Skriuwers

Aant Jelle Soepboer - 1 publikaasje

Aant Jelle Soepboer (Dokkum 1989) is yn it deistich libben dosint skiednis en ierdrykskunde oan de CSG Liudger yn Burgum. Ek drumt er by de Fryske metalband Baldrs Draumar. Syn passy, neist muzyk en skiednis fansels, is it skriuwen en fertellen fan ferhalen. Ferline jier hat er in ferhalewedstriid fan it Skriuwersboun wûn en sûnttiid is er ek yn syn memmetaal begûn te skriuwen en te fertellen. Mei Richard Zuiderveld skreau er 'Vet Oud!' en 'Vet Oud! Europa', Nederlânske en Europeeske skiednis yn 25 ferhalen foar jongerein.

Alina Tudor - 1 publikaasje

Alina Tudor was born in 1992, in Bucharest, Romania. She studied Translation and Interpreting, and then pursued a Master’s Degree in Multilingualism at the University of Groningen, from which she graduated in 2015. She currently teaches English to adults.

André Looijenga - 1 publikaasje

André Looijenga (1982) hat in swak foar it Fryslân fan begjin 17e ieu, en hie eins ’s Lands Historieschrijver wêze wollen, of oars heechlearaar Gryksk oan de universiteit fan Frjentsjer. Yn it deistich libben is er lykwols û.o.: berne yn Tersoal, wenjend yn Grins, klassikus / dosint / oersetter / blomlêzer / polyhistor / treinreizger / einredakteur fan it literêr tydskrift Ensafh.

Anne Tjerk Popkema - 1 publikaasje

Anne Popkema (1975) hat nei syn stúdzje Frysk (spesjalisaasje Aldfrysk) fan 2002-2008 as âldfrisist wurke by de Fryske Akademy en de Nordfriesische Wörterbuchstelle (CAU Kiel). Hy is mei-auteur fan it Altfriesisches Handwörterbuch en hat al gâns publisearre oer Aldfrysk. Sûnt 2008 is er foar himsels begûn as oersetter, taaldosint en projektkoördinator (Taalburo Popkema); projekten fan syn hân binne û.o. de natoerapp Fauna yn Fryslân, De Hobbit, Mearkes fan Grimm en De skipsjonges fan Bontekoe. Hy is ien fan de oprjochters fan Utjouwerij Regaad. Anne is ek dosint Aldfrysk oan de oplieding Frysk yn Grins.

Annet Visser - 2 publikaasjes

Annet Visser (1990). Nei it ôfrûnjen fan de master sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins is sy fia it traineeship fan de provinsje as ûndersiker terjochte kaam by it lektoraat Frysk en meartaligens. Hjir hâldt sy har dwaande mei it ûnderwiiskurrikulum fan de nije pabû oer meartaligens. Dêrneist is se op it stuit drok dwaande mei it organisearjen fan de taallessen foar de flechtlingen, in hiel aardige beuzichheid! Njonken dizze wurkgebieten is sy tige ynteressearre yn de ûnderwerpen belied, wolwêzen en it dosintskip. Yn har frije tiid is se tegearre mei har freon dwaande om ús eigen hûs te bouwen. Foar de yn- en ûntspanning traint se wykliks mei har fuotbalteam mei as hichtepunt in aardige wedstriid op de sneontemiddei.

Bart Hoogeboom - 2 publikaasjes

Bart Hoogeboom (1988) hat de ûndersyksmaster Modern History and International Relations folge oan de Ryksuniversiteit Grins en skreau syn skripsje oer regionaal ekonomysk belied yn Noardeast-Fryslân. Sûnt oktober is er promovendus oan de Fryske Akademy en de RuG. Hy docht histoarysk ferlykjend ûndersyk nei regionaal ekonomysk belied yn Noardeast-Fryslân, Waldviertel (Eastenryk) en Meetjesland (België).

Bjorn de Jong - 2 publikaasjes

Bjorn de Jong (1993) is fjirdejiers studint skiednis en Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is hikke en tein oan de râne fan de âlde Middelsee tusken Ljouwert en Frjentsjer yn it och sa Fryske doarp Bitgummole. Op ‘e fyts troch dy omkriten sjogge jo al gau de ferskillen tusken it âlde en it nije, op de see ferovere, lân. De omjouwing hat troch de skiednis hinne sa har ynfloed op de minsken útoefene. Mei dat geografyske perspektyf hat de auteur yn syn stúdzje kennis makke en yn dit stik sil dat nei foaren komme.

Christine Mulder - 1 publikaasje

As dadde in een lijn veurvechters van et Stellingwarfs, wil Christine Mulder (1973) mit heur schrieveri’je de tael levend holen veur volgende generaosies. Nao heur debuut, de dichtbundel ‘Storm in et Leven’ in 2003 en et winnen van de Stellingwarver Schrieveri’jepries in 2006 - mit een stokmennig kotte verhaelen, het Christine Mulder heur veural richt op kiender. in 2010 verscheen Muske Tiemen, een prenteboek mit eigen illestraosies en in 2013 bin veur de hiemkundelessen op de Stellingwarver basisschoelen de tussen 2006 en 2009 schreven ukkeverhaelen ‘Fratsen’ bundeld en warkte ze mit an ‘Winterwille’ een winterdoeboek veur kiender. De ansluiting mit volwassenwark vun ze weer in 2013, deur et schrieven van een gedicht op uutneudiging van de keunstroute ‘Eupen Stal’. In 2014 verscheen ‘Van Schossel tot Slingerpad’, een saemenwarking mit verschillende Stellingwarver bieldend keunsterners en dichters. Zowel ‘Winterwille’ as ‘Van Schossel tot Slingerpad’ weren nommineerd veur de Streektaelpries van et Dagblad van et Noorden.

Danny Hoogstad - 4 publikaasjes

Danny Hoogstad (1988) studearret Rjochtsgeleardheid en Rjocht en IT oan de Ryksuniversiteit Grins. Fan oarsprong is er hikke en tein yn Rotterdam en hy wennet pas sûnt in jier yn Fryslân, mar hy set him aktyf yn, yn ’e polityk en troch frijwilligerswurk, foar in moaie en leefbere provinsje. Sa is er ‘kommissaris polityk’ by Jonge Democraten Fryslân, de Fryske jongereinôfdieling fan D66. Yn syn frije tiid, foar safier’t er dy hat, lêst er graach en docht er boerd- en fideospullen.

Dirk Jan Muntendam - 11 publikaasjes

Dirk Jan Muntendam (1985), yn it deistich wurk adviseur ynformaasjebelied yn de Rânestêd, is yn syn frije tiid dwaande om de bân mei it Frysk yn stân te hâlden. Hy hat Skiednis studearre en foar in part Frysk. Yn dy tiid mei-oprjochter en foarsitter west fan stúdzjeferiening Skanomodu. Dêr moaie tiden hân en djip ûnder de yndruk rekke fan al it moais fan de Fryske taal en grut foarstanner fan de YPY! Spitigernôch stúdzje Frysk nea ôfmakke. Ko-auteur fan it epyske ferhaal De Kweeste fan Ridder Pieter. Moaiste dieren binne luiaards en kofje moat sterk en Swart wêze. Op it stuit dwaande mei ûndersyk foar in nij boek.