fryslan_en_de_wrald_2015

Reaksje op krityk

Bydrage trije yn de redaksjonele temawike

Lykas yn it redaksjonele stik fan ôfrûne woansdei al opmurken is, hâldt it tal ynhâldlike reaksjes op Y-Skrift Skanomodu net oer. Dat jildt ek foar myn essay ‘Skanomodu: in nije ympuls yn Fryslân, de opkomst fan in nije generaasje jonge Friezen’ en it mienisme. Wat ynhâldlik in bytsje serieuze reaksjes oangiet, stiet de teller op 1 jannewaris 2016 op ien. Dêrmei doel ik op it stik ‘Skanomodu: in nije generaasje?’ fan Pier Boorsma, publisearre op ynternet op Ensafh op 25 septimber ferline jier en op papier yn it lêste nûmer fan 2015 fan datselde tydskrift.

Myn stik is in reaksje op Boorsma sines. Somtiden moat men saken even in skoftke besinke litte ear’t men mei in tsjinlûd komt. Mei dat lûd kom ik no dochs, om’t ik mien dat it stik fan Boorsma net rjocht docht oan wat wy mei Skanomodu foar eagen hawwe, oan de ynhâld fan myn essay en it mienisme. It set jin ek op ’e nij oan it tinken oer jins ideeën.

Boorsma hat syn stik opdield yn trijen: earst in gearfetting fan it boek De revanche van de roman fan Thomas Vaessens, twads krityk op Vaessens en treds krityk op my. Ik gean yn op it lêste part, omdat dat it stik wêze soe dêr’t Boorsma ta in kearn komme moatte soe. Foarôf kin ik sizze dat dat part tagelyk ek it swakste punt fan it stik is. Sa stypje syn eardere twa parten syn kritykpunten op myn stik net echt.

Boorsma begjint mei de observaasje dat ik ôfrekkenje mei it sarkasme en synisme yn de Fryske literatuer. Dat doocht op himsels wol aardich, al moat ik der fuort wol by sizze dat ik it yn myn essay breder lûk as allinne de literatuer. Yn de sinnen dêrnei wurde syn redenaasjes lykwols wat te koart troch de bocht. Hy skriuwt dat der al synisme west hat foar it tiidrek fan it postmodernisme. Ja, dat leau ik grif; wat synisme sil gjin minske yn watfoar jiertal dan ek frjemd wêze. Wat sarkasme en synisme sa út en troch kin ek gjin kwea, mar my giet it om wat oars. It is krekt yn it postmoderne tiidrek dat it sarkasme en synisme út eardere tiden har sa fêstset hat yn it wurkjen fan guon aktoaren dat it in standert liket te wurden. It wurdt net sa no en dan ynsetten, mar folle faker.

Sa’n klimaat sil ek earder opfalle om’t de rûnte fan de Fryske kultuer sa lyts is. Boorsma docht de nijsgjirrige observaasje dat it synisme ynherint wêze moat oan de Fryske literêre sitewaasje. Sa’n lytse rûnte sil sa’n klimaat yndie earder yn de hân wurkje. Dêrneist ûntbrekt it faak ek oan aktoaren dy’t har tsjin sa’n klimaat oppenearje wolle. It is suver iroanysk, dêr’t ik sa’n wurd om sis, dat de measte reaksjes op myn besykjen om dat wol te dwaan myn observaasjes befêstigje. In skrinend kenmerk fan de Fryske kultuer is ek dat der oant no ta hast gjin fatsoenlike reaksje kommen is op in nije beweging yn Fryslân.

Yn de lêste sin fan de alinea seit Boorsma dat ik foar it gemak mar even de hûnderten konstruktive kritiken en resinsjes yn dei- en literêre blêden ferjit. Myn antwurd is lykwols dat ik dat net doch. Yn myn essay haw ik mear as ien kear besocht om út te lizzen dat it guon aktoaren binne dy’t bydrage oan it klimaat. Krekt dy aktoaren falle it meast op en bepale foar in grut part hoe’t it klimaat is. It is lykwols yndie sa dat jo it opfetsje kinne soene as sjoch ik de folsleine Fryske kultuer as dekonstruktyf, mar dat is dus hielendal net it gefal. It is krekt mar in minderheid dy’t dekonstruktyf dwaande is. By neier ynsjen hie ik dat noch wat better ferwurkje kinnen yn myn essay.

Yn de twadde alinea skriuwt Boorsma dat de term ‘konstruktyf’ net geskikt is foar it literêre bedriuw; literêre krityk kin konstruktyf wêze, mar foar de roman en de poëzy is de term ûnbrûkber. Dat kloppet. Yn myn essay haw ik dy term allinne brûkt yn ferbân mei it klimaat yn de kulturele wrâld en net mei de ynhâld fan literatuer. Spitich is dat Boorsma net yngiet op de saken dy’t ik wol sis oer de ynhâld fan mienistyske literatuer. Ik pleitsje foar mear engaazjemint yn de literatuer, wat ûnder mear ta utering komt yn it kiezen fan aktuele tema’s. Dat is dus mear as allinne mar optredens fan in skriuwer yn bygelyks talkshows. Ik sykje nei de betsjutting fan kultuer yn dizze wrâld. Ik sjoch dy betsjutting yn de ferbining mei wat der oan grutte dingen bart yn de wrâld. Yn myn eagen hat it postmodernisme foar in grut part de belutsenheid mei de werklikheid ferlern, wat der foar soargje kin dat lêzers ek de belutsenheid mei literatuer ferlieze.

