Tag Archives: Geart Tigchelaar

800px-Brokmerbrief

Lytse yntroduksje ta it Aldfrysk

As earste bydrage oan de temawike Aldfrysk sil yn it ûndersteande besocht wurde in lytse yntroduksje te jaan op dat tema. Der sil earst de histoaryske eftergrûn sketst wurde fan ’e tiid wêryn’t it Aldfrysk brûkt waard. Dêrnei sil de oerlevering op it aljemint komme en as ôfsluter wurdt der in priuwke Aldfrysk jûn.
Mei it Aldfrysk hawwe wy it fansels oer de taal sa tusken 1200-1550.[1] It Midfrysk is de taal fan û.o. Gysbert Japicx.

Histoaryske eftergrûn

Yn de tiid dat Karel de Grutte Fryslân ferovere, struts it Fryske gebiet út fan Sincfal (Zwin, op ’e grins mei Nederlân en Belzelân) oant de Wezer (East-Dútslân), ek wol Magna Frisia neamd. It wie doe oer mei de hearskippij fan kening Redbad.[2] De tiid dy’t dêrnei komt, wurdt wol de grevetiid neamd, om’t de Franken yn Fryslân greven oanstelden. Yn ’t midden fan de midsiuwen die him wat singeliers foar yn Fryslân yn ferliking mei oare lannen. Oeral ferankeren nammentlik de greefskippen harren ta soarte fan foarstesteatsjes. Fryslân oan ’e oare kant, ferkrûmele alhiel. Dêrtroch ûntstiene in soarte fan autonome republykjes, ek wol ‘lânsgemeentes’ of terrae neamd.[3] De East-Friezen wienen dêr earder mei, de ûntjouwing fûn al yn 1100 plak. Yn ús Fryslân – pas – yn de twadde helte fan de trettjinde iuw. Dat is de ferneamde Fryske Frijheid, ek wol it hearleaze tiidrek neamd, om’t de Friezen oars net boppe harren hiene as de Roomske keizer. Fryslân wie saneamd ‘rijksonmiddelijk’ en hat troch slûchslimme tûkens dy status ferwurven en beholden.

Hja hienen nammentlik it saneamde Karelsprivileezje opsteld wêryn’t beskreaun stiet dat de Friezen troch help fan Karel de Grutte om Rome te befrijen harren frijdom krigen hienen. Lykwols is dat in falsk privileezje, want sa wie dat hielendal net. Nettsjinsteande hie kening Sigismund yn 1417 it privileezje wol bekrêftige sadat de Friezen dus ûnder direkt gesach fan de keizer kamen te stean.[4]

Der hat him gjin adel en ridderelan foarme yn Fryslân, om’t troch it ûntbrekken fan de greeflikheid ek it lienstelsel ûntbriek. Der wurdt wol sein dat der dêrtroch eins gjin literêre wurken binne yn it Aldfrysk. Want yn in hofkultuer ûntstie datsoarte fan keunstuteringen en dêr miste de boaiem foar yn Fryslân.

Yn de tolfde iuw waarden der lykwols al kleasters stifte en troch de tiid hinne moatte dat moai wat west hawwe. Dat wie it begjin fan it optekenjen fan it Aldfrysk, ek al sil der earst en meast yn it Latyn skreaun wêze. Mar mei de kleasters en dêrmei ek it ûnderwizen kaam de skriuwkeunst yn Fryslân. En de ynfrastruktear foar sok skriuwen.[5]

Der mocht dan gjin adel wêze yn de ingste sin fan it wurd, der wie fansels wol in boppelaach fan de befolking. Yn it midden fan de fjirtjinde iuw komme wy it wurd ‘haadlingen’ tsjin. Dy haadlingen wurde wol typearre as omheech fallen boeren dy’t yn de bekende stinzen wennen – dêr’t de Skierstins yn Feanwâlden noch de iennichste oerbleaune fan is. Hja hienen soms grutte gebieten ûnder harren, soarte fan hearlikheden. Yn East-Fryslân kaam as earste in ein oan dy republikeinske frijheid. De Cirkensa’s hienen harren sadanich omheech wurke dat de hearskippij yn 1464 formalisearre waard. Ulrik Cirksena hat de basis lein, syn soan Edzard Cirksena hat it fierder útboud. De keizer hat Ulrik ta greve fan East-Fryslân beliend.

