Aktiviteiten:

Freed 3 septimber
Moandei 6 septimber
Moandei 6 septimber
Woansdei 8 septimber
Sykje / Tag cloud



Omrop Fryslân

RSS



Foto's en filmke ôfskie Breuker online

15 july 2010 - 16:00
Publisearre troch JurritJan
UPDATE: de foto's fan it offisjele ôfskie fan Pieter Breuker steane online.

Sjoch yn it menu ûnder "Foto's" of klik hjirre. Njonken de foto's is hjir ek it filmke te finen dat sjen litten is by it ôfskie. It filmke is makke foar dit ôfskie en foar it oanbieden fan it boek, dat sa'n bytsje foar dizze gelegenheid skreaun is. Om by de foto's en it filmke komme te kinnen moat ynlogd wurde mei de gebrûklike ynloggegevens. Wa't dizze gegevens net (mear) hat, kin in email stjoere nei jj @ skanomodu . nl

------------------------------------

Tongersdeitemiddei sil de universiteit offisjeel ôfskie nimme fan dr. Pieter Breuker. Foar dizze gelegenheid sil Geart Jan Tigcheldam (Dirk Jan Muntendam en Geart Tigchelaar) ek wat hiel bysûnders út de doeken dwaan. It is dus net allinnich mar handsjeskuodsjen, mar it wurdt ek in tige moai ôfskie.

It hiele gebeuren sil begjinne om 16.00 yn seal 1312.0018 fan it Harmonykompleks. Nei it offisjele ôfskie sil der noch in boarrel wêze yn 'e stêd.

Al fiif reaksjes

Nee, wês der fluch by foar dit unike staaltsje Fryske literatuer.
Geart - Tiisdei 20 july 2010 - 16:45

Der binne ek net sa gekke soad boekjes mear oer, dat op = op
DJ - Freed 16 july 2010 - 22:05

Dêr moat by sein wurde dat it boekwurk foar de spotpriis fan 12,50 euro te keap is!
Geart - Freed 16 july 2010 - 11:51

Hilarysk ofskied yn minder as ien oere.
DJ - Tongersdei 15 july 2010 - 15:07

Dejingen dy't net komme, moatte harren skamje.
Geart - Tongersdei 15 july 2010 - 07:28



  
Persoanlike ynfo ûnthâlde?

Snútsjes
  (Registrear dyn brûkersnamme / oanmelde)
 

© Skanomodu