het_bildt_schotanus

Waadhoeke (2)

Oan de mûning fan de âlde Middelsee

Yn it noardwesten fan ús provinsje leit in eigenaardich stikje grûn.[1] Fruchtbere klaaigrûn, troch de jierren wûn op ’e see: It Bilt, of sa’t de Biltkers skriuwe, ‘t Bildt. Dit gebiet hat sûnt de Bataafske tiid in selsstannige gritenij west en is sûnt de ein fan de 19e iuw in gemeente. Yn 2018 sil it diel wurde fan in nije gemeente. Troch It Bilt gie mei de weryndieling fan 1984 al in skok, doe’t Minnertsgea as Frysktalich doarp by it Bilt foege waard. Dizze krite hat dus in sterke lokale identiteit, en dêrom is it fan belang om dêr ris goed te besjen.

Dat it gebiet sa’n singelier karakter hat, hat fansels mei de skiednis te krijen. Dy begjint yn de lette midsiuwen mei de Middelsee, de grutte see-earm fan de Waadsee dy’t Fryslân yn Westergoa en Eastergoa opdielde. It begjin fan dit binnenwetter, tusken Boalsert en Wommels, wie al om it jier 1000 hinne drûchlein. Yn de trije iuwen dêrnei waard stadichoan mear fan de see-earm ta lân makke. Dit proses hold rûchwei om 1360 op, doe’t it by de hjoeddeistige Langestraat by Bitgummole en de Skredyk by Stiens ophâlde. De see waard doe te breed om, mei de mankrêft fan de tiid, te betwingen. Dêrnjonken wie der gjin sintraal gesach dat bewenners út de omkriten der ta sette koe om mear lânbougrûn te winnen en gruttere seediken te bouwen foar ferdigening tsjin de see. Dat hie foar in grut part te krijen mei de earder al neamde striid tusken de Skieringers en Fetkeapers. Sa lang als de haadlingen mei harren lytse kriichsmacht it lân ûntheisteren, koe der net mei sokke projekten úteinset wurde.

oan it lijen. De ynterne striid yn Fryslân hie derfoar soarge dat de twa partijen bystân socht hiene by bûtensteanders. De Fetkeapers hiene help fan de Hollanners, wat de Skieringers ta it beslút brocht om de help fan de hartoch fan Gelre yn te roppen. De striid gie de 14e en 15e iuw oer en wer, sûnder dat der in beslút kaam. It wie ûnderdiel wurden fan in gruttere striid tusken de Hollanners en Gelre en letter tusken de keizer fan it Hillige Roomske Ryk en de hartoch fan Boergonje. Foar dit stik wurdt net fierder yngien op de striid, mar is it eins wol fan belang om te witten wêr’t it op útrûn. Mei it ôfrinnen fan de 15e iuw hiene de Fryske striders foar de Frijheid ferlern. In hiel bekend kriichshear fan de Friezen en bûnsmaat fan de Gelderske troepen wie fansels Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier. De Gelderske oanfierder Maarten fan Rossem moast allikewol de slach ferlieze fan de hartoch fan Saksen, dy’t yn tsjinst stie fan de Habsburchske keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Sa kaam it dat frjemde hearen it dochs foar it sizzen krigen yn Frieslân.

Foar it Fryske lânskip brocht dy oername fan ’e macht in grutte draai mei. It gesach, dat no yn hannen wie fan de Saksyske hartoch, soarge derfoar dat lânwinning dochs op grutte skaal oanpakt wurde koe. Yn de grutte mûning fan de Middelsee wiene de lêste 150 jier hieltyd mear kwelders ûntstien. Dat koe barre om’t it wetter oer de jierren ek rêstiger waard. Wylst de Middelsee oan it begjin fan de twadde helte fan de midsiuwen noch sânbanken fuortslaan koe, holp de kalme see no mei de oanwaaks fan lân. In âld wurd foar dit proses fan stadich mear en mear klaai-ôfsetting is ‘opbille’, dêr komt dus de namme fan de gemeente wei. Under de opfolgers fan de Saksyske hartoch waarden arbeiders út Súd-Hollân hjirhinne helle om de lêste resten fan de Middelsee yn te polderjen. It grutste stik – oan de Aldebiltdyk ta – waard yn 1505 drûchmakke. It proses soe duorje oant 1754, dan is de hjoeddeistige seedyk berikt.[2]

Mei dizze skiednis wurdt dúdlik dat It Bilt yn Fryslân en yn de nij te foarmjen gemeente in útsûnderlik gefal is. Wat dat oangiet, is it spitich te neamen dat de namme, as gemeentenamme, ferdwine sil. De Biltkers sille harren namme allikewol ûnthâlde en heechhâlde mei harren krante, en kafee ‘Het wapen van ’t Bildt’ en it âlde gemeentehûs sille lyksa it ferline yn oantinken hâlde.

 

[1] De auteur fan dit wurkstik hat de namme fan dit haadstik nei alle gedachten oppikt yn de boekekast fan syn Beppe. Dêr stie fêst it boek: Van de mond der oude Middelzee, fan Klaas J.van den Akker.

[2] M. Schroor, Van Middelsee tot Bildt (2002), 34.

Oer Bjorn de Jong

Bjorn de Jong (1993) is fjirdejiers studint skiednis en Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is hikke en tein oan de râne fan de âlde Middelsee tusken Ljouwert en Frjentsjer yn it och sa Fryske doarp Bitgummole. Op ‘e fyts troch dy omkriten sjogge jo al gau de ferskillen tusken it âlde en it nije, op de see ferovere, lân. De omjouwing hat troch de skiednis hinne sa har ynfloed op de minsken útoefene. Mei dat geografyske perspektyf hat de auteur yn syn stúdzje kennis makke en yn dit stik sil dat nei foaren komme.

Ien reaksje op “Waadhoeke (2)

  1. Pingback: Waadhoeke (2) | ensafh