Troch: Irene Steens
“It is in toverbal,” flústere it famke. “Sjochst dat dan net?” Se skodde nochris mei de glêzen bal sadat der lytste glitterkes yn begûnen te dwarreljen. Heit en mem leinen noch op bêd en de jonge en it famke sieten tegearre neist de krystbeam en hienen beiden ien kadootsje útpakt. Hy hie in trein en sy de bal.
De jonge helle de skouders op. “Toverballen besteane net. Do leaust doch net yn mearkes, wol?”
It famke lake nei him. “Dit kear wol, Wietse. Dit kear wol. Hjoed is it oars, want hjoed is it kryst. En ik haw se sjoen.”
“Wa hasto sjoen?”
“De kabouterkes.”
Har broer lake lûd. “Ja, hear. De kabouterkes.” Hy boarte wer fierder mei syn nije trein.
“Leaust my net?” frege it famke. “It is echt wier, hear!”
De jonge lake nochris, sûnder op te sjen fan syn trein. Syn suske sprong lilk op en stampte de trep op. “Ik liich net, echt net,” raasde se, doe’t se boppe wie. Se gie op har bêd sitten en lei de bal neist har del. Se hie echt it stomste broerke fan de wrâld. Hy peste har altiten, luts oan har hier of skopte har. Hy fûn har berneftich en te lyts om mei te boartsjen. No’t der sa’n ynteressant kadootsje ûnder de krystbeam lei, hie se hope dat hy foar ien kear mei har boartsje woe. Dêrom hie se betocht dat de glêzen bal in toverbal wie. Fansels wie dat net sa. It wie in… in… Se wist eins net iens wat it wol wie.
Se pakte de bal nochris op en beseach him goed. Wat koe it wêze? Se wreau my har hantsje oer de glêzen bal. Hinne en werom, hinne en werom. Trije kear, fjouwer. Ynienen fielde se de hân kribeljen, doe de hiele earm, har hiele lea. It fielde as waard se opsûgd yn in grutte tunnel. Se seach nei harsels, wylst se op it bêd siet, mei de bal yn ’e hân. Se fielde in waarme wyn lâns har liif gean, se waard licht en ljocht. Gewichtleas, krekt as yn it wetter fan de sleat efter hûs. De wrâld draaide wyld rûn. Se waard der kjel fan en skreaude. Benaudens bekroep har. Se koe net sykhelje, it fielde krekt oft har eagen út ’e holle springe soenen. Se besocht om har earne oan fêst te gripen, mar it iennichste wat se te pakken krije koe, wie de stof fan har jurk. Der wie neat om har hinne, alles wie leech.
“Sorry fan niis,” sei it mantsje. “Ik wit dat it in ferfelend gefoel jout. Fielst dy alwer wat better?” It famke seach him ferheard oan.
“Wat sjogge jo der raar út!”
“Sis mar do, hear. Hoe sa fynst dat?” frege it mantsje.
“Hast fan dy frjemde klean. En frjemde earen.”
It mantsje draaide him om nei de spegel, dy’t efter him hong. It wie in spegel mei in grutte, gouden râne. It mantsje beseach syn spegelbyld. Lytse fuotsjes yn reade skuon. In knalgiele broek mei kwastkes op ’e beide siden. Dêrboppe in jaske, mei flappen oan ’e efterkant, dy’t hast oant de hoksen takamen. Sa’nien hie de dirigint fan de fanfare ek altiten oan. Mar dan in swarte. In lang, ljochtgriis burd rûn yn in punt oant ’e nâle ta. De earen wienen al like puntich. It mantsje draaide in rûntsje foar de spegel, sa fluch, dat it like oft er dûnse.
“Sa sjoch ik der altiten út,” sei er tsjin Lys, dy’t him mei grutte eagen oanseach. “Ik fyn eins datsto der nuver útsjochst. Dyn earen binne sa lyts en wêrom hasto gjin kleur?”
“Gjin kleur, hoe sa?”
“Dyn jurkje. Allinnich mar blau. Dat is dochs saai? Wachtsje mar!” Hy rûn nei in sulveren taffeltsje en pakte der twa swarte stientsjes fanôf. Hy klikte se tsjinelkoar oan, twa, trije, fjouwer kear. Der klonk in sêfte plof en ynienen wie it jurkje fan Lys net mear blau, mar giel, mei pears mei griene blomkes.
“Dat is better,” sei it mantsje tefreden.
Lys hearde ynienen fuotstappen efter har. Der gie in doar iepen. “Gichel,” sei in mantsje dy’t der like nuver, mar al wat âlder útseach as Gichel. Hy hie net allinnich in lang burd, mar ek allegear rimpels en tearen yn it gesicht. “Hoe faak moat ik no noch tsjin dy sizze datsto gjin toverpoeier fergrieme meist oan sokke ûnbenullige saken! Ynstee dêrfan kinst dy better netsjes foarstelle oan ús gast. Hast dat al dien?”
De wankjes fan Gichel waarden read. “Nee, Gogem. Dat bin ik fergetten.” Hy stuts syn hân út nei Lys. “Ik bin dus Gichel en dat is Gogem.”
“Hoi, Gichel. Ik bin Lys. Wêr bin ik?”
“No brekt my de elveskoech,” sei Gogem tsjin Gichel. “Hast dat noch net iens oan dat earme famke ferteld?” Hy draaide him nei Lys om en fertelde dat se troch it wriuwen oer de glêzen bal yn de Mearkewrâld terjochte kommen wie. Lys die har mûle iepen, mar foardat se wat sizze koe, sei Gogem: “Tink no fuort mar net datst Sniewytsje hjir fine kinst, of de Kat mei learzens oan. Allinnich wy binne der, de kabouterkes. En de krystman, fansels. Al dat oare guod moatst neat fan leauwe, hear. Dat binne betinksels fan dy twa broerkes. Hoe hieten se ek alwer? Grimm. En fan Hans, fansels.”
