Troch: Ruurdtsje de Haan
Sa. It lêste krystpakket fan de dei. Oflevere by Evert Achterdewind, in tige wurdearre meiwurker fan ’e sirkelgongwinkel. Karel suchte. Hy hie sechstjin fuortbrocht yn oardel oere. Net te min, fûn er sels. Evert wie de lêste yn it rychje. Hy wenne yn ’e Bybiterstrjitte, yn in ienfâldich twa-ûnder-ien-kap hierwenninkje. It ljocht baarnde, en der hong in kryststjer foar it grutte rút fan de wenkeamer. Evert hie net iependien, hy wie efkes fuort om in boadskip seker. Karel hie twifele, soe er it pakket no foar de doar delsette, of wer meinimme en letter nochris delgean? Hy besleat ta it earste. It wie fiif oere west, en Evert koe dochs elk momint weromkomme. Moarn wie it sneon, in drokke dei foar Karel. Hy hie eins gjin tiid om nochris by Evert del te gean. De famylje soe komme te útfanhûzjen foar it Krystfeest dat dit jier op snein en moandei falle soe. De útfanhûzerskeamers moasten noch yn oarder makke wurde en dat koe er de frou net allinne opknappe litte. Yn de gauwichheid plakte Karel der noch efkes in briefke op:
‘witst wol fan wa, en dat it mar smeitsje mei’.
Karel skode de doar fan it buske ticht en ried fuort.
In wike letter trof er Evert yn ’e winkel, doe’t se inoar ôfwikselje soenen foar har tsjinst. ‘En?’ frege Karel, ‘wat fûnst fan it krystpakket, Evert?’ Evert seach noartsk.
‘Krystpakket? Ik haw hielendal gjin krystpakket sjoen!’ sei er koartôf, en seach de oare kant op.
‘Hoesa net?’ frege Karel ferbjustere, ‘ik haw it sels by dy foar de doar set!’
‘No, dan moat it der no nóch stean,’ sei Evert, ‘ik haw neat sjoen, dan soe ik der dochs oerhinne stroffele moatten ha.’
Nei noch wat hin en wer praten bliek, dat Evert net op nûmer 12 wenne, mar op nûmer 16, in blok fierder dus. Karel krige in kleur fan ferlegenens.
‘Keardel, wat spyt my dat, ik sil it drekst goedmeitsje mei dy. Sil ik it dy fergoedzje, of hast leaver noch in pakket?’
‘Nee, lit mar.’ sei Evert.
It wie te sjen dat er earne oer prakkesearre.
‘It sil in fersin west ha, mar ik leau dat dit fersin noch hielendal net iens sa ferkeard west hat.’
‘Hoesa?’ frege Karel ferheard.
‘Dat kin ik dy net útlizze’ sei Evert.
Doe’t Evert de oare moarns efkes wat earder fan hûs gie as oars, brocht buorfrou krekt de bern nei skoalle. Hja wenne der noch net sa lang, in healjier miskien. Hy hie heard dat sy skieden wie omdat har man útnaaid wie mei in jong dinkje fan 19. Evert snapte net wêrom. Hja seach der kreas út, blûn hier, kroltsjes oan de sliepen en heldere, in bytsje trystige blauwe eagen. Doe’t se him foarby gie glimke se efkes hiel fluch nei him en sei sêft:
‘Betanke buorman, dêr hie ik no krekt ferlet fan. Jo hawwe ús krystdagen hielendal goedmakke.’
‘Euh….’stammere Evert, wylst er flamke, ‘nim my net kwea ôf, mefrou….?’
‘Frou Oandama. Jo wurkje dochs by de Sirkel, is’t net sa?’sei se. Hy skodde fan ja.
Hja wiisde nei it âld papier dat al oan de wei stie. Evert seach nei de doazen. Op ien derfan siet op de fleurich fersierde sydkant in stikkerke:
‘de Sirkel’ winsket jo noflike krystdagen!’



Frisian_RUG

De lêste reaksjes