Der wurdt wol praten fan in fetemaatskippij,[6] der wie yn Fryslân in soad reboelje. Ommers, der is ûnder Friezen altiten spul, dat wie doe net oars. Albrecht fan Saksen hat fan dy situaasje gebrûk makke en in ein makke oan de Fryske Frijheid yn Westerlauwersk Fryslân yn 1498.

Oerlevering fan it Aldfrysk

De earste oerlevering fan in wiidweidige rjochtstekst is de Lex Frisionum. Dy is om ende by it jier 800 opskreaun yn it Latyn op ynstigaasje fan Karel de Grutte, dy’t yn de saneamde Leges Barbarorum alle rjochtsteksten út syn ryk opskriuwe litte woe.[7] Want it wie nammentlik sa dat it gewoanterjocht, of folksrjocht foar elk stam of gebiet ferskilde. Dus om mear ienheid, en yn alle gefallen mear ynsjoch te krijen oangeande de oerhearske folken hat er dat opskriuwe litte wollen. Dus ek fan ’e Friezen. En it moaie oan de Lex Frisionum is it feit dat der fan sein wurdt dat it in konseptferzje is. Der sitte mei oare wurden noch heidenske eleminten yn, lykas de skeining fan in timpel en bernemoard. Omdat Karel de Grutte in fûl Kristen wie, wurdt der sein dat nei alle wierskynlikheid dy bepalingen grif skrast wurden wiene wannear’t de definitive ferzje opmakke wurde soe.

Der binne in hiel pear runeynskripsjes oerlevere yn it proto-Frysk. De bekendste en âldste is in wurd fûn op in munt, Skanomodu, in wurd yn dizze rûnten net ûnbekend fansels. Dat is nei alle wierskynlikheid in persoansnamme en betsjut sokssawat as ‘skjinne moed’. De munt is te bewûnderjen yn in museum yn London. Fierders binne der noch saneamde glossen dy’t makke binne yn psalmen of oare Latynske teksten. Foarich simmer wie der in unike fynst fan it âldste Aldfrysk. It binne psalmglossen, dat wol sizze dat ien ûnder de Latynske tekst de Fryske oersetting skreaun hat. Sa stiet der ‘lesa mi’ en ‘helpe mi’. Dat betsjut dat ek de datearring fan it Aldfrysk mei in iuw nei foaren helle wurdt, sa’t Han Nijdam oan de parse te witten docht.[8]

Psalmglossen

De yn 2015 ûntdutsen psalmglossen

 

Mar it earste echte hânskrift is de Brookmer Kodeks (B1) út 1276. Dat is ien tekst, de oare hânskriften binne sammelhânskriften mei dus meardere teksten. De âldste dêrfan is it Earste Riustringer Kodeks (R1) dy’t om-ende-by 1300 datearre wurdt. Op tekstuele grûnen kin der oannommen wurde dat dat net it earste besykjen wie om Aldfrysk op papier te setten. It moat nammentlik sa west hawwe dat de skribent meardere ferzjes fan teksten hân hat. It is net rjocht dúdlik op waans ynstigaasje en wannear’t krekt dy teksten yn de folkstaal opskreaun binne. Want it Latyn wie de tradisjonele taal fan administraasje. Dus it moat wêze dat de jurisdiksje in lokale oangelegenheid waard en dat der dus net in soad bemouienis fan bûtenôf wie. Grif net lang nei 1225.

