Yn 2007 wie it dat Skanomodu as feriening it ljocht seach. Dêrmei wie de stúdzje Frysk net langer stúdzjeferieningsleas. It wie dêrmei foar it earst yn de skiednis dat de stúdzje Frysk in stúdzjeferiening krige. No’t it stúdzjejier 2011/2012 losbrutsen is, is it yn juny alwer fiif jier nei de oprjochting; dat betsjut dat Skano har earste lustrum fiere sil!
It idee fan it opsetten fan in feriening kaam fuort út in groep entûsjaste studinten dy’t it bûten de stúdzje ek wol sitten seach en sjoch inoar sa út en troch. Sûnt dy tiid is Skanomodu net mear los te tinken fan de stúdzje Frysk. In soad aktiviteiten binne der yn de rin fan de jierren ûndernommen. Sa wie de earste aktiviteit it keatsen op it hillige der hilligen fan it keatsen, it Sjûkelân yn Frjentsjer. Under lieding fan Johannes Brandsma en keatskundige en (ynmiddels âld-)dosint Pieter Breuker. Ek waarden de bannen mei de fakgroep yn Kiel wakker oanhelle. Yn Kiel kin men ek Frysk studearje en de heechlearaar dêr is in âld-studint Frysk yn Grins; it kontakt lizzen gie dus fluch. In pear kear hat Skanomodu nei Kiel west en ferskate kearen binne Kieler studinten hjirhinne kommen. Om de feriening in profesjonele útstrieling te jaan, waarden in webside en in ferieningsblêd opsetten. It kreaze ferieningsblêd komt no sûnt de oprjochting fjouwer kear yn it jier út. De positive enerzjy dy’t de stúdzjeferiening meibrocht, wie dat it tal haadfakstudinten prosintueel mei 300% tanommen, wêrtroch de krante sels helle waard. Op it stuit binne der goed 40 persoanen lid fan Skanomodu en bestiet der ek in alumnytak. De no studearjende generaasje kin sa yn kontakt bliuwe mei de ôfstudearre studinten en krekt oarsom.
Yn it lustrumjier sille der ferskate aktiviteiten ûndernommen wurde, dêr’t sawol leden as alumny wolkom binne.
De lustrumkommisje:
Fan links nei rjochts: Tsjomme, Nienke Jet, Dirk Jan en Jurrit Jan
Jurrit Jan de Jong (foarsitter). Is Skanomodu’s langstsittende ponghâlder yn de skiednis. Mar leafst fjouwer jier hat er de ponge fan Skano beheart. Wie ek ien fan de Founding Fathers fan Skanomodu. Komt fan oarsprong út de Gordyk. Troch syn jierrenlange ûnderfining mei it ponghâlderskip is hy no beneamd ta foarsitter (praeses) fan de lustrumkommisje.
Dirk Jan Muntendam (ponghâlder). Ald-foarsitter fan Skanomodu om’t er sa goed swetse koe.  Ek ien fan de Founding Fathers. Hat jierrenlang stjoering jûn oan de feriening. Is no ynmiddels ôfstudearre dus nimt út namme fan de alumny sit yn dizze lustrumkommisje. Hat de taak fan ponghâlder (Quaestor) om’t er al salang foarsitter west hat.
Nienke Jet de Vries (skriuwer). Skriuwer fan de kommisje. Foarich jier begûn mei de stúdzje Frysk. It is allinnich spitich dat har namme stavere wurdt mei in twalûd (ie) yn stee fan de moaie Fryske ‘y’. Mar dat is dan wer gehiel te ferklearjen út it feit dat se opgroeid is yn it moaie Twinte.
Tsjomme Dijkstra (bestjoersliaison). Hoc Tempore ponghâlder fan Skano. Is as bestjoerslid delstrutsen yn de kommisje om de kommunikaasje goed rinne te litten. Is de lytse man mei grutte idealen en dêrtroch o sa wolkom.




Frisian_RUG

De lêste reaksjes