Skanomodu bestiet ien jier!

Hjoed op de dei ôf ien jier lyn waard Y-Skrift Skanomodu lansearre op it Sirkwy Sympoasium yn de Koperen Tún fan Ljouwert. Sûnt 28 maart 2015 binne der in soad ferskate bydragen troch en foar jonge Friezen ferskynd. Dêrmei biedt Skanomodu in poadium oan jonge Friezen om har lûd hearre te litten.

Omrop Fryslân joech yn in artikel ek omtinken oan ús ienjierrich bestean. Sjoch foar it stikje hjirre: ‘In jier Skanomodu: tûzen besikers yn ‘e moanne’.