Nienke Jet de Vries wint skripsjepriis 2016 Fryske Akademy

Bestjoerslid fan Stifting Skanomodu en âld-redakteur fan Y-Skrift Skanomodu Nienke Jet de Vries is winner fan ’e Skripsjepriis 2014-2016, dêr’t de Fryske Akademy it bêste skripsjeûndersyk nei in Frysk tema mei ûnderskiedt. De Skripsjepriis – in bedrach fan tûzen euro – is oan Nienke Jet útrikt op ’e earste Letterkundedei dy’t de Fryske Akademy op freed 7 oktober organisearre.

Nienke Jet kriget de priis foar har masterskripsje Fan Selskip nei mienskip, dy’t se yn 2015 foltôge hat foar de oplieding Fryske letterkunde oan ’e Ryksuniversiteit Grins. Yn har skripsje sjocht sy nei de rol fan ’e Fryske literatuer tusken 1844 en 1915 as ferbinende krêft fan it doe ta stân kommende Fryske taalbewustwêzen.

Lês mear oer de skripsjepriis en it sjueryrapport op de webside fan de Fryske Akademy.

Skanomodu lokwinsket Nienke Jet fan herte mei dizze priis!

P.S. Earder publisearre Nienke Jet in artikel oer har skripsje op Skanomodu: ‘De ferbinende krêft fan it Winterjounenocht’.