Tag Archives: identiteit

plaatsje skano

Yn ‘e wrâld útfanhûs

Men heart wolris fan dy romtinkende gruttinkers dy’t harsels in wrâldboarger fiele. Ik haw my dêr eins noait mei identifisearje kinnen as simpele Fries dy’t him ek op profesjoneel mêd mei in regionaal taaltsje dwaande hâldt. Lykwols komt dy fraach my no’t ik yn Denemarken tahâld wolris faker op. Benammen ek om’t ik nei it Deenske aventoer oare plannen haw en my ien, twa, trije net wer (definityf) yn Fryslân fêstigje sil.

Mar wannear bist no in wrâldboarger? Yn sekere sin binne wy dat allegearre, mar lang elkenien fielt him sa net. As ik ús heit en mem dat freegje, sizze se fan nee. Sa antwurdzje ek myn broer en guon kammeraden (dy’t allegearre yn Fryslân wenje) ûntkennend. Myn âldste suster fielt har lykwols al wrâldboarger. Hja fielt har in Fries en Nederlanner, mar mei’t hja yn London wennet en faak yn Spanje komt, fielt sy har ‘(bijna) overal thuis’. Is dat de ynfolling fan de term ‘wrâldboarger’, of as jo wolle ‘kosmopolyt’? De Dikke Van Dale beskriuwt it ûnder kosmopoliet sa: ‘iemand die de gehele wereld als zijn vaderland beschouwt’. Aardich is dat it Frysk Hânwurdboek justjes fierder giet: ‘immen dy’t him oeral op ’e wrâld thúsfielt, dy’t net nasjonalistysk is, gjin foaroardielen hat’. Sy falt dus ûnder it earste part fan de definysje. Hja fielt har lykwols al Fries/Nederlanner, dus sit dêr wol it nasjonalistyske aspekt? En as men de wrâld as jins heitelân besjocht, fielt men jin ommers ek oeral thús. Dy fragen lit ik hjirby yn ’e midden, dy mei de lêzer sels beäntwurdzje. Mar ek de neikommende fragen dy’t steld wurde sille. Hjirby doch ik in lytse ferkenning, mar ik bin benammen benijd nei de fraach oft de lêzer him in kosmopolyt fielt en wêrom of wêrom net?

De kear dat it my echt oan it tinken sette, wie doe’t ik okkerdeis op it stasjon fan Århus wachte en ik op de bus fan Eurolines stappe soe om in wykje nei Fryslân ta. De sjauffeur prate gjin Deensk, gjin Dútsk, gjin Nederlânsk, mar it wie in brutsen Ingelsk. Ik koe ien, twa, trije net opmeitsje wêr’t er weikaam om ien fan dy talen te brûken. Ik begûn mei Gutentag en einige úteinlik mei in thank you. Mar is dat (ek) ien fan de eigenskippen fan in wrâldboarger, dat men ferskate talen ta jins beskikking hat dy’t men op it wenstige momint ynsette kin as skroevedraaiers yn in arkbak? Mar dan binne benammen Nederlanners, dy’t as taleminsken/-kenners bekend steane, wrâldboargers. Dan soe in grut part fan ’e wrâldbefolking dat perfoarst net wêze kinne fanwegen harren monolingualisme.

Of bist in echte wrâldboarger wannear’tst (fansels yn it Ingelsk) dysels rêde kinst trochdatst in soad kennis fan ferskate kultueren hat. Oangeande it fûstkjen yn Arabyske lannen, it wegerjen fan eat dat dy oanbean wurdt yn easterske lannen ensafuorthinne. Datst mei oare wurden troch genôch underfining en/of kennis dy op dyn gemak fielst yn ferskate lannen mei harren eigen gebrûken en kultuer. Myn broer hat al op ferskate plakken yn ’e wrâld foar in langer skoft as in wykje mei fakânsje taholden en fielt him gjin wrâldboarger. Dat men jin rêde kin yn oare kultueren jout him net it gefoel in wrâldboarger te wêzen.

Of bist in kosmopolyt wannear’tst it nijs goed folgest en witst wat der sa al geande is yn ’e wrald? Hjoed-de-dei is it ek net alhiel ûnbelangryk wannear’tst dêr fuort sels ek in útsprutsen miening by hast en dy graach fentilearreast. De hjoeddeiske yntellektueel sit net te stinnen op in stoffich souderkeammerke, mar is in man fan ’e wrâld. Ien kammeraat joech nammentlik as ien fan syn arguminten dat er him net in wrâldboarger fielde, dat er him net ‘hiel drok makket oer wat der fierder yn de wrâld allegear bart’.

Bist dan in wiere wrâldboarger wannear’t it dy net útmakket wêr’tst dy op ’e wrâld ta wenjen setst? Dy konklúzje kin ik min ofte mear lûke út de reaksjes fan minsken om my hinne. Ien antwurde yndied dat er him dan wrâldboarger fiele soe. Dat wurdt nochris befêstige troch myn suster dy’t harsels wol as wrâldboarger sjocht mei’t hja yn London wennet en in soad yn Spanje komt. Myn broer antwurde dat er him faaks wat mear Noarsk, Amerikaansk of wat dan ek fiele soe, mar altiten in Fries bliuwe soe. Ik bin wol fan miening dat men wat losser tinkt oer jins eigen (net-)bewoartele bestean wannear’t men yn it bûtenlân tahâldt foar in langer skoft. En dêrmei dus minder bewoartele is yn it lân of regio dêr’t men wei komt. Dêrtroch komt faaks ek wol mear de fraach op hoe’t men jins eigen steat beskôget.

Wat benammen nijsgjirrich is oan de fraach oftst al of net in wrâldboarger bist, is dat it in eigen kar liket te wêzen. Men fíélt jinsels wrâldboarger, ynstee fan dat men sûnder knipperjen seit, ik bín in wrâldboarger. Wylst men jinsels foarstelle soe oan in bûtenlanner dat men Fries, Kanadees, Portugees of neam mar op wêze soe.

En docht it wrâldboargerskip ek wat oan jins identiteit? Wurdt dy alhiel opslokt trochdatst sa globaal mooglik wêze wolst? Of wurdt dyn (regionale) identiteit just fersterke troch dat kosmopolitisme? Dêr is al folle mear oer skreaun en wreaun, it feit dat men weromgiet nei jins eigenheid, nei jins roots wannear’t alles grutter en mondialer wurdt. Sa liet ik it dus net in tel yn my omgean om it Frysk te brûken tsjin dyselde sjauffeur. Mar as ik hjir oer mysels fertel, sis ik altiten dat ik út Fryslân kom, in gebiet dat wol by Nederlân heart, mar syn eigen taal en kultuer hat. As myn baas hjirre de gek mei Nederlanners hat, sis ik dat ik bliid bin in Fries te wêzen om him sa werom te pakken. Doe’t ik yn Kiel studearre murk ien op dat as ik it oer positive kwaliteiten hie, dat ik dan grutsk sei dat soks oan myn Frysk komôf lei, mar as it in negative kwaliteit wie, dat it dan lei oan it feit dat ik Nederlanner wie. Nijsgjirrich spanningsfjild, komt by dat ik gjin muoite mei myn stikje Nederlânske identiteit haw. Ik haw it sels in blau moandei studearre en haw benammen ynteresse yn de Nederlânsk(talige) literatuer.

Dus, wrâldboarger yn in Frysk jaske of in Fries yn in wrâldboargersjaske? Of domwei in lytse Fries dy’t him op it wrâldtoaniel fertoant?