Tag Archives: meartaligens

Sigridartikel

Reisferslach Pécs, Hongarije

De bestimming: it Peaskekongres, in seminar mei in ynternasjonaal selskip fan minderheden yn Europa. Dat wurdt alle jierren organisearre troch de YEN, de Youth of European Nationalities. De Fryske ôffeardiging wurdt troch it FYK mooglik makke, de jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt. Ik reizige op sneon ôf yn poerbêst selskip fan FYK’ers Nina Peckelsen en Ydwine Scarse. Fan Grins nei Pécs is it maklikst te dwaan mei it fleantúch fan Eindhoven nei Boedapest en dan mei de trein nei Pécs. Mei mekoar hast tolve oeren, want de trein, hoewol keurich op tiid en netsjes mei reservearre sitplakken, woe net hurder as 70km yn ’e oere. It Hongaarske lânskip liet te winskjen oer, al wie de maitiid hjir al wat fierder as yn Nederlân. Nei in pear gloaiingen en wat earmoedige groepkes bepleistere hûzen kamen we op stasjon Pécs oan. In folslein oare styl as Boedapest mei súdlike ynfloeden en sûnder dúdlike spoaren fan it kommunistyske ferline dat yn Pest sa prominint is. It sintsje skynde, it wie noflik waarm en de beammen stienen oeral yn de stêd al yn de bloesem.

Wy waarden fan it stasjon ophelle en nei it hotel brocht dêr’t wy ús ynskriuwing ôfhannelen. Nei’t wy ús keamer opsocht hienen, koenen we ek fuort jûnsite, mei sechstich man oan fjouwer rigen tafels. Sop foarôf en grutte stikken panearre bargefleis mei rys as haadgerjocht sette de toan foar sawol it middeisiten as it jûnsiten fan de rest fan de wike. Hongaren binne echte fleisiters en de fegetariërs krigen fakernôch fisk foarset en sels sop dêr’t se it fleis útfiske hienen. It iten wie oer it gehiel goed yn te nimmen, mar it wie gjin represintative ôfspegeling fan de Hongaarske keuken, lit stean kulinêr yndrukwekkend.

De taal dêr’tst yn Hongarije njonken Hongaarsk it bêste mei út de fuotten kinst, is Dútsk. Der sit ek in grutte Dútske minderheid yn Hongarije. Dútsk wie njonken Ingelsk ek de omgongstaal ûnder kongresgongers. Stadichoan kamen wy mei mekoar en ús eftergrûn yn de kunde troch nei it iten wat kennismakkingsspultsjes te dwaan. Der wienen in soad minsken dy’t in Sloveenske minderheidstaal praten, út ûnder oaren Roemenië en Itaalje. East Europeanen wienen sterk yn de mearderheid. Der wienen fierder Sorben, Deenske Dútsers, Poalen, Kashuben, Dútske Aussiedler, Masedoaniërs, in Belg, in Noardfries en fansels de Hongaren dy’t fan’t jier ferantwurdlik wienen foar de organisaasje fan it kongres. Dêrnei wie it offisjele diel fan de dei foarby. Guon gongen noch nei de kroech om de hoeke, mar in soad wienen wurch fan de reis en gongen betiid op bêd.

De twadde dei hienen wy earst in stedstoer. Yn fiif groepkes koenen wy sels oan de hân fan in fragelist en in kaart in rûte rinne om dingen oer de stêd te ûntdekken. It wie prachtich waar en wy dienen alle war om de wedstryd te winnen en boppedat de moaiste foto te meitsjen. Dêrnei folge in saneamde Newbiemeeting mei de minsken dy’t foar it earst in Peaskekongres meimeitsje. It die bliken dat sawat ientredde fan de dielnimmers foar it earst mei gong. De organisaasje fertelde wat oer de YEN struktuer en we dienen noch wat energizers en nammespultsjes.

