waadhoeke

Waadhoeke (1)

Ynlieding

Ynherint oan it bestean fan steaten is dat se sintralisearje wolle. Yn dit histoarysk stik sil blike dat soks yn it ferline sa wie, mar ek hjoed-de-dei noch in wichtige rol spilet. Sa ek by ús yn Nederlân, dêr’t út it ryk wei de winsk om lytse gemeenten byinoar te foegjen grutter wurdt. Yn 2011 wiene de gemeenten yn it súdwesten fan ús provinsje as earst oan bar. De grutte gemeente dy’t dêrnei kaam, wie de Fryske Marren. Ferline jier waard bekend dat yn it noardwesten fan Fryslân ek in nije gemeente komme moat. Mei de foarming fan dy nije gemeente is der ek in hoop op it flak fan nammen te rêden. De gemeenten Menameradiel, Frentsjerteradiel en It Bildt sille mei inoar fierder moatte as ien. Dizze weryndieling – dêrby kriget it nije ferbân 42 doarpen en buorskippen, ien stêd en sa’n 47000 ynwenners – moat op 1 jannewaris 2018 fan krêft wêze.[1] De boargers fan de hjoeddeistige trije gemeenten hawwe it ôfrûne jier in enkête krigen mei de kar út ferskillende nammen. Op it lêst hie men de kar tusken  Waadhoeke, Franeker of Nij-Westergo, en de earste fan dy trije is it wurden.[2] It ferstannich útkiezen fan in nije namme foar in geografysk gebiet fertsjinnet tinkwurk en moat net oerhastich barre.

By it kiezen fan in nije namme giet it om mear as gewoan in oantsjutting fan in plak: de namme moat slaan op it plak sels en moat dêrom ek it ferline fan it plak yn him drage. Tink hjirby oan in plak as Ljouwert, dêr’t fan tocht wurdt dat de namme fan ‘werden’ (terpen) yn de ‘ljouwte’ (lijte) komt, oftewol trije terpen – Aldehou, Nijehou en Hoek – dy’t beskutting joegen tsjin de see. Kultuerhistoarysk sjoen, hawwe der wol foarfallen west dy’t meitsje dat de namme fan in plak net alhiel mear rimet mei de skiednis derfan. Of dêr’t in doarp troch yn frjemde omkriten belâne is. Sa is Minnertsgea yn 1984 by in weryndieling part fan de gemeente It Bildt wurden, hoewol’t it diel is fan it âlde lân en It Bildt nij lân is.[3] Dêrom prate de keallepoaten, sa’t de Minnertsgeaster neamd wurde, ek gjin Biltsk, mar Frysk.

Yn dit stik wurdt dêrom sjoen nei wat de hjoeddeistige gemeenten, dy’t yn de takomst mei inoar fierder moatte, sa al mien en net mien hawwe. Hokker aspekten ha de dielen troch de tiid mei inoar ferbûn en hokker ha krekt foar ûnderskied soarge? As earste diel yn in trijelûk besjoch ik yn dizze bydrage de histoaryske krite Westergo. Yn de folgjende dielen steane It Bildt en Frjentsjer/Barradeel sintraal.

De slachte

Wylst de Middelsee Westergoa fan Eastergoa skaat en de grinzen foarme, hat de Slachte in ferbinende faktor west foar in grut part fan de gemeenten yn Westergoa. De Slachtedyk is in binnendyk dy’t rint fan Raerd yn ’t suden nei Easterbierrum yn ’t noarden. De dyk is hast 42 kilometer lang en dêrmei tige geskikt foar in maraton. Sûnt de Simmer fan 2000 wurdt dy hurdrinwedstryd en in kuiertocht dan ek om ’e fjouwer jier hâlden. Hjoeddeis hat de dyk dêrmei dan ek benammen in kultuerhistoaryske funksje. As jo op in waarme simmerdei de dyk ôfrinne, is it lestich om jin foar te stellen hoe’t it yn it ferline west hawwe moat.

Dat ferline is ien fan striid mei de see. Om it jier 1200 moat de seespegel in lytse stiging fertoand hawwe. Sa wreide de Flevomar him út ta de Sudersee.[4] Westergoa is dan al fan seediken foarsjoen;  dy beskermen it lân yn it noarden tsjin de Waadsee en yn it easten tsjin de âlde Middelsee, yn it suden tsjin de Marneslinke boppe Boalsert en yn it westen tsjin de doetiidske Sudersee. De see waard oan it begjin fan de 13e iuw sa agressyf, dat der maatregels nedich wiene. Rjocht troch it midden fan Westergoa waarden lytse dykjes oanlein. Der bestiene ek al lytse diken om doarpen hinne. Gulden halsbân waard sa’n dyk neamd; de Penjumer halsbân is dêr miskien wol de ferneamdste fan. Dielen fan dy halsbannen waarden mei inoar ferbûn en sa ûntstie der in binnendyk, dy’t by trochbrekken fan de seedyk oan de Sudersee it wetter net fierder komme liet en sa foarname plakken as Frjentsjer, Achlum en Berltsum beskermje moast.

