Tag Archives: kollum

DSC02462 (2)

Ferbûn oan Fryslân

Ik bin Tjitske Kommerie en ik kom út Fryslân. Sa stel ik mysels altyd foar. Se hearre dochs wol dat ik in aksint haw en dan bin ik wol sa freonlik om sels direkt mar te sizzen wêr’t ik wei kom. Dat besparret in soad gedoch. Net dat ik it slim fyn dat ik in aksint haw, hielendal net. Ik fyn it sels wol wat hawwen. It makket my oars en dêr bin ik grutsk op. Hoefolle minsken kinne sizze dat se mei it Frysk grutbrocht binne en it Frysk as earste taal hawwe. Wannear’tst neigiest dat sa’n 350.000 minsken Frysk as memmetaal hawwe, liket  it net sa bysûnder, mar op de hast 7,5 miljard minsken dy’t der op ierde binne, is dat net safolle. Ik kin dan sizze dat ik by dy 0,005 persint hear, dy’t Frysk as memmetaal hat. Dat fyn ik wol bysûnder.

Ik wit ek wol dat ik der neat oan dwaan kin, dat ik yn Fryslân berne bin, mei in heit en mem, dy’t beide Frysk prate. Foar itselde jild wie ik earne yn in hutsje yn Papoea-Nij-Guinea berne en hie ik nea witten dat der ek minsken binne dy’t Frysk prate en skriuwe. Ik moat sizze dat ik bliid ta bin dat ik net yn Papoea-Nij-Guinea berne bin, mar yn Fryslân. Ik hâld fan it Fryske lânskip, mei yn de simmers fan dat moaie griene gers en in strakblauwe himel. Ik hâld fan de winter wannear’t ik yn it wrydske lânskip de snieloft al oankommen sjoch. Ik hâld derfan wannear’t it friest en alle sleatsjes en iisbanen mei minsken folstreame, dy’t allegearre reedride wolle. Dat fyn ik allegearre sa by de Fryske taal en kultuer passen. Foar my binne Fryslân en it Frysk ûnskiedber mei-inoar ferbûn, ja mei-inoar yn myn hert ferbûn.

Ik fyn it moai om oare minsken mei it Frysk plat te goaien. Wannear’t ik yn Grins bin en ik hear minsken ‘er gaat niet boven Groningen’ sizzen, dan is myn reaksje altyd: ‘Er gaat wel wat boven Groningen, namelijk Schiermonnikoog en bij mijn weten hoort dat altijd nog bij Friesland’. Dan hawwe se net folle mear te sizzen.

Dat Grinslanners it oer it algemien net sa op Fryslân hawwe, sil foar de measte Friezen gjin nijs wêze. Wat ik wol aardich fyn, is dat hoe fierder oft minsken fan Fryslân fuort wenje, hoe ynteressanter oft se it Frysk meastentiids fine. Wannear’t wy nei it suden fan Nederlân op fakânsje giene en we krigen wat kontakt mei oare minsken, dan wie ien fan de earste fragen dy’t steld waarden, nei’t se derefter kamen dat wy Friezen binne: ‘Zeg eens wat in het Fries’ wat folge waard troch: ‘hoe zeg je … in het Fries?’. It moaiste wie wol doe’t wy in pear jier ferlyn yn Dútslân op fakânsje wiene en de hiele camping mei it follybaljen ‘meppe mei dy beppe’ rôp. It hie net sa hiele folle betsjutting, mar it wie in spreuk om krêft by te setten en sa de bal oer it net te krijen.  It wie ien fan de pear kearen dat ik meidwaan mei follybaljen leuk fûn en by myn witten is it ek de lêste kear west dat ik aktyf meidie mei sporten wannear’t it net ferplicht wie. Net dat it no fan dy spreuk kaam, mar it makke wol dat ik my mei myn aksint akseptearre fielde en dat wie al hiel wat.

Sa liket it wol dat ik hiel Frysknasjonalistysk bin, mar dat falt wol wat ta. Ja, ik hâld fan de Fryske taal, kultuer en it lânskip, mar dêr is ek hast alles wol mei sein. Wannear’tst Frysknasjonalistysk bist, haw ik foaral it idee, datst wolst dat Fryslân ûnôfhinklik wurdt. Dan falt it mei my noch wol wat ta, want safier is it by my nea kaam. Sokke útspraken fan ûnôfhinklikheid gean my te fier. Ik bliuw nochter, ik bin ommers in Fries. Ik tink dat soks neat wurde kin. Fryslân is ekonomysk net krêftich genôch om sels foar foldwaande ynkomsten te soargjen, miskien op koarte termyn wol, mar langduorjend net. Fryslân rint no al stadichoan leech, op lange termyn al hielendal en dan is Fryslân as lân net mear fol te hâlden.

Ik tink ek dat de kleau tusken Hollanners en Friezen te lyts is. Ja, we hawwe in oare taal, mar dat is ek alles. En sels dy taal wurdt sterk troch it Nederlânsk beynfloede. Om de ferskillen dan grutter te meitsjen, soene we it Frysk Frysker meitsje moatte. De Nederlânske ynfloeden moatte dan troch besteande of nije Fryske wurden ferfongen wurde. Op skoallen soe it dan better wêze dat bern allinnich yn it Frysk les krigen en dat it Nederlânsk ôfskaft waard. Dat liket allegearre moai en aardich, mar is it ek te realisearjen? Ik tink fan net, om’t der dan in soad partisipaasje fan de boargers frege wurde moat. De Friezen moatte dan sels aktiver mei de taal oan ‘e gong en dêr stiet de holle fan de Friezen net nei. Hjoed-de-dei libje minsken, ek Friezen, hast allinnich noch mar foar harsels; se kinne en wolle har net mear mei-inoar foar eat ynsette.

Mar om’t  Fryslân as lân net te realisearjen is, kinne we net sizze dat it net wichtich is om oan it Fryske taalgebrûk te wurkjen. Want wat better datst in taal brûke kinst, wat better datst dyn tinzen oan oare minsken trochjaan kinst. Dan wurde we wer mear oan ús taal, inoar en de provinsje ferbûn, sadat it Frysk ek foar kommende generaasjes beholden wurdt.