obe Foarspul

‘Obe Foarspul': middei oer Fryske oersetterij

Op freedtemiddei 9 septimber organisearje Utjouwerij Regaad en jongereinstifting Skanomodu it Obe Foarspul, in spesjale middei oer Fryske oersettings. De oanlieding is it Frysk Boekefeest (Tresoar) fan dyselde jûns, dêr’t de winner op bekendmakke wurde sil fan de Obe Postmapriis, de grutste provinsjale oersetpriis. It Obe Foarspul fynt de middeis fan 15.30-18.00 oere plak op Teaterskip Bald’r, dat foar dizze gelegenheid fuort efter Tresoar yn de Prinsetún oanmeard lizze sil.

Yn in Battle of the Titans sille skerpslipers Eric Hoekstra en Goffe Jensma stride oer sin en ûnsin fan de Fryske oersetterij. André Looijenga leit it loerizer oer de fjouwer nominearre boeken foar de Obe Postmapriis, en Bert-René Luimstra giet dêrnei mei dyselde nominearren yn petear. Der binne foardrachten fan Tsead Bruinja, Sigrid Kingma en Trevor Scarse, en der is muzyk fan Baldrs Draumar. Oan de ein fynt de útrikking fan de alderearste ‘Lytse Obe’ plak, nei oanlieding fan in oersetwedstryd dy’t Regaad en Skanomodu foar de gelegenheid útskreaun ha.

It Obe Foarspul is ûnderdiel fan it Swalk-programma; de tagong is fergees.
Dei/tiid: freed 9 septimber, 15.30 (ynrin) – 18.00 oere
Plak: Prinsetún (fuort efter Tresoar), Teaterskip Bald’r
Tagong: fergees
Organisaasje: Regaad en Skanomodu, y.g.m. Swalk

Facebook-evenemint, regaad.nl.