Aktiviteiten:

Moandei 6 septimber
Moandei 6 septimber
Woansdei 8 septimber
Sykje / Tag cloud



Omrop Fryslân

RSS



Nijsgjirrich: biografy Fedde Schurer

28 maaie 2010 - 08:57
Publisearre troch Froukje
Fedde Schurer (1898-1968). “Biografie van een Friese koerier”

Troch: Froukje Sijtsma
(nei in oersetting fan it parseberjocht oer de promoasje fan Johanneke Liemburg, ek skreaun troch Froukje Sijtsma)



Op 25 maart 2010 promovearre Johanneke Liemburg oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Sy ferdjippe har yn it libben fan Fedde Schurer troch de archiven yn te dűken en te praten mei minsken dy’t him noch kend hawwe. Schurer (1898-1968) skreau skiednis as űnderwizer, politikus, dichter en haadredakteur fan de Friese Koerier. By de PvdA wie hy tige warber yn ‘e striid foar lykberjochtiging fan de Fryske taal. Liemburg beskôget Schurer as ien fan de meast garistmatyske lieders út de Fryske beweging, dy’t in soad maatskiplike diskusjes oan ‘e kaak steld hat.

Skieding religy en polityk
Schurer wie űnderwizer op in griformeerde skoalle yn De Lemmer. Yn 1929 waard hy aktyf foar de Christelijk-Democratische Unie. De antimilitaristyske opfettings fan ‘e CDU wienen it skoalbestjoer en de tsjerkeried net nei de sin, mar Schurer woe gjin ôfstân dwaan fan it pasifisme. Hy krige űntslach en gie by de grifformeerde tsjerke wei. Dat konflikt waard troch de lanlike media oppakt. “Foar maatskiplike foarútgong wie it neffens Schurer nedich om religy en polityk fan inoar los te meitsjen,” sa seit Liemburg. “Dyn leauwen moat net dyn politike foarkar bepale.” By de oprjochting fan de PvdA waard Schurer fuortdaliks lid. Fan 1956-1963 sette Schurer him as Twadde Keamerlid yn foar ‘De Doorbraak’. Hy űnderskiede him op ‘e nij mei in pasifistysk minderheidsstânpunt.

Oandiel yn Kneppelfreed oerskat
Yn ‘e jierren fyftich koe it Frysk yn in soad offisjele domeinen brűkt wurde, mar net yn ‘e rjochtbank. Dat sinde Schurer net en dęrom skeau er in provosjearend artikel oer it ‘kinderachtige, beledigende en treiterende optreden’ fan in rjochter, dy’t die as ferstie er it Frysk net. Schurer moast dęrop foarkomme. De rjochtseal bliek te lyts foar it publyk en in knokpartij tusken boargers en plysje folge. De Fryske kwestje waard yn ‘e ministerried besprutsen en levere úteinlik mear rjochten op foar it Frysk. Liemburg: “It sukses fan Kneppelfreed wurdt faak oan Schurer taskreaun. Dy situaasje is him lykwols oerkaam, mar hy hat it maksimaal benut. Net drekt troch Schurer syn optreden, mar troch de gewelddiedige plysjemanlju is de situaasje yn 1951 eskalearre.”

Taalstriid
Schurer hat syn libben lang striden foar de lykberjochtiging fan it Frysk. Hy sette yn ‘e oarloch alle psalmen oer sadat it Frysk ek yn tsjerke in lykweardich plak krije koe. Liemburg: “Nei de Twadde Wrâldoarloch wienen der genôch rjochten foar de Fryske taal. It fundamint wie lein. Schurer fűn dat de Friezen no sels foar de bouwurken soargje moasten. Hy skreau yn 1946 it artikel ‘De bining forbritsen’. Schurer fűn it tiid dat it Frysk him los fan de Fryske beweging fierder űntjaan koe.” Neffens Liemburg toanden de Friezen nei de oarloch in soad ynteresse yn ‘e eigen regio en taal, mar wie dat inkeld in tydlike tendins.

Dichter mei garisma
Fedde Schurer wie in breed űntwikkele en garistmatyske man. Dochs sjocht Liemburg him benammen as dichter. “Hy besiet it talint om de skjintme fan de Fryske taal op in prachtige en linige wize te ferwurdzjen. Syn ferzen wurde oant de dei fan hjoed foardroegen. Oersettings fan syn hân binne ek fan goeie kwaliteit.” Schurer woe sjen litte dat der yn Fryslân ek serieuze literatuer bestie, lykweardich oan de Nederlânske.

ien reaksje

Kneppelfreed (devil)
DJ - Tongersdei 3 juny 2010 - 14:05



  
Persoanlike ynfo ûnthâlde?

Snútsjes
  (Registrear dyn brûkersnamme / oanmelde)
 

© Skanomodu