A-III-31-709x1024

Pastei en it ûndersyk nei it Freeska Landriucht

Sûnt hjerst 2014 is ûnder de namme Pastei in groep fan fjouwer man (neist mysels binne dat boekbiner Wytze Fopma, argivaris/âldgermanist Riemer Janssen en boekrestaurator Herre de Vries) dwaande mei ûndersyk nei it earste boek dat yn it Frysk drukt is: it Freeska Landriucht, ek wol (Alde) Druk neamd.

Der is net in soad bekend oer it Freeska Landriucht. It is in kwartoútjefte (wat ynhâldt dat de fellen nei it drukken twa kear teard binne, ‘yn fjouweren’ dus) fan alve katernen, dy’t allegearre bestean út twa fellen. Elts katern bestiet dus út sechstjin siden (twa fellen, beide kanten bedrukt, ‘yn fjouweren’ teard = 2*2*4=16). Seis fan de njoggen bekende eksimplaren ha boppedat in inkeld foarblêd (in ‘bifolium’) mei in proloochje en in ynhâldsopjefte. Dy njoggen eksimplaren lizze yn argiven yn Nederlân (Ljouwert (3, allegearre yn Tresoar), De Haach, Utert), Parys, Londen en Oxford (2). De ynhâld fan it Freeska Landriucht bestiet út Aldfryske rjochtsteksten, mei dêrtrochhinne gâns Latynske stikken: kommentaren en ferwizings nei it Romeinsk en kanonyk rjocht (mei-inoar: it ‘moderne’ rjocht). Fierder witte wy troch papierûndersyk út 1999 dat it Freeska Landriucht drukt is yn 1484-1486. En as lêste – en foar Pastei tige wichtich – witte wy op basis fan typografysk ûndersyk (sis mar: ûndersyk nei de brûkte drukletters) dat de drukker neist it Freeska Landriucht noch fiif oare, Latynske útjeften produsearre hat, alles yn de jierren 1484-1487. Oars as dat witte wy, sels nei goed twa iuwen ûndersyk, eins neat mear oer identiteit en wurkplak fan wat yn de boekwittenskip al lang bekend stiet as de ‘Freeska Landriucht-drukkerij’ (FLD).

Pastei hat as ûndersyksdoel om troch boekargeologysk ûndersyk safolle mooglik oan de weet te kommen oer de FLD, en dêrmei oer de ‘widzetiid’ fan de boekdrukkeunst (sa. 1456-1501). Dat komt eins del op elts bekend eksimplaar fysyk te bestudearjen, alle bewizen dy’t dat opsmyt te garjen en yn ferbân mei-inoar en mei oare kennis en boarnen besykje te bringen.

Pastei hat yntusken al hiel wat drukken fan de FLD yn hannen hân – letterlik. En fansels beheine wy ús perfoarst net ta de Fryske druk; dat is yn it ferline al fierstente folle dien, wat eins ús blik op de ûntsteansskiednis fan it boek en de identiteit fan syn makker, de FLD, allinne mar fersmoarge hat. Mar al te graach ha ûndersikers út it ferline de drukkerij yn Fryslân situearje wollen – wêr oars soe in Frysk boek drukt wêze kinne? Mar sa simpel is it fansels net. Wêrom soe men in Frysk boek net earne oars drukke kinne? Wy ha dan ek gjin inkelde oanwizing dat yn 15e-iuwsk Fryslân in drukker aktyf west hat. Goed oer de grinzen sjen dus, foar de oarsprong fan it Freeska Landriucht. En dat docht Pastei dan ek: wy ha yn Ljouwert en Grins west, yn De Haach en Utert, (hiel koart) yn Parys, en Zutfen en Wezel (D) binne as folgjende oan bar. Us okulêre (‘mei it each’) ûndersyk hat ek al hiel wat nije ynsjoggen opsmiten – wat sjocht men folle mear oan it fysike objekt dat op in foto folslein fuortfalt! En lang net altiten giet it om tekstueel bewiis, mar folle faker om fysyk bewiis. Tink bygelyks oan de wize fan ynbinen, boekbannen, smoarge plakken, wettermerken. Sokke fysike, sterk kontekstuele stúdzje is o sa fruchtber, en ik oerdriuw net as wy inoar somtiden as lytse jonges mei reade wankjes oansjogge as der wer ris in kwartsje falt.

