Tag Archives: Skôging

mienskip

De mienskip ûntmaskere (5)

It fyfde en lêste part yn de rige oer de ûntmaskering fan it begryp ‘mienskip’ yn Fryslân.
 
Yn de foarrige bydrage bin ik begûn mei it fertellen fan it ferhaal fan de Fryske mienskip. Doe bin ik by sawat 1880 opholden. No gean ik fierder.
 
Nei Het rode tasje…
Jensma (1998) hâldt likernôch op om 1880 hinne. De (ferbylde) mienskip is kreëarre en kin fierder groeie. Yn syn ynaugurele rede ‘Zo, dan zijn we dus toch nog familie van elkaar’ (2009)[1] giet Jensma yn op de perioade nei 1880.
It is de tiid fan de Fryske beweging. Dy griep werom op it Frysk Selskip, en dan benammen op Harmen Sytstra, en net op it Frysk Genoatskip (Jensma, 2009, s. 4). It selskip hie in mobilisearjend karakter: se joegen stal oan de Fryske mienskip en woene dy sa grut mooglik meitsje en minsken bewust meitsje fan har Frysk-wêzen. Dêrneist setten de lju fan it Frysk Selskip har hieltyd mear ôf fan de Hollanner; yn Hollân, mar ek yn harsels. De dream wie in ientalich Frysk Fryslân. Al dy saken naam de Fryske beweging oer (ibidem, s. 4).
Yn de beweging wie sprake fan in sterke mobilisaasje, dy’t neffens Jensma past yn it algemiene patroan fan in tanimmende partisipaasje yn de maatskippij yn Nederlân, sa’t ek yn de ferpyldering oan de oarder wie (ibidem, s. 4). Grutte klam lei op it rekrutearjen fan jongerein, dêr’t Douwe Kalma mei syn Jongfryske Mienskip it Fryske foarbyld fan is. Dy Mienskip past yn de opkomst fan de jongereinkultuer yn it algemien yn dy tiid (ibidem, s. 4). It soe de bloeitiid wurde fan de Fryske kultuer, yn it bysûnder dy fan de tydskriften. Alle organisaasjes, út watfoar hoeke dan ek, hiene in eigen blêd. Nea earder waarden der tagelyk sa’n soad Frysktalige tydskriften útjûn as om de Twadde Wrâldoarloch hinne (ibidem, s. 4).
Dy oarloch stûke de bloeitiid: de Fryske nasjonale myte kaam oan syn ein. Foar de oarloch wie de kultuer in saak fan partikulier inisjatyf, fertsjintwurdige yn bygelyks selskippen. Nei de oarloch sette de oerheid him lykwols bewust yn foar it Frysk, der soe in balâns ûntstean tusken partikulier inisjatyf en oerheidsstipe (Jensma, 2009, s. 6). Wol wie it de bloeitiid fan de Fryske literatuer (Jensma, 2009, s. 6-7).
Dat koe om’t de Fryske kultuer in typyske ‘reading community’ wie: “… een cultuur van lezers die in hoge mate afhankelijk was van de mogelijkheden van het gedrukte woord, van de opkomst van kranten en tijdschriften als massamedia.” (Jensma, 2009, s. 5). Dy ‘reading community’ kaam stadichoan ûnder druk te stean, mei troch de opkomst fan radio, tillevyzje en resinter ynternet: “De ooit zo bloeiende Friese literatuur is echter een ‘klein zichzelf bestuivende incrowd’ geworen, een schrijverscommunity die grotendeels op internet functioneert, maar die nauwelijks nog een lezerspubliek weet te mobiliseren (Jensma, 2009, s. 7-8). De ferbining mei de mienskip liket fuort. Mooglik dat Ljouwert2018 dat wer werombringe kin.