“Mar wat doch ik hjir dan?”
“Yn ’e Mearkewrâld meist twa winsken dwaan. Ien foar dysels en ien foar in oar. De winsken sille allinnich útkomme as dejinge dêr’tst in winsk foar dochst echt leaut datsto hjir west hast.”
It famke klapte yn de hannen. “Ik wit al wat ik winskje,” rôp se. “Dat Wietse my noait wer pleaget!”
Gogem glimke nei har. “Dat is in beskieden winskje,” sei er. “Dat fyn ik goed. En foar wa dochst de oare winsk?”
Lys tocht oan har broer, Wietse. In wike lyn wie er skriemend thúskommen út skoalle wei. Hy wie net goed yn lêzen en rekkenjen en syn juf hie sein dat er it jier oer dwaan moast as hy net better syn bêst dwaan soe. Dat fûn Lys tige sneu foar him, nettsjinsteande syn pleagerijen. “Ik wol dat Wietse de bêste fan de klasse wurdt yn lêzen en rekkenjen,” antwurde sy.
Gichel knikte. “Dat is ek wol in moaie winsk, dochs, Gogem?”
“Ja,” antwurde Gogem. “Dat dogge wy.”
Lys seach de twa kabouters oan. “Mar Wietse leaut my noait.”
Gogem gnyske. “Omdatsto it bist, en om’tsto sokke beskieden winsken dien hast, helpe wy dy der wol in bytsje by. Moarn kin Wietse rekkenje as wie er Einstein en lêze en skriuwe lykas Shakespeare.”
Lys waard wekker doe’t har mem op ’e doar kloppe. “Sliepst noch hieltiid, Lys? It is al hast njoggen oere. Kom mar fan bêd ôf, it is tiid om te iten.” Mem seach har mei grutte eagen oan. “Mar do hast dyn klean al oan. Bist op ’e nij yn sliep fallen?”
Lys seach nei har jurkje, dat wer gewoan like blau wie as oars. “Der wienen twa kabouters en in bal,” stammere sy. “Moarn kin Wietse rekkenje en skriuwe.”
Mem lake. “Hast in moaie dream hân, leau ik.” Se aaide Lys oer it hier. “Komst mei te bôle iten?”
Earste krystdei wie lang en saai. Moarns nei it bôle-iten hienen se alle kadootsjes útpakt. Lys hie bang west dat heit en mem merke soenen dat it pakje mei de glêzen bal net mear ûnder de krystbeam lei, mar har âlden hienen neat sein. De rest fan de dei wie it krekt snein, saai. Lys koe net bûten boartsje, want it reinde. Se hie al in tekening makke fan de kabouters en mem hie har foarlêzen út it dikke mearkeboek yn ’e kast. Betinksels, tocht Lys. De echte Mearkewrâld mei de kabouterkes fan de krystman kaam der net yn foar.
Wietse hie dwers west en seurde dat it in saai ferhaal wie foar lytse bern. “Echte ferhalen binne net sa maklik te foarspellen. Der moat in spanningsbôge yn sitte en in klimaks. Of in antyklimaks, wannear’t dat better past by wat de skriuwer dúdlik meitsje wol. Net sa stilistysk, dy ferhaaltsjes fan Andersen.”
Mem hie him ferheard oansjoen, mar hie neat sein en hie trochferteld oant it mearke út wie. Doe’t Lys har tekening ôfmakke, hearde se mem tsjin heit praten. “Ik wit net wat der mei ús Wietse bard is, mar hy praat krekt as myn dosint Nederlânsk fan eartiids.”
“Ja, nuver net. Ik wie ek al ferheard doe’t Wietse my ynienen fertelle koe hoefolle ljochtsjes oft der yn ’e krystbeam hingje. Ik haw it neirekkene. Twa slingers fan elk 60 ljochtsjes. It kloppe presiis.”
De eagen fan Lys begûnen te glinsterjen. De kabouterkes hienen har winsk ferfolle. Wietse koe skriuwe en lêze!
Wietse kaam de keuken yn, wapperjend mei in steapeltsje papieren, folskreaun mei syn hânskrift. “Ik haw it mearke feroare, mem,” sei er. “It is folle leuker sa.”
Lys sprong op fan har stoel, it reade potlead dêr’t se my tekene hie, rûgele op ’e grûn. “It binne de kabouterkes, Wietse! Fan myn toverbal. Ik haw winske datsto rekkenje kinst en lêze en skriuwe.”
Wietses gesicht beluts. “Do ek altiten mei dyn stomme mear…” Hy hâlde healwei de sin op mei praten. “Nee, ik mei dy net mear peste. Do hast gelyk, dit kear, dat fiel ik gewoan. Mei ik dy toverbal nochris sjen?”
Lys en Wietse rûnen de keuken út, heit en mem mei iepen mûle efterlittend. Lys luts Wietse mei de trep op, nei har keammerke dêr’t de toverbal lei. Mar de toverbal wie fuort. Op it kessen fan har bêd lei in briefke. Wietse pakte it op en lies foar:
Leave Lys en Wietse,
Jimme winsken binne ferfolle. We hoopje dat jimme der in protte wille fan hawwe. Leau yn de krêft fan in winsk en hâld net op mei mearkes te fertellen oan eltsenien dy’t se hearre wol – en deryn leauwe wol. Dat moat foar Wietse net mear sa dreech wêze.
Noflike krystdagen!
Groetnis,
De kabouterkes fan de krystman út it Mearkelân.



Frisian_RUG

De lêste reaksjes