Ien sa’n kwartsje wol ik hjir mei jim diele. It giet om ien fan de eksimplaren út de kolleksje fan Tresoar. Ik tsjut it hjirnei oan mei syn sinjatuer: 1074R, al stiet it ek wol bekend as it ‘PB-eksimplaar’. 1074R is om ferskate redenen nijsgjirrich, mar hjir giet it benammen om it foarblêd (it hat der sels twa, in frjemd aspekt dêr’t wy meikoarten yn it Tresoarblêd Letterhoeke mear oer fertelle sille). Der stiet fan alles op dat blêd te lêzen oan 16e-iuwske Latynske, Fryske en Leechdútske hânskreaune tekst (‘glossen’). Guon glossen binne knap te lêzen, oaren minder en wer oaren eins hielendal net. Yntusken ha wy lykwols mei help fan UV-ljocht ek dy ûnlêsbere stikjes tekst sa goed mooglik bleatlizze kinnen (fgl. de beide foto’s, makke troch Anke van der Schaaf).

PasteiTresoar-1uv
Fergrutsje

PasteiTresoar-1
Fergrutsje

Earst wat der krekt stiet, fan boppen nei ûnderen. Ik jou de ferskillende ‘hannen’ in letter (ûnlêsbere stikken en tekstuele taljochtings tusken kante heakken; oploste ôfkoartings kursyf):

A. Item vallet daer yem[…]t […]eue toe de hi[…] niet giscreuen synt di dele man si me[…]e […] und arffnisse inden […]enteren Wolde doet

B. Hunc libellum possidet bona fide Henricus Rheningius, ex libris Nobilis Heronis ab oldersum, piæ memoriæ,    et Id authore Casparo Mollero. in perpetuam memoriam 20 Aprilis [15]89. Casp. Moller

C. Dat aelde freeska Landriucht mey een Taefla bi disse oder sida neifolgend beschrioun.

D1. Clarissimo consultissimoque viro Domino Rembarto Ackema legum Doctori(?)

D2. Clarissimo viro Domino Rembarto Ackema legum Doctori consultissimo, nec non Arcis Lherortanae præfecto dignissimo, Domino et amico suo non minus colendo quam obseruando. Hunc librum indissolubilis amicitae ergo dono dabat. Henricus Reyningius Covord. Not preb. 15 Octob. Anno 1590 H Reininge Covord.

E. An[…] […] amico a[…]is[…] […] possit(?)

No de oersetting (mei tank oan André Looijenga foar de ynterpretaasje fan de Latynske stikken):

A. (frije ynterpretaasje n.o.f. oare fynplakken fan dizze bepaling:) Fierder, as immen erfdielen tafalle dy’t hjir net beskreaun stean, dan ferpartet men dy sa’t men mei erfskippen yn Menterwolde docht.

B. Dit boek besit te goeder trou Henricus Rheningius, út de boeken fan de edele Hero fan Oldersum, ta sillige neitins, en dat dit sa is, tsjûget Caspar Moller, ta ivige oantins, 20 april (15)89. Casp. Moller

C. It âlde Fryske lânrjocht, mei in tafel op de oare, neifolgjende side beskreaun

D1. Oan de tige ferneamde en tige rieplachtweardige man, hear Rembartus Ackema, doctor yn de rjochten

D2. Oan de tige ferneamde man, hear Rembartus Ackema, tige rieplachtweardige doctor yn de rjochten, én boppedat tige eare prefekt fan de burcht Leerort, hear en syn [=fan Henricus] freon, dy’t net minder fereare wurde moat as fereare wurde moat [=dy’t tige fereare wurde moat (stylmiddel)], joech dit boek as geskink as blyk fan duorjende freonskip: Henricus Reyningius van Coevorden, publyk notaris, 15 oktober yn it jier 1590. H[enricus] Reininge (van) Coevorden

