Skiednis

Skanomodu wie earder (1 juny 2007 – 31 desimber 2014) de stúdzjeferiening dy’t ferbûn wie oan de stúdzje Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Dy stúdzje is sûnt septimber 2013 fuortsetten yn de fernijde oplieding Minorities and Multilingualism. De kleau tusken de âlde generaasje studinten Frysk en de nije generaasje studinten meartaligens wie wat te grut om Skanomodu ek as stúdzjeferiening fan de nije oplieding fungearje te litten. Dêrom hawwe de (ynternasjonale) studinten meartaligens harren eigen stúdzjeferiening ‘Multi’ oprjochte en siket Skanomodu in nij paad as Y-skrift fan en foar jongere Friezen dy’t har belutsen fiele by en in miening hawwe oer it kultureel en maatskiplik libben yn ’e provinsje.

Binnen de nije stúdzje-opset is it noch altyd mooglik om in Frysk trajekt te folgjen. Mear ynformaasje oer dy busterbaarlik moaie stúdzje Frysk yn in breed perspektyf fine jim hjir.