Digitale edysje: klik hjirre
Foar de kryst fan 2010 hat Skanomodu in wedstriid útskreaun foar it bêste kryst- of winterferhaal, mei in pryske foar de winner. De priisfraach waard beäntwurde mei trije ynstjoeringen, dy’t allegear nei te lêzen binne op ús webstek. De sjuery dy’t oer de ferhalen gear moast, bestie út Goffe Jensma, fansels by útstek saakkundich, en de redakteuren Tsjomme Dijkstra en Jan Ybema. By de beoardieling stie de kwaliteit fan it ferhaal en de fertolking dêrfan foarop. Is it, koartsein, in moai ferhaal dat goed skreaun is? It sprekt foar himsels dat it ‘sjenre’ fan kryst- of winterferhaal dêr spesifike easken oan stelt.
De sjueryleden binne yn ienriedigens fan miening dat de stoarje fan Irene Steens dêr it bêste oan foldocht. Sy hat — yn moai Frysk — in klassyk tema útwurke mei grut gefoel foar har personaazjes en lit dêrmei sjen dat se skriuwe kin. De dialogen binne oannimlik en der sit faasje yn: oer alle boegen in sterk ferhaal. De sjuery hat dêrom de priis takend oan Irene. Irene, fan herte lokwinske!
Alle ferhalen binne te delladen op ‘e webside yn it menu “Skanoskrift”, “Nûmer 2, 2011 (febrewaris)” of klik hjirûnder.




Frisian_RUG

De lêste reaksjes