsjocht binne it oanmeitsjen fan artikels troch oaren as de websidebehearder. Dêrom bliuwt it foarum noch in skoftke ûnder de menukop Argyf stean, oant dêr in oplossing foar makke is.

De webside is wiidweidich test mei de neikommende browsers:
  • Safari 3.1.1
  • Mozilla Firefox 3.0
  • Internet Explorer 6 & 7
Binne der dochs noch ûnderdielen dy't net (optimaal) wurkje, dan hear ik dat graach.Alle fragen, opmerkings, ideeën of krityk kinne jim hjirûnder kwyt yn de reaksjes, mar jim kinne my fansels ek maile op it mailadres:

jj @ skanomodu . nl



Jurrit Jan
Websidebehearder Skanomodu.nl

Used tags: , ,

Noch gjin reaksjes



  
Persoanlike ynfo ûnthâlde?

Snútsjes
  (Registrear dyn brûkersnamme / oanmelde)
 

© Skanomodu