E. [net goed oer te setten]

Earst oer de nammen dy’t hjir neamd wurde. As earste: Hero fan Oldersum. Yn glosse B wurdt sein dat it boek út dy syn boekerij ôfkomstich is. Hero wie haadling fan Oldersum en Gödens en huze op de famyljeburcht te Oldersum. Hy is stoarn yn 1559. Syn pakesizzers krigen sa’n tritich jier letter spul om de neilittenskip fan de famylje. Dat gie sa mâl dat de ynboel (ynklusyf de boekerij) én de burcht ferparte waarden. De ynventaris fan de ynboel is opmakke op 19 april 1589; dat stik sels is bewarre bleaun (it leit yn it Emder Stadtarchiv). Troch de oerienkomsten kwa wize fan datearjen fan dy ynventaris en dizze glosse – en fansels de datum sels – tinke wy (al moat ferlykjen fan de hânskriften dit noch befêstigje) dat it opmakke is troch…

…Caspar Moller, en dêrmei ha wy de twadde namme op it foarblêd. Caspar wie yn dizze snuorje sekretaris fan greve Edzard II fan East-Fryslân; koart hjirnei waard er stedskriuwer fan de wichtige havenstêd Emden. It soe dus net nuver wêze as dizze ynfloedrike persoan oanwiisd wie om sa’n foarname ferboelguodding as dy fan de tsierende Eastfryske haadlingefamylje yn goede banen te lieden. Underdiel fan de ynventaris is oars in list mei boeken, dêr’t ek ‘ein olt geschrieben landrecht’ yn neamd wurdt. Oannaam is altiten dat dêrmei referearre wurdt oan in eksimplaar fan it Ostfriesische Landrecht dat greve Edzard I yn 1518 opstelle litten ha, en dat wurd ‘geschrieben’ suggerearret dan ek frij útdruklik dat it net om in drukt boek giet. Mar om redenen dy’t wy yn in oar stik útlizze sille, freegje wy ús dochs ôf oft it hjir net om 1074R gean kinne soe. Hoe dan ek hat Caspar syn wurk as ferboelguodder mei grutte tawijing dien, sa tsjûget syn opmerking op it foarblêd, dêr’t er sekuer yn notearret dat dit eksimplaar oergien is yn hannen fan…

…Henricus Reiningius fan Coevorden: de tredde namme. Ek dizze man is goedernôch bekend út de boarnen, as publyk notaris yn de omkriten fan Emden en Leer. Henricus hat sels ek as notaris behelle west yn de ôfwikkeling fan de Oldersumer erfdieling (freonlike meidieling Redmer Alma). Hy krige dit boek op 20 april 1589 út hannen fan Caspar Moller út de ynboel fan de haadlingefamylje oerlange – as tank foar syn help? Hoe dan ek kaam it no yn Henricus syn besit. Mar net foar lang, want Henricus hat it oardel jier letter, op 15 oktober 1590, op syn bar wer fuortjûn oan…

…Rembartus Ackema, de fjirde en lêste namme op it foarblêd. Neffens de opdracht dy’t Henricus op it foarblêd set hat, wie Rembartus prefekt (‘Amtmann’) fan Leerort, yn dy dagen in strategyske festing op de lântonge dêr’t de Leda yn de Iems streamt, súd fan de Eastfryske stêd Leer. De opdracht fan Henricus is de sjerpsmarderige kant it neist. Dat kinst ek sjen oan it trochhelle stikje: de earste kear dat Henricus wat opskreau, wie er noch net tefreden; hy hat it fuort trochhelle (mei swarte inket) en de kwaliteiten fan Rembartus nóch better foar it fuotljocht helje wollen. It wie kenlik, sa soe men hjoed sizze, in relaasjegeskink. No wie Rembartus, as prefekt, yndie ek wol in man fan kwizekwânsje. Hy wie as religieus flechtling de stêd Grins yn 1580 ûntflechte, dêr’t er noch yn dat jier as sekretaris fan it opperste rjochtsynstitút – de Hoofdmannenkamer – fungearre hie. Dat wie ien fan de wichtichste funksjes yn de stêd Grins.

Gearfetsjend is 1074R op ien of oare wize yn de sechtsjinde iuw yn de boekerij fan de Eastfryske haadling Hero fan Oldersum telâne kaam, dêrútwei by de ferneamde boelskieding fan dy syn pakesizzers op 19 april 1589 troch Caspar Moller oerdien oan Henricus Reiningius, dy’t it op syn bar op 15 oktober 1590 wer as geskink jûn hat oan de prefekt fan Leerort, de Grinzer jurist Rembartus Ackema.

