• Thús
    • Oer dizze side
  • Lustrum 2011-2012
  • Skanomodu
    • Kontakt
    • Bestjoer
    • Kommisjes
      • Lustrumkommisje
      • Redaksje
      • Kaskommisje
    • Oer Skanomodu
    • De oprjochting
    • De namme “Skanomodu”
    • Lid wurde
  • Skanoskrift
    • Alle edysjes
    • Kolumns
    • Nûmer 2, 2011 (febrewaris)
      • Krystferhaal: “De toverbal”
      • Krystferhaal: “Jûlfeest fol fjoer”
      • Krystferhaal: “Krystpakket mei tefredenheid”
  • Nijsoersjoch
  • Foto’s
  • Stúdzje Frysk
    • Ynformaasje [www.rug.nl]
    • Twitter
    • Facebook
  • Links
  • Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint.

    Facebook, Twitter en Hyves Oer it brûken fan sosjale media wurdt wakker ûngelyk tocht. De ien mient dat online farianten op freonskippen it gefaar fan devaluaasje fan it begryp ‘freonskip’ mei h [...]

    Lês fierder
  • Priisfraach: skriuw in roman en win €2.500...

    It bestjoer fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek skriuwt in priisfraach út foar romanhânskriften. Wat frege wurdt is in ienfâldich, mei fakmanskip skreaun ferhaal, gaadlik foar in breed publyk. [...]

    Lês fierder
  • Donald Duck yn it Frysk
    DonaldDuck

    Donald Duck hat de smaak te pakken: nei it Hollânsktalige Fryslânnûmer fan Donald Duck ferskynt der no ienmalich in Frysktalige Donald Duck. It nûmer sil yn april ferskine yn in oplage fan 30.00 [...]

    Lês fierder
  • ‘Studinten Taalfeardigens Frysk útno...

    Alle jierren skriuwt De Volkskrant yn gearwurking mei it Prins Bernhard Cultuurfonds de oersetwedstryd ‘Nederland Vertaalt‘ út. Yn ferskate talen wurde stikken poëzij en songteksten [...]

    Lês fierder
  • Skanolêzings op 8 febrewaris

    Woansdei 8 febrewaris sille der twa Sirkwy-lêzingen oanbean wurde foar leden fan Skanomodu. Ofstudearre klassikus en winner fan it Grut Frysk Diktee André Looijenga sil it hawwe oer it skriuwen [...]

    Lês fierder
  • Jan Ybema ek winner Lustrumdiktee
    diktee2012

    Yn neifolging fan it súksesfolle Skanomodudiktee yn 2011, wie de Lustrumkommisje him der alles oan gelegen om wer sa’n diktee te organisearjen. Yn it kader fan it Lustrum waard Pieter de [...]

    Lês fierder

De kommende aktiviteiten

  • Geen gebeurtenissen

De lêste reaksjes

  • Krottsy op Jan Ybema ek winner Lustrumdiktee
  • anne op Jan Ybema ek winner Lustrumdiktee
  • Sigrid op Jan Ybema ek winner Lustrumdiktee
  • Sigrid op Utslach gévisme-wedstryd
  • Krottsy op Utslach gévisme-wedstryd

Omrop Fryslân

Lichem ien fermiste man fûn
Malêze yn bouwrâld hâ
Cambuur moat winne fan Emmen
Reaksjes op fernijbou Thialf
Kultuer wichtich yn Smel'l
Besketten man gjin Gordykster
Undernimmers wolle saak kwyt
Fermist skip komt út Koarnwert
Karakteristike pânen ferdwine
Brân yn doarpshûs Kimswer

De namme “Skanomodu”



Wy, as bestjoer fan Skanomodu, meie fansels graach oan elkenien kenber meitsje dat wy foar ús stúdzje Fryske Taal en Kultuer de stúdzjeferiening Skanomodu yn it libben roppen hawwe. Fuortendaliks folget dêrop dan de fraach: wat bestjut Skanomodu? It standert antwurd is dan meastal: it is âlder Frysk foar “skjinne moed”. Mar miskien is it aardich en gean der hjir wat wiidweidiger op yn.

