SkanoNijs
Aktiviteiten:
Moandei 6 septimber Moandei 6 septimber Woansdei 8 septimber
Sykje / Tag cloud |
Breukerboek no te keap!!!
21 july 2010 - 18:02
Publisearre troch JurritJan De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen Wat soe der barre wannear’t de Afûk de macht yn Fryslân oernimme soe? Wannear’t hja besochten en fier in systeem yn fan ienfoarmigens op it mêd fan de taal, de grammatika, de wurdfoarming? Soe it in sege wêze of in grutte griis?Yn De kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen wurdt dit scenario yn proaza foarm delsetten foar de lezer. In âld manuskript is behoffene wurden troch GEart Jan Tigcheldam om oan it grutte publyk leze te litten. De kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen fertelt it ferhaal fan in fuortreage Ridder dy’t syn Grinzer Ridderoarder stjoerleas lit wannear’t de Afûk de macht grypt. De heechte hearsker fan de Grinzer Ridderoarder, in nommele Greve, stjoerd twa fan syn dapperste Ridders derop út en fyn Ridder Pieter en kom ta in plan om de Afûk te dwêrsbongeljen? Wat is de rol fan in âld tsjoender, in frouwe yn in sylboat en hoe komme de Goaden yn dit ferhaal oan harren gerak? Dit falt allegearre te lezen yn dizze nije ‘pageturner’ fan nije skriuwersstjer oan it Frysk literêre firmamint Geart Jan Tigcheldam. Elk kin dit masterwurk keapje troch kontakt op te nimmen mei de auteur: Geart Jan Tigcheldam (tigcheldam @ skanomodu . nl) Noch gjin reaksjes |
| © Skanomodu | |