Nei it middeisiten wie it tiid foar de workshops. Der wienen fiif workshops: E-Youth Participation, Motivating and Activating young People 4 action, Multilingualism and language diversity, Identity and culture of the Germans in Hungary en Grass-root journalism and online-campaigning. Dy lêste workshop, dêr’t ik oan meidie, hie as doel om better omgean te learen mei it fieren fan kampanje en alles wat derby heart. Fan it betinken fan in idee oant it uploaden fan it einprodukt binne alle fasetten oan bar kaam, ynklusyf in fluchkursus sjoernalistyk en fideobewurkjen. Wy ha ús talein op it medium vlog (videoblog) om de kampanje DiversityConnects te ferbetterjen. Dêrfoar hat elke dielnimmer in filmke opnommen fan in ferhaal oer in ûnderdiel fan harren thúskultuer dat meastal ûnderbeljochte bliuwt, mar wol hiel nijsgjirrich en faak herkenber is foar minsken út oare minderheidsgebieten. It doel fan de kampanje is om minsken bûten de organisaasjes te berikken en mear begrip te kreëarjen by minsken dy’t net in minderheidstaal prate.

Nei de workshops waard it kongres offisjeel iepene mei in wurd fan wolkom fan de organisatoaren en trije taspraken fan politisy oer harren fyzje op minderheden en relatearre ûndersyk dat guon sels útfierd hienen. De iepening rûn wat út en dêrmei it jûnsiten ek. Nei it iten stie der in diskusje op it programma oer de flechtelingekrisis dy’t sterk stjoerd waard troch in sjoernalist dy’t net begripe koe wêrom’t Europa net alle flechtelingen helpe soe. Der sieten ek Hongaarske politisy yn de seal mei de miening dat solidariteit net in opsje wie foar Hongarije om’t de eigen befolking der al sa hurd oan lûke moast. Dy twa kanten hienen de oanlieding jaan kind foar in nijsgjirrige diskusje, mar dy kaam net fan de grûn, mei troch de grutte fan de groep. Faaks wienen minsken yn it begjin fan de wike ek wat foarsichtiger mei sterke útspraken. Yn de rin fan de wike kaam it ûnderwerp yn petearen ûnderling wol wer in pear kear op it aljemint.

De tredde dei wie in dei mei moarns en middeis workshops. It moaiste foar mysels wie dat we in fraachpetear mei mekoar ôfnommen ha en ik keppele wie mei in Roma. Ik wist net in soad fan Roma, mar kaam der sadwaande achter dat dy oarspronklik Indyske minderheid ôfgryslik diskriminearre wurdt. Yn Roemenië wurde de Roma bern op skoalle bûtensletten en de minsken wurde faak mei de rêch oansjoen. Se fertelde dat har âlden har dêr net foar warskôge hienen en dat dat foar har as bern lestich wie. De lêste tiid wurdt de situaasje better en ynternet helpt in soad om de mienskip sterker te meitsjen en gearkomsten te organisearjen om foar harsels op te kommen. Roma ûnderling fiele in hiele sterke bân, ek al komme se út ferskillende lannen en kenne se mekoar net.

Elkenien seach út nei de jûn, want it wie tiid foar de Exchange Market. Alle minderheden presintearje dan harren kultuer mei yn ús gefal bearenburch, sûkerbôle, dúmkes en oare fretterij, gedichten fan my, de populêre FYK you-stikkers en promoasjemateriaal foar de stúdzje Minorities and multilingualism. It waard in lange smûke jûn mei in soad dûns, sawol tradysjoneel as free style. Benammen de Hongaren fan de organisaasje koenen hiel goed rock ’n roll dûnsje. Wy namen ôfskied fan ferskate foaroardielen oer kultueren, mar der waard ien foaroardiel mei grutskens befestige: East-Europeanen binne gek op alkohol.

Tiisdei wie wer in dei mei workshops. Koest fernimme dat de Exchange Market in oanslach dien hie op de oanwêzigens en de konsintraasje fan de dielnimmers. Yn de frije tiid leinen in protte dielnimmers efkes yn it swimbad op de ûnderste ferdjipping fan it hotel. De jûns waarden wy alfêst klearmakke foar de Algemiene Ledegearkomste fan de YEN dy’t op tongersdei de hiele dei holden wurde soe. In ferslach fan it jier, de presintaasje fan de balâns en de bestjoerswiksels soenen dan plakfine. Wy krigen as Friezen mei ús trijen ien boekje dêr’t alles yn stie om it alfêst troch te lêzen.

