Troch: Sigrid Kingma en Chris Lutgendorff
It wie kryst yn it tredde jier fan Redbad-kening, op it tsjerkeplein stie in krystbeam al jierren teplak. Tritich gemiene doarpslju teagen yn kladen troch de streek fan Arkum. De moanne skynde muoisum troch de wolken, krekt as mocht er hjoed net skine. It roppen en razen wie fan fier te hearren, sy teagen rjochting tsjerke. De kristenen baarnden der kearsen foar mekoar, mar der soe dizze kear mear baarne.
“Allegear de akse teplak no!” blafte de âldste fan ’e optocht.
Se burgen harren yn de boskjes, om te wachtsjen op nij befel.
“Wy litte sa dy kristenen skrikke. Soargje dat se it net gau ferjitte, dat se fan stommens de hollen skodzje. Wat in wille sille wy ha!”
It sin fan ’e âlde wie bêst, hy âle allerbalderstrûpstjerrendst harren fers.
“It Jûlfeest is de dei fan Jûlder foar de lju,
dy sprekke je oan mei eale of mei rju!
It feest, net fan de Heare God,
mar foar de boartlike sielen fan in minskerôt!
Wy sûpe en sjonge, ha hiel wat by d’ ein,
wy dreutelje om en wachtsje op it sein
Om in krystbeam dûnsje en sjonge, ûnfersteand, ûnnoazelens wurdt op sa’n dei beleand.
Sa te sjongen by’t fjoer, dêrfan ha wy ferlet,
wy doge net mar binne de slimsten ek net”
De kweade lju koenen laitsje om de ‘leauwende’ minsken harren krewearjen. Kryst wie dochs ek in frjemd feest, by dat krystbarren hong it fertier yn ’e loft. Oars as by harren wie elk braaf en blyn, de berte fan dy broekjeskiter stie sintraal. De jûlfierders wienen wis fan harren dwaan: der wekket gjin god oer ús fan boppe de wrâld. De goaden binne diel fan it grutte gehiel, gjin skeppers en alhiel gjin bûtensteanders. Se soenen dat sjongendewei wol witte litte, dy kristenen ûntbruts sûn ferstân.
It koe wol in kweeste wêze, dy strûperij by nacht. Dat wie ek de krêft efter It Hear fan Falhalle; Jûlder hie in kweeste en sammelje ferstoarne sielen foar de striid: de einstriid. Ienris yn it jier wie de loft sa tsjuster en gie de poarte iepen foar de saneamde Ienhearers. Dy gienen dan harren gong en graaiden alles mei wat se graach mei ha woenen. De koartste dei wie no kommen en dat hie ymplikaasjes dy’t de kristenen net foarsjen koenen. Sy moasten harren krystbeam wol kappe, oars krigen se de kreaze doarpsfammen net mear te sjen Wie de loft ienris wyt fan ljocht, dan moast de Wylde Jacht oergean. De sinne soe wer skine en harren fammen soenen feilich wêze as de striid jûn súksesfol wie. Sa wie oars de oerlevering fan de myte want sy hienen dy oerdûs noch net earder sjoen. Mar sy soenen harren man wol stean, mei sterke earms wie it gau klear. Salang’t de wyn fan de wolken waaide, hienen se Wodan mei fjoer fuortholden fan de fammen. De macht fan de man mei mear as hûnderdtweintich nammen hie ek minsklike minne punten.
“No dan nei dy beam en kappe, nim it jim net kwea ôf, sy sille it wol snappe,” âle de âldste wer boppe it gerop en
geraas, en mei syn allen stoden se nei de beam. De
kristenen kamen de tsjerke út mar se koenen it net mear
keare. De mânske beam mocht net mear stean op de midden fan de streek fan Arkum. Dizze joekel wie in wiere jûlbeam, yn al dy jierren wie er it tsjerkje foarbygongen. Mei gâns in groep sjouwers by de beam wienen se gau in hiel ein fuort.
Hjir oan de westlike kant fan ’e Lauwers wienen de wolken yntiid aardich oanlutsen. Tsjustere tongerwolken kamen fan see, der’t se tegearre kamen en oer lân lutsen. De tiid wie kaam om it jûlhout klear te setten op it keale plak krekt bûtenút. It wie in tradysje fan tiden ferlyn, dat de grutste beam telde foar de eare fan de stam. Doe’t se oanrinnen kamen wienen der al oaren dy’t harren beam oan it opsetten wienen. Doe’t dy oaren de hearen hearden, seagen se ferheard op fan harren eigen beam. Wat dêr oankaam wie in beam dêr’t de wrâldbeam jo tsjin sizze koe. De eare gie nei dejinge mei de grutste en dy fan de dieven wie grutter.
Earlik is earlik, mar sa earlik wie it net, de eale lju út de tsjerke wienen harren teneikommen. Se wienen yn panyk mar boppedat poer, harren prachtbeam wie delhelle foar op de brânbulte. Dat lieten se net ta, se lutsen oan de kladen fan de heidenske lju mar dy joegen dêr neat om. Doe’t lykwols de oare groep yn ’e gaten krige wat der geande wie, wie it bargebiten op ’e flakte. Winne troch te stellen telt fansels net mei. De tritich gemiene doarpslju wie de eare ûntsein. Dy lieten it der lykwols net by, de lytste boai fan it spul fleach in kristen oan. Doe siet ek de oare stam op hite koallen en liet syn stim heare hjir op ’e romte. It fysike debat die gjin fertuten, de iene dreau de oare ta fjochterij.
