Tag Archives: Joël Huitema

IMG_20160302_205353

Tinkflecht

Wêrom sit ik hjir? Wat
haw ik dien, tink ik.
Ik tink en ik tink.
Wolk foar de sinne.
Hy is fan tochte jiske.
Sy is de jûn en ferkleuret,
oft sy no wol of net.

Wêrom haw ik dat? Wêrom
soe ik eat misdien hawwe?
Ik tink it jûns, ik tink it nachts.
Ik tink en ik tink.
Sy hat betsjutting en ek net.
Sy lit de klok tikje en har
wol ‘k sjen mar it glês bliuwt glês.

Wat, tink ik. Wat tink ik
goed en wat tink ik ferkeard?
Ik tink en ik tink.
Ik wit, ik wol fuort.
Hy is it tinken fan jiske
en him haw ik faak,
fyn ik faak, want ik tink.

En ik wit, oft ik wol of net,
dat ik dit plak, dit brochte plak
nedich haw.

Foto foarside: fragmint út in skilderij fan Ria Walstra.