Aktiviteiten:

Freed 3 septimber
Moandei 6 septimber
Moandei 6 septimber
Woansdei 8 septimber
Sykje / Tag cloud



Omrop Fryslân

RSS



Algemiene Ledegearkomste

24 juny 2010 - 16:00
Publisearre troch JurritJan
Update: inkelde foto's steane online ûnder it menukopke "Foto's".

Op 24 juny sil it sittend bestjoer ôfswaaie en sil it stokje oernommen wurde troch in nije groep entûsjaste minsken! Sy wurde op 'e ledegearkomste oan jimme foarsteld. Tsjinkandidaten kinne har oant fjouwer oeren foar de gearkomste noch melde by it sittende bestjoer.

De gearkomste begjint om (presiis) 16:00 oere en fynt plak yn seal H15.048 fan it Harmonygebou. Wy sille jim fertelle hoe't Skanomodu derfoar stiet, wat der yn it lêst allegearre bard is en hoe't de takomst fan 'e feriening derút sjocht. Wy noegje jim fansels tige út en wês hjirby.

De wurklist sjocht der sa út:
- Iepening
- Fêststellen wurklist
- Meidielingen
- Jieroersjoch troch Dirk Jan Muntendam
- Finansjeel jieroersjoch troch Jurrit Jan de Jong
- Foarstellen nij bestjoer
- Ofskiedsrede bestjoer
- Yntreerede nij bestjoer
- Aljemint
- Omfreegjen
- Ofsluting

Wy hoopje jim dêr allegearre te sjen!

Mei freonlike groetnis,
it bestjoer fan Skanomodu

Al fjouwer reaksjes

Tongersdei om 16:00 moat jim allegearre noch efkes komme op de harmo. Dan is Pieter Breuker der ek noch ris, dan nimt er definityf ôfskied, dat komt allen!
DJ - Moandei 12 july 2010 - 21:05

Nee, stie yn de Ljouwerter fan Sneon
DJ - Tongersdei 1 july 2010 - 19:54

Hast in link?
Geart - Moandei 28 juny 2010 - 10:25

wooT stie hjoed wer stikje yn de krante ^^
DJ - Sneon 26 juny 2010 - 18:13



  
Persoanlike ynfo ûnthâlde?

Snútsjes
  (Registrear dyn brûkersnamme / oanmelde)
 

© Skanomodu