Naamloos

Lêste oprop: fertaalwedstryd ‘Lytse Obe’

Noch in pear dagen om mei te dwaan oan dé nijste priis yn Fryslân: ‘De Lytse Obe’.

Op freed 9 septimber wurdt op it Frysk Boekefeest by Tresoar de ‘Obe’ útrikt: de Obe Postmapriis, foar de bêste fertaling nei of út it Frysk.

Mar do kinst ék in ‘Obe’ winne! Utjouwerij Regaad en Y-Skrift Skanomodu organisearje nammentlik de ‘Lytse Obe’- fertaalwedstryd, dêr’t elk oan meidwaan kin. Kies in tekst út fan maksimaal 150 wurden: in gedicht, proaza, in liettekst, wat dan ek. Meist fertale nei it Frysk ta of út it Frysk wei, hindert neat hokker taal. De bêste fertalings wurde yn in spesjaal boekje publisearre, en de âlderbalderbêste wint… de Lytse Obe!

De winner fan de Lytse Obe wurdt bekendmakke op freedtemiddei 9 septimber, op Teaterskip de Bald’r, dat spesjaal foar de gelegenheid yn de Prinsetún ôfmeard wurdt, fuort efter Tresoar. Op de Bald’r wurdt nammentlik in spesjale, feestlike middei organisearre oer it oersetten yn de Fryske literatuer… De middei is boppedat de opmaat foar it Fryske Boekefeest fan dy jûns, yn Tresoar, dus jim kinne yn ien kear troch!

Stjoer dyn oersetting fóar 15 augustus nei skanomail@skanomodu.nl, en wa wit winsto op 9 septimber de Lytse Obe!