Aktiviteiten:

Freed 3 septimber
Moandei 6 septimber
Moandei 6 septimber
Woansdei 8 septimber
Sykje / Tag cloud



Omrop Fryslân

RSS



Bremmer leart akteurs Aldfrysk

24 juny 2010 - 09:35
Publisearre troch JurritJan


Jan Decleir spilet de rol fan preker Bonifatius yn de film De schaduw van Bonifatius, dy’t op 29 juny yn premięre giet. Yn de film stiet de konfrontaasje tusken de âlde heidenske Friezen en de kristlike bekearders Bonifatius en Willibrord sintraal. Njonken de prekers sels spylje ek heidenske goaden lykas in bosknimf in wichtige rol. De spannings tusken de groepen komme ta in útboarsting as Bonifatius en syn mannen de hillige iik fan de Friezen omkappet.

De schaduw van Bonifatius is in produksje fan de Nederlandse Film en Televisie Academie yn Amsterdam en fan de omroporganisaasjes AVRO en NCRV. It is de earste Nederlânske film dy’t gebrűk makket fan de techniken fan The Lord of the Rings en Pirates of the Caribbean. Kompjűteranimaasjes spylje in grutte rol en meitsje foar in grut part de sfear fan de film út.

Tige bysűnder is de taal dy’t de haadfigueren yn de film prate. Bonifatius en syn mannen kamen út it Ingelân fan de 8e ieu en prate Aldingelsk, wylst de Friezen it nau besibbe Aldfrysk praten. Dy twa talen liken doe safolle opinoar dat Bonifatius him yn Fryslân net hoegde te ferbrekken.

De akteurs hawwe de beide âlde talen leard fan perfester Rolf Bremmer fan de ryksuniversiteit yn Leien. Hy is heechlearaar Frysk en saakkundige op it męd fan Aldgermaanske talen. Bremmer: “De producer Mels Kroon is mei lűdsapparatuer nei myn keamer ta kommen om my alle Latynske, Aldingelske en Aldfryske teksten ynprate te litten. Dęr hawwe de akteurs earst mei oefene. Yn jannewaris kamen de haadrolspilers nei Leien om űnder lieding fan regisseur Thijs Schreuder mei my te oefenjen. Ik fyn it fantastysk dat ik sa’n grut akteur as Jan Decleir helpe mei by it learen fan it Aldingelsk. Ynienen wurde dy deade talen wer sa libben as in hert!”

Tsjinspiler fan Decleir is Tryater-akteur Jan Arendz yn de rol fan Frysk stamhaad. De rezjy is yn ‘e hannen fan Thijs Schreuder. De film is fan ‘t simmer earst yn bioskopen yn ‘e Rânestęd te sjen en komt letter miskien ek nei Fryslân ta. Hy is fierder te sjen op it Nederlands Film Festival yn Utert en wurdt ein fan it jier ek troch de AVRO op ‘e televyzje útstjoerd.

Boarne: www.itnijs.nl

Al fiif reaksjes

Dat soe wol wat foar dy węze, tinkt my. Ik soe efkes maile mei de akademy. ;)
Mar sűnder gekheid.. it soe yndie wol wat foar it skanoskrift węze. It is al suver âld nijs wannear't it nije skrift komt mar it kin noch wol meinommen wurde.
Sigrid - Tongersdei 5 augustus 2010 - 18:41

Hawwe hja net ús studinten net frege as figurant, fitale jonge lju dy't wy binne?
Chris - Sneon 24 july 2010 - 21:08

En kom wer ris op it foarum ;)
DJ - Snein 4 july 2010 - 14:45

Soe wol wat foar it Skanoskrift węze ^^
DJ - Snein 4 july 2010 - 14:44

ik wol it wol sjen
DJ - Snein 27 juny 2010 - 12:44



  
Persoanlike ynfo ûnthâlde?

Snútsjes
  (Registrear dyn brûkersnamme / oanmelde)
 

© Skanomodu