Yn it twadde part fan de midsiuwen wie it skaaimerk fan Fryslân de skynber ûnophâldlike striid tusken Skieringers en Fetkeapers. De iene helte sleat him oan by de Bernardinen, dy’t meastentiids Skiere kappen droegen, de oare helte hie him ferbûn mei de Norbertinen, dy’t in soad oan fetweidzjen diene. De striid gie om it erkennen fan it gesach fan de Hollanners of it beskermjen fan de Fryske frijheid en dêrmei de ûnôfhinklikheid. Dat hie net allinnich as gefolch dat der lytse striidmachten troch It Heitelân banjerjen, mar ek dat it hieltyd grutter wurdende ûnderhâld oan de diken efterop rekke. Troch de lette midsiuwen hinne is it bestjoer fan de Slachtedyk sa njonkelytsen mear profesjonalisearre rekke. Dat wie ek nedich, want troch de omfang fan de seedyk ûntstie der in belang fan alle kriten dy’t beëasten  de Slachte leine. As de dyk earne brekke soe, waarden alle plakken ommers troffen.

De profesjonalisearring sette oan de ein fan de midsiuwen yn, doe’t it rêstiger waard yn Fryslân troch it groeien fan it sintrale gesach.[5] It ûnderhâld fan de Slachtedyk waard in ferantwurdlikheid fan de fiif gemeenten dy’t benammen eastlik fan ’e Slachte leine. De fiif dielen dyk, sa as it neamd waard, moasten troch de gritenijen Baarderadiel, Barradiel, Frjentsjeradiel, Hinnaerderadiel en Menameradiel ûnderhâlden wurde. As lêste kaam de stêd Frjentsjer dêr as liedingjaande by. Dat de lieding út Frjentsjer kaam, wie net frjemd: dêr hie de Saksyske hartoch nammentlik syn yntrek nommen en dêr út wei kaam de oprop om mei-inoar de seewarringen te fersterkjen.

Nei de Saksyske hartoggen kaam yn 1515 de Spaanske oerhearsking en dêrmei waard de sintralisaasje krêftiger. Yn 1573 waard Caspar di Robles steedhâlder yn tsjinst fan de Spanjerts en fierde bewâld mei izeren fûst. De swarte kolonel – sa as syn bynamme wie, troch syn Moarsk uterlik – liet it Knillesdjip (Hollâns: Kolonelsdiep) tusken de Burgumer mar en Briltil yn Grinslân oanlizze. Ek soarge er derfoar dat de beskerming tsjin it wetter ferbettere waard. Dat dit heechnedich wie, hie de Alderheljenfloed fan 1570 sjen litten. De Robles twong de Friezen om de diken te ferheegjen. Wegering hie ophingjen as gefolch, oan de galge dy’t op de seedyk stie. Foar syn fertsjinsten wurdt de kolonel noch altiten eare mei in stânbyld op ’e seedyk by Harns: De Stiennen man. Mei syn januskop hâldt er de seedyk nei beide kanten yn it each.

Foar de namme fan de nije gemeente soe men tinke kinne oan dizze gearwurking tsjin de see. Yn de 16e iuw moasten de gritenijen ûnder twang fan de steedhâlder mei inoar troch ien doar. No, anno 2016, wol it ryk dat de gemeenten it selde dogge.

Ynkoarten giet dit stik fierder.
De bydragen yn dizze rige binne basearre op in stik dat Bjorn de Jong skreaun hat foar syn oplieding.

Noaten
[1] https://www.franekeradeel.nl/bestuur-en-organisatie/publicatie/herindeling-westergo, (lêst rieplachte op 31-des-2015).
[2] http://gemeentezoektnaam.frl/, (lêst rieplachte op 31-des-2015).
[3] Fan Middelsee tot Bildt, 13.
[4] De slachte, monument van een dijk, 23.
[5] Mear oer de útwreidzing fan in sintrale gesach yn de folgjende bydrage.

Boarnen
Schoor, M. Van Middelsee tot Bildt: Lândanwinning in Fryslând in de Middeleeuwen en de froegmederne tiid. Hoorn: Uniepers, 2000. Nr. 3 uit de reeks Archeologie in Friesland, Rijksdienst voor oudheidkundig bodemonderzoek.
Wynia, L. De slachte, monument van een dijk, Frjentsjer: Museum ’t Coopmanshûs, 1983.

Oer Bjorn de Jong

Bjorn de Jong (1993) is fjirdejiers studint skiednis en Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy is hikke en tein oan de râne fan de âlde Middelsee tusken Ljouwert en Frjentsjer yn it och sa Fryske doarp Bitgummole. Op ‘e fyts troch dy omkriten sjogge jo al gau de ferskillen tusken it âlde en it nije, op de see ferovere, lân. De omjouwing hat troch de skiednis hinne sa har ynfloed op de minsken útoefene. Mei dat geografyske perspektyf hat de auteur yn syn stúdzje kennis makke en yn dit stik sil dat nei foaren komme.

2 reaksjes op “Waadhoeke (1)

  1. Geweldig verhaal Bjorn. No witte wy wel een soart mear. Betanke. Groetnis fan beppe en Popke.

  2. Pake Durk soe grutsk op dy wêze (Net op `t frysk mar op de ynhald :-) ) Hii wâr ok bot intereseert in de skiednis fan oa de Slachte. (De bronfermelding komt ut syn boekekast)