Boorsma mient dat myn literatuer al gau yn de sfear fan de Boeketrige komt, mar sa sjoch ik it dus net. Ik wit dat it libben kloate wêze kin. Yn myn wurk beljochtsje ik faak krekt dy eleminten. Sjoch bygelyks nei it ferhaal ‘Fan de man dy’t ûndersnijde’. Sokke literatuer fyn ik ek folle moaier om te lêzen as literatuer mei mear partikuliere ûnderwerpen, krekt om’t it echt ergens om giet.

Boorsma hellet út it essay as definysje foar it mienisme ‘in sykjen nei wat minsken mien hawwe op wei nei in nije mienskip.’ By it lêzen dêrfan giet by him de grize oer de grouwe. By it lêzen fan it folgjende sitaat út syn stik giet by my de grize oer de grouwe:

“De nije maatskippij, de nije minske, de nije mienskip, wêr haw ik dat earder lêzen… Yn ’e tritiger jierren wie der in Roomsk-Katolyk tydskrift ‘De Gemeenschap’, dat krekt as Reitsma mear nei it ‘wy’ as nei it ‘ik’ sjen woe. Dat tydskrift rekke al gau yn ferkeard, fassistysk farwetter. En dan ha we de nije minske fan Mao, de nije maatskippij fan Stalin, en de SS dy’t harsels in mienskip neamde. De term ‘mienisme’ is no al besmet.”

It is bysûnder hoe’t Boorsma in lyts stikje út it essay hellet, folslein út de kontekst lûkt en wollens en wittens besmodzget. Mear wurden hoech ik dêr ek net smoarch oan te meitsjen.

Ik haw ôfstân nommen fan it tinkbyld fan guon Fryske bewegers om kultuer yn te setten yn de Fryske beweging. In nijsgjirrige observaasje fan Boorsma is wat dat oanbelanget dat dat benammen in byld fan bûtensteanders is, dy’t alles wat Fryks is as Beweging kwalifisearje. Oft dat wier is, kinne wy it letter noch wol ris oer hawwe. Yn alle gefallen sjoch ik faak dat it skreaune Frysk fier ôfstiet fan it Frysk dat jonge Friezen trochstrings prate. Dat kin in drompel wêze om Frysk te lêzen en te skriuwen. Oan de iene kant krûpt it Frysk fan de measte Friezen mear nei it Hollânsk ta, wylst it Frysk fan in lyts groepke de oare kant útgiet. As wy wat wolle, sil dêr feroaring yn oanbrocht wurde moatte. No sis ik net dat wy yn de skriuwtaal fuort oer moatte op de sprektaal, mar wat mear fleksibliteit soe al hiel wat wêze. Sykje it spanningsfjild om ynterferinsjefrysk hinne yn de literatuer bygelyks mar ris op.

Boorsma komt ta in konklúzje: “Koartsein: dit is gjin goed begjin fan in nije generaasje. Sûnt mear as hûndert jier hawwe der net sa’n bytsje skriuwers west mei in dichtbondel of in roman op har namme. It is dus tiid foar nije en jonge lûden!” Ja, dat is krekt wat wy besykje. Sa’n beweging opsette yn sa’n lyts fjild is in bealch fol wurk, sa net ûnmooglik. De swierrichheden hawwe wy al neamd yn it redaksjonele stik fan ôfrûne woansdei. Men kin jin oprjocht ôffreegje hoe sterk de wil fan de jonge Friezen is om har kultureel te binen.

Oer Meindert Reitsma

Meindert Reitsma (1994) is foarsitter fan Stifting Skanomodu en redakteur fan Y-Skrift Skanomodu. Earder wie er algemien bestjoerslid yn it bestjoer fan stúdzjeferiening Skanomodu en redakteur fan it ferieningsblêd. Hy studearret Europeeske Talen en Kultueren oan de RuG, mei as spesilisaasje Frysk. Hy skriuwt besprekken, ferhalen en essays. Meindert is dwaande mei syn earste boek, Wêr is Hester?, wat foar de jongerein ornearre is. Yn de simmer fan 2014 hat er in wike yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde sitten. As hobby spilet er euphonium en sit er op scouting.

3 reaksjes op “Reaksje op krityk

  1. Pingback: Reaksje Meindert Reitsma op Skanomodu-stik Pier Boorsma | ensafh

  2. Reitsma hat it oer ‘in nije beweging yn Fryslân’. Ik freegje my ôf: hoefolle minsken hawwe har yntusken oansletten by it Mienisme? Of bestiet dizze ‘beweging’ allinnich mar út leden fan de Skanomodu-redaksje? Mei oare wurden: kinne wy eins wol fan in beweging sprekke?

  3. Je moatte it poadium Skanomodu neffens my los sjen fan it mienisme dêr’t Meindert it oer hat. Ik skriuw út en troch foar Skanomodu en mei graach in oar syn stikken hjir lêze, mar ik ha neat te krijen mei it mienisme. Lit ús dat goed útinoar hâlde. Foar Skanomodu is it mienisme yn myn eagen net sa relevant. It poadium kin súksesfol wêze sûnder dat skriuwers in bepaald ideaal neistribje of in bepaalde streaming oanhingje. Wol de redaksje al in mienskipsgefoel of op syn minst in bân tusken de skriuwers, dan moatte se gearkomsten organisearje foar alle skriuwers.