De Fryske mienskip yn 2015 en fierder
Jensma (2009) stelt dat de Fryske kultuer yn de njoggentjinde himsels definearre en mobilisearre yn termen fan ferlies. Dy eigenskip hat yn dizze rige al earder oan de oarder west, dêr’t út bliken die dat it net spesifyk Frysk is. Jensma konkludearret yn resintere artikels dat ferlies yn de hjoeddeiske kultuer noch sterk oanwêzich is. Spesifiker sjocht hy in spanningsfjild tusken oan de iene kant it byld fan de autentike, oerlevere Fryske plattelânskultuer en oan de oare kant de modernisearring en ynnovaasje: “Het is het scharnier waarop de cultuur in Friesland – en tot op zekere hoogte natuurlijke iedere nationale of regionale cultuur – draait.” (Jensma, 2008, s. 25).
Twa jier letter nimt Jensma in radikaler stânpunt yn. It spanningsfjild soe ta in konflikt wurden wêze, sels ta in trauma: “Schrikbeelden zijn het! Ze zijn het probleem van Friesland.” (Jensma, 2010, s. 208). Modernisearring hat de foarm fan tradisjonalisearring krigen, wat de tagong ta de moderniteit ûntseit. Hy stelt dat ek oan Fryslân de ‘vergruizing’ fan de maatskippij net foarby gien is (Jensma, 2010, s. 212).
Jensma sinjalearret guon ferskowings yn de Fryske kultuer. Alderearst is it begryp ‘Frysk’ mooglik fan karakter feroare. De Fryske kultuer soe stadich ferrane mei in globale, heal-firtuele kultuer: “De publieke ruimte heeft bovendien een hybride karakter gekregen, is een mengsel van fysieke en virtuele werkelijkheid geworden waarin informatie zich grenzeloos snel kan verspreiden en waarin de kangoeroe dus inderdaad rustig naast de kieviet kan gaan liggen.” (Jensma, 2008, s. 34). Dat is it proses dat wy earder ek by Delanty (2010) sjoen hawwe en hat dus syn konsekwinsjes foar de Fryske mienskip.
In oare ferskowing is dat de kultuer út de njoggentjinde en begjin tweintichste ieu benammen talich en op ’e kennis rjochte wie, wylst de kultuer tsjintwurdich mear bestiet út sprekkende ikoanen as wetter, sport, lânskip, kultuer en lânbou. (Jensma, 2008, s. 26). Dêrneist soe de kultuer hieltyd minder in selsrepresintaasje wêze, mar earder in presintaasje oan de bûtenwacht. De kultuer is net langer yntern rjochte, mar is iepener, nei bûten rjochte (Jensma, 2008, s. 27). Koartom: de Fryske mienskip, dy’t yn de kultuer heart, wurdt in iepen mienskip. Yn dy ûntwikkeling past de titel fan it bidboek fan Ljouwert2018.
Yn myn eagen past net allinne de titel yn de algemiene ûntwikkeling fan de (Fryske) kultuer, mar ek de folsleine opset fan Ljouwert2018. Earder yn dizze rige neamde ik al dat de Fryske kultuer nei de Twadde Wrâldoarloch hieltyd mear in saak fan de oerheid waard en dat inisjativen minder út de mienskip kamen. De ôfrûne desennia is dat allinnich mar mear wurden (Jensma, 2008, s. 31). No liket dy beweging in ommekear te nimmen. Anno 2015 komt der hieltyd mear omtinken foar inisjativen fan ûnderen op yn stee fan boppenôf. Sa set it kabinet Rutte-II yn op desintralisaasje fan de soarch (Regeerakkoord, 2012, s. 24).
De organisaasje fan Ljouwert2018 set yn oanrin nei 2018 ek yn op ideeën út de mienskip wei. Minsken en groepen kinne  inisjativen oandrage (Stipe2018, 2015). Dat brekt dus dúdlik mei de tradysje dy’t him yn de foarrige ieu ûntwikkele hat, al is it beslút om mei te dwaan oan de ferkiezing, iroanysk genôch, fan boppenôf nommen.
Ik fyn it in nommel stribjen, mar sûnder in dúdlike struktuer en wurkwize sil dat net slagje. Op dit stuit is dat it gefal: it wurdt noch te folle fan boppenôf oanstjoerd en de mienskip is net ynljochte oer de struktuer, de wurkwize, de foarderingen ensafh. Yn in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante konkludearre ik dat Ljouwert2018 de bining mei de Fryske mienskip hast ferlern is (Reitsma, 2014). In jier letter is dat net better wurden. Yn har ferkiezing waard mei termen as ‘iepen mienskip’ de Fryske mienskip tige serieus nommen, mar dat bliuwt yn de útwurking oant no ta achter. De mienskip draacht by oan it mooglike súkses fan Ljouwert2018.
Ut de analyze fan Jensma (2008) en (2010) blykt dus dat Ljouwert2018 hiel wat feroarje moat om it ta in súkses te meitsjen. Ljouwert2018 hat de útdaging oppakt om mei de mienskip oan de slach te gean en dy sterker te meitsjen. Om mei-inoar yn petear te gean oer de Fryske kultuer/mienskip/identiteit en it mooglike ferlies in plakje te jaan. Dat petear fynt hieltyd mear online yn stee fan offline plak, sa’t dúdlik wurden is yn dit stik oant no ta. Ljouwert2018 set dêr dan ek op yn. Ik bin der fan oertsjûge dat mei Ljouwert2018 as motor dat slagje kin en slút dan ek oan by de konklúzje fan Jensma (2010): “Trek toch de Friese cultuur en het Friese landschap eens achter dat glas vandaan, haal het uit de stolp, ruk het uit de vitrines in het museum, maak het weer werkzaam. Benoem het verleden, leef met het verlies en doe dat in zo breed mogelijk fora. Probeer debatten te faciliteren. Verleid kunst en literatuur om het engagement met dit probleem van authenticiteit en vernieuwing te benoemen. (…) De oplossing ligt in het benoemen van het probleem, in het maken van tekst, in het herformuleren van de waarde van Friesland, in de creativiteit van het nu.” (Jensma, 2010, s. 220).