Skanomodu: eartiids

It wurd Skanomodu is it âldst oerlevere Fryske wurd. Om it wurd ferklearje te kinnen, moatte wy werom yn ‘e tiid. It Frysk is fan âlds, lykas it Hollânsk, it Ingelsk en it Dútsk, in Germaanske taal. Rûn 500-700 nei Kristus ûntwikkelje de talen har yn ferskate rjochtings, ta de hjoeddeiske foarmen fan de taal. It skrift fan de Germanen is it Runeskrift. Sa komt it dus ek dat de âldste Fryske teksten yn it Runeskrift optekene binne. De âldste, oerlevere Fryske tekst is fûn op in munt, dy’t datearre wurd rûn 500 nei Kristus. Op dizze munt is, jawol, de tekst “Skanomodu” te finen (sjoch ôfbyldings). It wurd is nei alle gedachten Frysk, en betsjut “skjinne moed”.

Wêrom no krekt “Skanomodu”?

It wie woansdeitemiddei 28 febrewaris; mei in ploechje studinten sieten wy by it kolleezje Skiednis fan de Fryske taal. Dosint Oebele Vries die ús it hoe en wat fan “Skanomodu” út ‘e doeken. De oare deis lei der in mailtsje yn myn digitale postfak:

Hallo minsken,
Juster by kolleezje skiednis fan ‘e Fryske taal, waard ús út ‘e doeken dien wat it âldste bekende Fryske wurd is. Dat is SKANOMODU, leau ik, net Jurrit? It betsjut skjinne moed / schone moed. Ik tocht dat dat miskien wol in moaie namme wie. No, lit mar hearre!
Groetenis, Dirk Jan

Hallo minsken,Juster by kolleezje skiednis fan ‘e Fryske taal, waard ús út ‘e doeken dien wat it âldste bekende Fryske wurd is. Dat is SKANOMODU, leau ik, net Jurrit? It betsjut skjinne moed / schone moed. Ik tocht dat dat miskien wol in moaie namme wie. No, lit mar hearre!Groetenis, Dirk JanEn sa’n nuver idee bliek dy namme net te wêzen. Dyselde deis noch hienen al trije minsken – goedkarrend – reagearre:

Klinkt prima vind ik!!!! [Nynke]
Skanomodu...klinkt goed, Dirk Jan; orzjineel! Wat my oangiet, wurdt dat de namme. [Truus]
Ek myn seine! [Froukje]

Iksels fûn it ek in tige geskikte namme, dat de sprekwurdlike kûgel wie al fluch troch de tsjerke. Mei in pear moannen wie it idee Skanomodu woeksen ta de stúdzjeferiening foar Fryske Taal en Kultuer yn Grins. De offisjele bertedei fan ús feriening is 1 juny 2007; reden foar ús om in bertekaartsje te fersjoeren.

Jurrit Jan

SkanoLustrum

RSS  Frisian_RUG

Frysk-Frisian-Fries

Dizze tweets binne skreaun troch dosinten en studinten fan de stúdzje Frysk

  • On 27 February we will give a presentation about Frisian and minority language politics to South African colleagues (Uni Pretoria 10AM)
    27 januari 2012
  • Regional language Drents has a spell checker as of Wednesday http://t.co/Mkzl9wr1
    27 januari 2012
  • RT @Skanomodu: Gemiddelde tal flaters Skanomodu-diktee: 28. Jan Ybema mei him mei rjocht winner neame. @GeartTigchelaar wie twad en Truu ...
    17 januari 2012
  • RT @Skanomodu: Pieter de Groot skreau in prachtich Skanomodu-diktee oer de frijfeinten fan de wrâld. Winner is frijfeint Jan Ybema mei t ...
    17 januari 2012
  • Lowering your pitch will make you feel more powerful? interesting experiment! http://t.co/RwIsleSu
    16 januari 2012
  • RT @infokunde: Mooie Twitterkaart van Europa met kleuren voor taal, van Eric Fischer: http://t.co/Bn9h7QBZ
    15 december 2011
  • Hooray for the Frisian winner of #LietInternational (Eurovision for minority languages)
    21 november 2011
@Frisian_RUG

Stúdzjeferiening fan:
Skanomodu
stúdzjeferiening foar
Fryske taal en kultuer

Nei boppe