Taalspegel

It goede Frysk

Elke skriuwer dy’t skriuwt yn in minderheidstaal hat der mei te krijen. In publyk dêr’t de measte lêzers analfabeet binne yn harren eigen taal. Dizze lytse talen binne faak allinnich mar ‘sprektalen’ en der kin dan wol in skrift wêze, mar dat is tige swak. Sa is it ek mei it Frysk. It Frysk hat dan wol in lange skiednis wat de taal en it skriuwen oanbelanget, mar it is in lytse taal mei mar weinich (ik brûk dit wurd gewoan) sprekkers en (dus) noch minder skriuwers.

In protte minsken wolle wol graach Frysk skriuwe mar ik moat sizze, it freget in soad wurk en doch it goed (/om it goed te dwaan). Om no elke foarm goed te learen en ek nochris echt geef Frysk te brûken is in hiele bulte wurk. Want net allinnich moatte je alle spelling leare. Je moatte ek goed Frysk praten leare. Hokker foarmen binne no goed? En is in wurd as ‘hokker’ noch wol in wurd dat je brûke kinne bûten de Omrop om?

Sûnt ik Frysk studearje, haw ik my in soad mei sokke fragen dwaande holden. En ik moat sizze, de iene dei kin ik noch wolris in oare miening hawwe as de oare. Dêr’t ik de iene dei it ferline beskôgje as foarbyld fan goed Frysk, dêr tink ik de oare dei: wat in gejeuzel.

Dêrneist wurdst troch minsken noch wolris frjemd oansjoen ast guon wurden brûkst dy’t hja(=sy) sels net brûke of kenne. Je wolle mei ien kommunisearje op in gewoane manier, dêrom is it soms better om ‘gewoane’ wurden yn stee fan goed’ Frysk te brûken’. Wêr is de balâns? Asto in moai ferhaal skriuwst mar net ien kin of wol it lêze, dan hat it net sa folle sin om it te skriuwen.

It is lykwols al sa dat moai taalgebrûk ek freget om moaie wurden en sinskonstruksjes. Boartsje mei taal is ien fan de grutte krêften (of sil ik ‘krachten’ skriuwe?) dy’t in taal hat. Dochs is dat boartsjen yn it Frysk tige beheind (beheind=beperkt). Der binne in hantsje fol minsken dy’t der aardichheid oan belibje om skriuwers fan it Frysk te ferbetterjen op harren Frysk. Skriuwe je earne: folle lok en seine, dan is der altyd wol ien dy’t je der efkes op wize wol da’t je ‘folle’ sa net brûke kinne (it moat ‘in soad’ of ‘in protte’ wêze).

Mar wat is no goed? Je kinne mei in groepke minsken wol betinke hoe oft it moat. Mar der binne net in soad minsken dy’t dêr nei harkje wolle. Benammen net as dy minsken der in protte wurk foar fersette moatte. Boppedat is it in ‘gegeven’ dat in taal altyd feroaret. Dat witte wy al wat langer as hjoed.

As ik sa ris mei jonge skriuwers om my hinne praat, rinne wy tsjin dit ferfelende probleem oan. As begjinnende skriuwer wolst dy sjen litte, en moatst dy ek nochris bewize. Mar wat no ast in foarm brûke wolst dy’t net geef is mar al goed (by dy) past. Ast net foar de goede foarm kiest, wurdst miskien wol fuort oansjoen as ien dy’t net goed Frysk kin. Wylst dat faak net it gefal is. Je fine de foarm allinnich net mear fan hjoed en wolle in oare foarm brûke om’t je dat yn it deistich libben ek dogge.

Troch dit stikje hoopje ik jimme ynsjoch te jaan yn in probleem dêr’t jonge skriuwers tsjinoan rinne. En elts mei derfan tinke wat hy of sy wol, mar jonge skriuwers moatte dy goede foarmen leare en krije dy net altyd mear fan hûs út mei mei oare wurden hy of sy hat der gjin bining mei. Dat, in minder geve foarm kin al soargje foar wat mear echtheid yn in tekst, om’t it al de wurden binne fan de emoasje. In emosjonele lading kin earne wolris útgean as je net de taal fan je emoasje prate kinne en je eigen foarmen brûke kinne, mar yn stee dêrfan in opleine foarm dy’t dan tafallich de goede is.

Twadde probleem; It Hollânsk is ek net de taal fan de emoasje. Dat, dy kinne je ek net brûke. Hoe bliuwe je echt as skriuwer as je dingen brûke moatte dy’t je somtiden frjemd binne? En wat is goed Frysk ast no ien kear (krekt as elkenien) grutbrocht bist mei ‘ferkearde’ wurden?

Ik bin benijd hoe’t oare (benammen jongere) skriuwers dêroer tinke. En hoe’t hja hjir mei omgeane. Hjirby de útnûging.

PS. Dy ‘spelling’ moat neffens it ‘goede’ Frysk ‘stavering‘ wêze.

Oer Remco van der Leeuw

Remco van der Leeuw (Snits, 1994) studearret Europeeske Talen en Kultueren oan de Ryksuniversiteit yn Grins mei as haadtaal Sweedsk. Under syn stúdzje hat er as stazjêr dwaande west by Omrop Fryslân, dêr’t er betinker en meiwurker west hat fan de dokumintêre ‘De Hear ferstiet gjin Frysk – FryslânDok’. Syn ynteresse yn taal en sjoernalistyk is pas ûntstien mei syn stúdzje foar dosint maatskippijlear. Nei syn propedeuse hat er dan ek keazen foar syn hjoeddeiske stúdzje yn Grins.

4 reaksjes op “It goede Frysk

  1. Bêste Remco,

    No is it ferduld in âldere skriuwer dy’t as earste reagearret. Ik hoopje net datst it slim/erch fynst. Do beheinst dy yn dyn stik ta de jongere skriuwers dy’t mei dit probleem te krijen hawwe. Begryplik, mar nim mar fan my oan dat dit foar elke skriuwer jildt, leeftiid docht der net ta. Ik sit dus likegoed om te griemen as der wat barre/gebeure moat yn myn teksten. Myn advys: doch wat by dy past, wês dêryn dan ek konsekwint. En no mar gau oan it skriuwen, blinder!

    • Wat in ear(e) dat no krekt de grutte K. Tiemersma as earste reagearret. Dan hawwe wy fuort de master oan it wurd. En it is goed te witten dat it him ek oerkomt. Dat jout de ‘burger’ moed sil ik mar sizze. Tank foar jo reaksje.

  2. Pingback: Remco van der Leeuw: It goede Frysk | ensafh

  3. Do skriuwst dat dyn miening oer wat moai Frysk is noch wolris feroaret. Dat is in probleem dêr’t ik ek ferskate kearen tsjinoanrin. Yn myn gedichten brûkte ik konsekwint ‘efter’ om’t it tichter by it Ingelske ‘after’ stiet en ik dat moaier fûn kwa wurdbyld. Mar it is sa’tstû ek seist net de foarm dêr’t ik mei grutbrocht bin. No ha ik foar de bondel dochs besletten om alle ‘efters’ yn ‘achter’ te feroarjen om’t ik it wat âldfrinzich en faaks ek heechdravend begjin te finen. Sa meitsje ik hieltyd in keuze/kar, en it bliuwt ûnbefredigjend.