De stikken yn dizze rige binne basearre op in essay dat Meindert Reitsma skreaun hat foar syn oplieding Europeeske Talen en Kultueren, mei as spesjalisaasje it Frysk.

Lês ek de earste fjouwer dielen: De mienskip ûntmaskere (1), De mienskip ûntmaskere (2),  De mienskip ûntmaskere (3) en De mienskip ûntmaskere (4).

Noaten
[1] De rede is nea op papier ferskynd, mar is wol op it ynternet te finen (sjoch boarnen).

Boarnen
Delanty, G. (2010) Community. Londen: Routledge.

Jensma, G.T. (1998). Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw. Ljouwert: Fryske Akademy.

Jensma, G.T. (2008). Kangoeroe naast kieviet. Over beeldvorming en overdracht van Friese cultuur en geschiedenis. It Beaken, 70(1/2), s. 23-40.

Jensma, G.T. (2009). ‘Zo, dan zijn we dus toch nog familie van elkaar’. Mobilisatiestrategieën in de Friese beweging en de toekomst van de frisistiek. Ynaugurele rede. Rieplachte op 25-10-2014 fia http://www.academia.edu/3646685.

Jensma, G.T. (2010). Plat land, diepe geschiedenis. Friesland als trauma. De Vrije Fries, 90, s. 207-222.

Regeerakkoord (2012). Bruggen slaan. Regeerakkoord VVD-PvdA. Rieplachte op 12-01-2015 fia http://www.parlement.com/9291000/d/regeerakkoord2012.pdf.

Reitsma, M. (2014). KH2018: ljochtsje de mienskip yn. Leeuwarder Courant, 11-11-2014.

Stipe2018 (2015). Thússide. Rieplachte op 12-01-2014 fia http://stipe2018.nl/ (link wurket net mear).