Program fan de Dei fan ‘e Fryske Letterkunde bekend

Program fan de Dei fan ‘e Fryske Letterkunde bekend.

Op freed 7 oktober fynt De Dei fan ‘e Fryske Letterkunde plak yn Tresoar, te Ljouwert.  Dan is it op ‘e kop ôf 350 jier lyn dat it testamint fan Gysbert Japicx foarlêzen waard. De haadlêzing wurdt fersoarge troch dr. Piet Gerbrandy en sil gean oer it fakmanskip fan Gysbert Japicx.

Oare wichtige sprekkers binne: dr. Alpita de Jong; Abe de Vries, Piter Boersma, Prof. Marc van Oostendorp, Friduwih Riemersma en prof. Henk van der Liet.

It folsleine program is te finen op: https://www.fryske-akademy.nl/letterkundedei/

De organisaasje is yn hannen fan de Fryske Akademy, De Moanne, de NHL en Tresoar.