Skanomodu is de stúdzjeferiening dy’t ferbûn is oan de stúdzje Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins. De stúdzjeferiening is oprjochte op 1 juny 2007. Sûnt dy tiid hat Skanomodu alle jierren saken organisearre foar har leden, lykas:
- lêzingen (û.o. Joke Corporaal, Alex Riemersma)
- ekskurzjes (û.o. Aurich, Kiel, Ljouwert)
- boarrels (likernôch alle twa moannen)
Ek helpt Skanomodu de dosinten mei de promoasje fan de stúdzje en soarget se foar guon fakken foar syllabi of oar materiaal.
Skanomodu hat in eigen ferieningsblêd: it Skanoskrift. Dat komt fjouwer kear yn it jier út (sjoch ûnder it kopke Skanoskrift). It blêd hat in oplage fan 85 stiks. Ynklusyf sa’n tweintich alumni, telt Skanomodu hast sechstich leden (ein 2010-2011).
Foar mear ynformaasje oer de oprjochting en de namme fan Skanomodu, sjoch ûnder it kopke “Skanomodu” hjirboppe. Ek ynformaasje oer it bestjoer en hoe’t kontakt lein wurde kin mei Skanomodu, kin fûn wurde ûnder de kop “Skanomodu”.
Skanomodu is er voor zowel Friestalige als Nederlandstalige studenten Friese Taal en Cultuur. Daarom zijn we druk bezig om onze website zowel in het Fries als in het Nederlands beschikbaar te maken. Kijk ondertussen onder het menukopje Skanomodu om meer informatie te verkrijgen over onze studievereniging.



Frisian_RUG

De lêste reaksjes