De teksten fungearren earst oraal, dus se binne âlder as op it tiidstip fan opskriuwen, hoe âld is dreech te sizzen. Der wurdt fan ien tekst, de Santjin Kêsten, in tige wichtige tekst dy’t foar it hiele Fryske gebiet op gie, wol sein dat dy weromgiet nei de Karolingyske tiid. En dan is it ek noch de fraach oft de teksten oarspronklik Frysk binne of oft se oersetten binne út it Latyn wei.

Der binne santjin hânskriften oerlevere en ien saneamde inkunabel, of widzeprintinge. Dat is in printe boek foar it jier 1500. Dat is op himsels al in seldsumheid en twads is it in seldsumheid dat it yn de Fryske taal dien is. It is dêrmei fuortdaliks ek it âldste printe boek yn de Fryske taal. Op freed sil Anne Tjerk Popkema mear oer dy ynkunabel, ek wol Druk, skriuwe hjir op Y-Skrift Skanomodu.[9]

Foar Westerleauwersk Fryslân binne der oer de tûzen oarkonden bewarre bleaun. Dat binne administrative dokuminten dêr’t bygelyks ferkeapen of soenen yn optekene binne. In hiel ryk korpus oan taal en fansels histoarje.[10]

Aldfryske rjocht

In Skandinavyske Edda of Gryske Illias ûntbrekt yn it Aldfrysk. Wy moatte it dwaan mei almeast rjochtsteksten. Mar om’t dy teksten sa rynsk fan taal binne en der in hiele gedachtewrâld efter sit, binne se perfoarst net minder nijsgjirrich. Der binne lykwols wol prozayske teksten, lykas de sêge fan de trettjin asega’s.[11]

Ek al binne it almeast rjochtsteksten, it falt fuort op hoe poëtysk it taalgebrûk is. Hjoed-de-dei treffe wy allinnich mar keale en klinyske rjochtstaal oan. Doedestiids wie de kultuer benammen in oralenien, wat safolle betsjut as dat de teksten mûnling oerdroegen waarden en letter as orale teksten opskreaun binne. Tink dêrby oan Homearus, dy brûkte in hiel soad deselde formulearrings en makke gebrûk fan rym en metrum. Dêrtroch kin men in tekst makliker memorisearje. Yn ûndersteande tekst komt de typyske Germaanske stêfrym of alliteraasje foar: ple and plicht, setta and sella ensafuorthinne. Benammen de bruorren Grimm wiene grutte bewûnderers fan dat ‘Poesie im Recht’. Poëzij en it rjocht wiene mei-inoar út itselde bêd kommen. Oare moaie foarbylden binne heta hunger en bygelyks benena borch, resp. ‘hite honger’ en bonkeboarch foar ‘limoer’.

Lykwols wurdt der tsjintwurdich ek wol sein dat yn ’e tiid fan it opskriuwen ek gauris dy trúkjes just kultivearre waarden. Dy stylfigueren waarden der mei sin yn pleatst om de tekst sels wat op te snolkjen. It lêste wurd sil dêr noch wol net oer sein wêze. It nimt hoe dan ek net wei dat it Aldfryske korpus sa moai fan taal is.

Priuwke Aldfrysk

Fan alle Aldfryske fragminten is it tredde needgefal út ’e twadde kêst fan de ‘Fjouwerentweintich Lânrjochten’ fierwei it bekendst. Dy wurdt altiten oanhelle, de bruorren Grimm dienen dat al. De ‘Fjouwerentweintich Lânrjochten’ en de ‘Santjin Kêsten’ (beide teksten wurde faak yn ien azem neamd) binne de twa wichtichste teksten út it Aldfryske korpus. It binne âlde teksten, komme yn sawat alle hânskriften foar en gouwen foar it hiele Fryske gebiet.[12]