Woansdei soenen wy der de hiele dei op út om twatalige plakken oan te dwaan yn Hongarije. Wy ha in lânboumuseum besjoen om’t lânbou foar de measte minsken út de regio noch de grutste boarne fan ynkomsten foarmet. It museum wie folslein yn it Hongaarsk, mar de útlis fan de gidsen waard hieltyd keurich oerset yn it Dútsk en it Ingelsk troch de organisaasje. Yn Bóly en Székelyszabar ha wy yn in mûne, yn in histoarysk kultuermuseum en op in biologyske natuerbuorkerij west. Op de pleats ha wy earst hearlik sop iten en dêrnei sels bôle en bûter makke. Bûtenom wie in soad ferdivedaasje lykas hynsteriden en in blokje om yn in orzjinele Deux-chevaux. Hjir ha de trije groepen ek it einresultaat fan de workshops oan elkoar presintearre. De filmkes sille brûkt wurde foar de kampanje DiversityConnects. http://www.yeni.org/DiversityConnects/

Nina en Ydwine ha mei harren workshop de ôfdieling Germanistyk op de universiteit en in Dútske middelbere skoalle besocht. Se pakke it dêr folslein oars oan as yn Fryslân. Wy binne tige foarsichtich (en negatyf) mei it Frysk, mar dy skoalle wol alles dêr sa Dútsk mooglik meitsje. De dielnimmers fan harren workshop ha dêr in les jûn en gongen yn petear mei de learlingen oer trije ûnderwerpen (wat is in minderheid; wat binne swierrichheden en foardielen; wat kinst dwaan foar it behâld fan in minderheid?) om ôf te sluten mei in koarte kwis oer meartaligens.

Hjirnei binne wy mei de bus nei Villány riden om dêr by in wynpriuwerij in hapke te iten. Hoewol’t it kwa waar de minste dei fan de wike wie, wie it foar my persoanlik de moaiste dei dêr’t wy it measte sjoen ha fan de Hongaarske kultuer. Jûns ha guon fan ús nei in dûnsklup west yn de stêd om ek wat fan it nachtlibben mei te krijen. In hiel serieus en skattich famke fan myn workshop sloech sûnder der oars fan te wurden twa dûbele tequilla achteroer. Doe’t se murk dat ik har reaksje ôfwachte, sei se: ‘We binne thús folle sterker wend.’ Wy ha it let makke om’t it koe: de workshops wienen ôfsletten.

De lêste folle dei mei it langste programma wie tongersdei. Fan de Fryske ôffeardiging hat Nina sit nommen yn it bestjoer as convenor foar Communication. Ydwine hat har mei tsien oare minsken ynskreaun foar de wurkgroep Minority righs and politics. Sels ha ik my noch net bûn oan in wurkgroep of kommisje, mar ik soe graach helpe wolle om yn 2018 in seminar yn Fryslân mooglik te meitsjen. Nei de lange gearkomste ha wy de jûn ôfsletten mei in ôfskiedsfeest yn de omboude ytseal. In aardige Hongaarske coverband spile fan alles wat en sa gong it troch oant yn de nacht. De moarns derop binne wy troch de organisaasje werom nei it stasjon brocht om jûns werom te kommen yn it noarden.

Bist sels tusken de 18 en 35 jier en liket it dy moai om goedkeap sa’n multykulturele wike yn it bûtenlân mei te meitsjen, nim dan efkes kontakt op mei it FYK. skriuwer@fyk.nl Yn de simmer stiet bygelyks it Diversity Festival op it programma dat fan’t jier yn Moskou holden wurdt. Betink wol wêr’tst oan begjinst: it is tige ferslaavjend!

By fjirtich jier frijheid: Suriname, Fryslân en De Tsjerne

12290645_1650189185240128_2145219943_o

Hjoed fjirtich jier lyn waard Suriname ûnôfhinklik fan it Nederlânske keninkryk, it resultaat fan de nei-oarlochse opkomst fan in Surinaams kultureel en nasjonaal bewustwêzen dat him foar it earst yn organisearre foarm yn Nederlân manifestearre mei it ferskinen fan it … lês fierder

It is hjoed kommeedzje yn tsjerke

CIMG4641b

Yntroduksje Yn it foarste millennium wie Latyn de iennichste taal dy’t yn de kristlike tsjerke brûkt waard. Mei de reformaasje yn de sechtjinde ieu, waard de bibel yn ferskate Europeeske folkstalen oerset, mar net yn it Frysk.[i] Dat is noch hieltyd … lês fierder