In faam fan kristenskant, fereale op ’e heidenjongste, hie fertriet om de bernige fjochterij. Sy besocht de bende te werstellen, mar doe samar bruts de loft. Wat sy seagen yn de wolken, sa hie gjin minsk it waar ea sjoen. Ynienen wie de himel iepen, nei de ferhalen kamen no de Ienhearers foar de fammen. It wie sa tsjuster dat gjin minsk wat seach, de moanne skynde alhiel net mear. Doe’t it wjerljocht sloech seagen se mekoar wer, de stamlju hienen mei ien glimp sjoen dat se gearwurkje moasten. Op ’e taast yn it tsjuster makken se in brânsteapel, se brochten tûken en beamstronken bymekoar. Krekt ljocht koe Jûlder keare, en ien krystbeam allinnich wie net mear genôch. Se moasten in grut fjoer meitsje fan de beammen, mei mekoar koenen se it oprêde. Doe’t it wjerljocht nochris sloech, seagen se in wyt hynder as in skym yn de loft.
Wie de faam út benaudens it bosk yn flechte? Se koenen har net mear fine al wie it noch sa. Der kaam rein en de wyn raasde troch de tûkebulte, dat soe soargje foar reek en net foar fjoer. De bulte moast no oan en baarne, sy koenen neat begjinne as it ienris wiet wie. Mar it wie al te let om it ljocht oan te meitsjen, lusifers hienen se ommers noch net.
Hoe moast dat no fierder mei de striid, de macht fan Jûlder en syn leger naam ta. Ien kaam op it idee om by de smid te sjen, de man dy’t yn iensumens swurden smede. De bêste smid hie in tradysje bewarre troch de swurden te koaljen yn oalje en bargebloed. Dat wie sterk spul en soe grif baarne, dat koenen se oer de beammen smite. Se moasten avenseare en allegear mei te sjouwen, want dy amers sieten oan ’e kop ta fol. De boai wie snoad en naam noch in swurd mei fan de smid om harren te ferdigenjen tsjin It Hear. Yn it tsjuster rûnen se yndie guon tsjin it liif, de boai koe aardich oerwei mei it tsjokke stik stiel. Hy hold de oerdûs op feilige ôfstân wylst de oaren fierder tôgen mei de smoarge brânje.
Sûnder dat der bonken brutsen wienen, kamen se dochs by de brânbulte oan. Fuortendaliks kaam de flam derby doe’t se dat fergif oanstutsen. It wie lykwols net sa ljocht as nedich, de langste nacht liet him jilde. Der moast noch mear by op it fjoer, de meast grutte beam baarnde ek mar min.
De kristenen kamen ynienen mei in grut houten krús oan en smieten it by de krystbeammen op ’e bulte. Echt hurdhout wie it, dat dizze hurd yngong, dêr hienen se wol flammen fan. It fjoer laaide op en it waard ljocht op de iepen plak, de lju koenen wol gûle fan ferlichting.
Langsum luts de loft wat by, de moanne kaam al wer oan it ljocht. De faam wie weromkommen út it neat, hoe en wat wisten de doarpslju net. Hiel efkes miende de boai in each te sjen. In minsk of bist, as in earn stoarre it him oan. Doe’t er nochris seach wie der neat. De nuodlike situaasje hie elk skrikke litten. De knapen wisten net krekt wat der dizze jûn oer harren kaam wie. In faach fermoeden hienen se, ek om’t de faam efkes fuort west hie.
De heidenske boai bewege nei de faam en brocht it ta de grutte fraach. Wêr’t sy west wie woe se net sizze, lykas hoe’t se weromkaam wie.
“Ik bin boas op dy, boai om’tst dat hiele barren yn gong setten hast. Dû moatst dy ferantwurdlik fiele foar dat it fjoer te let oanstutsen is,” sei se.
De boai wie efkes ferbjustere troch de brave wurden fan sa’n bloedmoai famke dat besiden fan him stie. Eins hie er al langer in eachje op har mar de eale faam wie net fan syn soarte. No makke dat neat mear út, elkenien hie jûn mei mekoar gearwurke. Mei de geloofskwestje wienen de groffe kantsjes byslipe en de grutste problemen út ’e wei.
“Ik sil soargje foar in nije krystbeam, skat, hoe liket in sulverspar dy ta?” anderde er om it har allegear ferjitte
te litten en har argewaasje fuort te nimmen.
Sy waard lykwols noch lulker op him en liet har ek net licht út oer de krystbeamkwestje. Mar yn it genyp moast se dochs wol gnyskje, hy hie in goed gefoel foar humor.
“Ik wit it goed makke mei dy, mantsje, dû soargest foar in mânsk nij krús foar ús.”
“Lit dat mar oan my oer, dat is in lytse ynspanning,” sei
er en hy lake sa leaf as er mooglik koe. Krekt op dat stuit skeat der in lêste bliksem út de wolken, dy’t him sa skrikke liet, dat syn laits beluts. De tonger roffele noch troch de loft doe’t er trochkrige yn waans each er niis sjoen hie. Nei in fleach fan ferstânsferbjustering foelen alle stikjes teplak; ek hy soe letter Jûlder tsjinje yn Falhalle. De fete mei syn nije fijân soe noch duorje oant syn dea en fierder, oant de einstriid ta.



Frisian_RUG

De lêste reaksjes