Thet other londriucht

Thio thredde ned is: sa thet kind is stocnakend jefta huslas and thenna ti thiuster niwel and nedcalda winter and thio longe thiustere nacht on tha tunan hliet, sa faret allera monna hwelic on sin hof an on sin hus an on sine warme winclen and thet wilde diar secht thera birga hli and then hola bam, alther hit sin lif one bihalde. Sa waynet an skriet thet vnierich kind and wepet thenne sine nakene lithe and sin huslase an sinne feder, ther him reda scholde with then hunger and then niwelkalda winter, thet hi sa diape <<and>> alsa dimme mith fior neilum is vnder eke and vnder ther molda bisleten and bithacht. Sa mot thio moder hire kindis erue setta and sella, thervmbe thet hiu ach ple and plicht, alsa longe sa hit vngerich is, thet hit noder frost ne hunger ne in fangenschip vrfare.

It twadde lânrjocht

It tredde needgefal is: as it bern stokneaken is of húsleas en dan de tsjustere dize en ynkâlde winter en de lange tsjustere nacht harren oer de ôffrede fjilden teare, dan giet elkmis op syn hôf en yn syn hûs en yn syn waarme hernen en it wylde dierte siket de lijte fan de bergen en de holle beam, dêr’t it it libben hâlde kin. Dan gûlt en skriemt it ûnmûnige bern en dan beklaget it syn neakene lea en syn húsleazens en (it gemis fan) syn heit, dy’t it (bern) beskermje moast tsjin de honger en de diiskâlde winter, dat hy [de heit] sa djip en sa tsjuster mei fjouwer neils ûnder eken(hout) en ûnder de ierde besletten en bedutsen leit. Dan mei de mem it lân fan har bern ferpânje en ferkeapje, meidat hja de ferantwurdlikens en de plicht hat (om der noed foar te stean), salang’t it (bern) ûnmûnich is, dat it noch troch froast, noch troch honger, noch yn finzenskip omkomme sil.[13]


Der sitte, sa as al earder skreaun, in tal fan moaie alliteraasjes yn. Mar dat net allinnich, de tekst sels is prachtich byldzjend en ropt in sterk byld op fan de frou mei bern dy’t by it grêf fan har man en heit steane. It is de mem dy’t no foar it heiteleaze bern soargje moat. Dat kin hjoed-de-dei slim wêze (ôfsjoen fan it ferlies op himsels), mar doedestiids wie it dreech sûnder sosjale foarsjennings foar in widdo mei in jong bern. It fertriet en de útsichtleazens fan ’e sitewaasje wurdt hjir hast pynlik byldzjend ferwurde. Dat soene wy net yn in hjoeddeiske rjochtstekst sa weromfine. Wannear’t wy dit sa lêze, dan hinderet it suver neat dat wy gjin literêre wurken lykas de Edda of Beowulf hawwe.

Alsa hit was

Der is safolle te ûntdekken yn en oan de hân fan it Aldfrysk. Der is al in soad nijsgjirrich ûndersyk nei dien, wat hjir net allegearre neamd wurde kin, bang dat ik bin it ien en oar te ferjitten. Untdek de wrâld fan it Aldfrysk oan de hân fan it boek Asega, is het dingtijd? (2007) fan Oebele Vries en lit jimme hieltiten fierder fiere op jim ûntdekkingstocht. Dat dy tocht mar trochgean mei alsoe langhe, soe di wynd fan dae vlkenum wayth ende ghers groyt ende baem bloyt ende dio sonne optijocht ende dyo wrald steed.