Bliuwe oer de hannen A en E. Oer hân A: dat blykt in bepaling út it erfrjocht fan Fivelgo en Oldampt te wêzen. Wannear’t, wêrom’t en troch wa’t dy opskreaun is, witte wy net, mar de hân liket wat âlder te wêzen as de oaren, en dat tsjut derop dat 1074R út de Ommelannen wei yn Oldersum telâne kaam wêze kin. Opfallend is wol dat dit krekt in bepaling is oer erfdieling. Oft der in relaasje is mei de saak-Oldersum? Wy witte it (noch) net. Oer hân E: op de pear heale wurden nei dy’t wy, mei help fan UV-beljochting, no lêze kinne, is dit net te ûntsiferjen. Wat wol dúdlik is, is dat it net deselde hân is as D (Henricus), en dat de inket dy’t hjir brûkt is, deselde brune inket is as de inket dêr’t de ‘falske start’ fan Henricus (D1) mei trochhelle is, néidat er it sels fuort al mei swarte inket trochhelle hie. It leit om dy beide redenen foar de hân om oan te nimmen dat dit in oare skriuwer west hat as Henricus, en dat it dus de hân is fan in lettere besitter fan 1074R. Rembartus Ackema? Ek dat is in fraach dêr’t wy yn de heine takomst troch it ferlykjen fan argyfstikken in antwurd op hoopje te hawwen.

Fragen genôch dus, en de antwurden dy’t wy fine, smite hieltiten wer nije fragen op. Mar eltse fraach is in gat yn de puzzel, en elk antwurd in puzzelstikje. Hoe grut de puzzel is witte wy net, en wat der krekt op te sjen wêze sil, eins ek net. Mar puzzelje is moai wurk – en ast sels meipuzzelje wolst, dan kin dat, want Tresoar hat ús ûndersyk op 28 oktober 2015 as ColdCase op harren Facebookside set. Op dat plak kinst dyn tinzen oer ús wurk of dyn eigen ideeën kwyt!

Links:
Het oudste Friese boek en diens onbekende drukker 
Tresoar oer it Freeska Landriucht 

Foto foarside: fragmint út it Freeska Landriucht.

Oer Anne Tjerk Popkema

Anne Popkema (1975) hat nei syn stúdzje Frysk (spesjalisaasje Aldfrysk) fan 2002-2008 as âldfrisist wurke by de Fryske Akademy en de Nordfriesische Wörterbuchstelle (CAU Kiel). Hy is mei-auteur fan it Altfriesisches Handwörterbuch en hat al gâns publisearre oer Aldfrysk. Sûnt 2008 is er foar himsels begûn as oersetter, taaldosint en projektkoördinator (Taalburo Popkema); projekten fan syn hân binne û.o. de natoerapp Fauna yn Fryslân, De Hobbit, Mearkes fan Grimm en De skipsjonges fan Bontekoe. Hy is ien fan de oprjochters fan Utjouwerij Regaad. Anne is ek dosint Aldfrysk oan de oplieding Frysk yn Grins.

2 reaksjes op “Pastei en it ûndersyk nei it Freeska Landriucht

  1. Pingback: Pastei en it ûndersyk nei it Freeska Landriucht | ensafh

  2. it is de wurkgroep Pastie blykber ûntgong dat der oardel jier forlyn ek in publikaesje ooer dizze Fryske Ynkunabel forskynd is. Der haw ik wol socht hoe oft de kolleksje te stân kaem is. Mar it is blykber yn de fryskesinnige rounten gjin wenst om ek ris in it (in) oarkondeboek to sjen. Dan hie der mear oer sein wurde kinne. Net allinne de foarblêden binne apart, ek binne der nei de foltôging fan de earste tsien katernen noch twa mei nije stikken bijdrukt. Ik wol mar sizze: allinne fiskje yn eigen wetter, forsjocht de pis net fan mear smaek. Dan noch wat. op 27 okt foarich jier haw ik in studzje oer de 17 kêsten útbrocht. Gjin alfde ieuw dus. de citaten riigje harren oanien van1427, 1399, 1368 1334 en noch djipper werom. Ek hjir, hie min mar ris yn in earkunde (Gjin flater, dit is opset) sjoen. Wat mijsels oangiet, it bliuwt bihelpen, mar ik sjoch dat ik hjir eins under gelikensen bin. Groetnis, Jan Post.