Bibliografy
Algra, N.E., Oudfries recht 800-1256. Ljouwert (2000).
Bremmer, Jr., R.H., ‘Hir is eskriven’: Lezen en schrijven in de Friese landen rond 1300. Hilversum/Ljouwert (2004).
Bremmer, Jr., R.H., An introduction to Old Frisian: History, grammar, reader, glossary. Amsterdam/Philidelphia (2009).
Hofmann, P. & Popkema, A.T., Altfriesisches Handwörterbuch. Heidelberg (2008).
Johnston, T.S.B., ‘The Old Frisian Law Manuscripts and Law Texts’ yn: H.H. Munske e.o. (red.), Handbuch des Friesischen/Handbook of Frisian Studies. Tübingen (2001), s. 571-587.
Jonkman, R.J. & Versloot, A.P., Tusken talen: it ferhaal fan de Fryske taal. Ljouwert (2008).
Kommisje Kanon fan Fryslân, De kanon fan de skiednis fan Fryslân yn 11 en 30 finsters. Ljouwert (2008), s. 30-31.
Munske, H.H., e.o. (red.), Handbuch des Friesischen/Handbook of Frisian Studies. Tübingen (2001).
Nijdam, H., Lichaam, eer en recht in middeleeuws Friesland: Een studie naar de Oudfriese boeteregisters, 2 dielen (Hilversum 2008).
Noomen, P.N., ‘De Friese vetemaatschappij: sociale structuur en machtsbases’, yn: Frieswijk e.o., Fryslân, staat en macht. Hilversum/Leeuwarden (1999), 43-64.
Noomen, P.N., De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners. Hilversum (2009).
Tigchelaar, G., ‘Under de grutte iik’, yn: Ensafh, jiergong 7/nûmer 3 (2015), s. 60-63.
Versloot, A., ‘Why Old Frisian is still quite old’, yn: Folia Linguistica Historica, XXV/1-2 (2005), s. 253-298.
Vries, O., Het Heilige Roomse Rijk en de Friese Vrijheid. Ljouwert (1986).
Vries, O., ‘Staatsvorming in Zwitserland en Friesland in de late middeleeuwen. Een vergelijking’, yn Frieswijk e.o., Fryslân, staat en macht. Hilversum/Leeuwarden (1999), s. 26-42. (ek ferskynd yn de bondel: O. Vries, De taal van recht en vrijheid. De Gordyk (2012)).
Vries, O., ‘Die altfriesischen Urkunden’, yn: H.H. Munske e.o. (red.), Handbuch des Friesischen/Handbook of Frisian Studies. Tübingen (2001), s. 594-601.
Vries, O., Asega, is het dingtijd? De hoogtepunten van de Oudfriese tekstoverlevering. Ljouwert/Utert (2007), s. 100-101.
Vries, O., De taal van recht en vrijheid: Studies over middeleeuws Friesland. De Gordyk (2012).

Noaten
[1] Sjoch ek Bremmer (2009), s. 119-128 en Versloot (2005).
[2] Lês ek de roman Rêdbâd: Kronyk fan in kening (2011) fan Willem Schoorstra.
[3] Vries (1999), Vries (2012).
[4] Vries (1986).
[5] Bremmer (2004).
[6] Noomen (1999).
[7] Algra (2000).
[8] http://www.lc.nl/friesland/Oudste-Fries-op-perkament-20955142.html en http://nos.nl/artikel/2042965-oudste-friese-tekstfragmenten-ontdekt.html.
[9] Sjoch foar in kreas oersjoch oangeande teksten en manuskriften: Bremmer (2009), 6-16, en Johnston (2001).
[10] Vries (2001).
[11] Yn de aula fan it Akademygebou yn Grins is der in glês-yn-leadrút mei in ôfbylding fan de dizze sêge. Lês ek Tigchelaar (2015) foar in ferhaal dat op de sêge ynspirearre is. Dat hiele nûmer fan Ensafh is wijd oan Germanen yn de Fryske literatuer.
[12] Sjoch Vries (2007), s. 52-54 foar mear literatuerferwizings.
[13] Oersetting oernommen út Vries (2007). Is in absolute oanrieder foar wa’t ynteressearre is yn it Aldfrysk. Sjoch foar de aardichheid ek Vries (2010)

Foto foarside: begjin fan de Brookmerbrief (Wikipedia).