nijs_verne_herdruk_805x350-800x350

In wrâldreis yn strip en app

Yn 2011 ferskynde by it Jules Verne Genootschap In wrâldreis yn 80 dagen, in moaie oersetting fan Syta Bakker Palma. De klassiker dy’t we allegear kenne sprekt ta de ferbylding en is it meast populêre boek fan Jules Verne. Utjouwerij Regaad seach dat der mear yn siet en is mei in ambisjeus plan úteinset. Fan ’t simmer is ûnder lieding fan Bert-René Luimstra it ferhaal fan de hear Phileas Fogg en syn hûsfeint Jean Passepartout yn stripboek útbrocht. In stripboek is dochs wol efkes wat oars as in tekstuele oersetting. ‘It wie in steile learkurve’ bekent Anne Tjerk Popkema, ien fan de driuwende krêften efter Utjouwerij Regaad. By it stripboek is ek in app ûntwikkele dy’t sawol rekreatyf as edukatyf brûkt wurde kin en mei in koade yn it stripboek beskikber is.

It stripferhaal brûkt in oar perspektyf as it orizjinele boek. It spilet him ôf yn Londen fan hjoed de dei. Julia is mei har famylje krekt ferhuze nei in âld hûs yn de stêd. Op souder is allegear rommel steanbleaun fan in eardere bewenner. By tafal ûntdekt se in kistje mei papierkes en in poster fan in sirkus. Har buorman John werkent de poster. It docht bliken dat Passepartout syn oerpake wie. Tegearre fine se út wat der noch mear yn it kistje sit, en sa rekonstruearje se de reis om de wrâld fan Phileas Fogg. Uteinlik geane se yn de ‘gentleman’s club’ sels nei oft de hear Fogg de weddenskip wûn hat en yndie binnen 80 dagen de wrâld rûnreizge hat. De framing fan it ferhaal liket in soad op it konsept dat yn de stripsearje Van nul tot nu brûkt is, dêr’t de makkers der tige doeltreffend yn slagge binne om skiednis boeiend en mei in soad humor oer te bringen.

In ferhaal mei sa’n soad feitlike ynformaasje is dreech om boeiend op te skriuwen mei each foar de karakters. Nammenste dreger is it om der yn sechstich siden in strip fan te meitsjen, dêr’t gjin plak is foar útwreiding en dêr’t karakterútdjipping benammen troch gesichtsútdrukking plakfynt. Yllustrator Roelof Wijtsma is der yn slagge om alle finsters relevant en boeiend te meitsjen. Kinst yn ien eachopslach sjen wat der bart en de linige tekst liedt jin der sa trochhinne. It ferhaal lêst as in trein, is moai en helder yllustrearre en foeget wat ta oan it oarspronklike ferhaal. Yn de strip is goed omtinken jûn foar de nuvere figuer dy’t Phileas Fogg is, al hellet de strip it net by it boek. Wat de feitlike ynformaasje oangiet is de app net allinnich in fernuftige, mar ek in praktyske oanfolling. Reden te mear om de app, dy’t in wichtige mearwearde oan it projekt jout, neier út te ljochtsjen.

Op it stuit rint der in demoferzje fan de app. It haadmenu jout ferskillende opsjes. De wichtichste is de strip sels, dy’t plaatsje foar plaatsje frijjûn wurdt mei bypassende muzyk en eftergrûnlûden. By ferskillende plaatsjes sit in ikoantsje dat oanklikt wurde kin, dêr’t mear ynformaasje oer in bepaald ûnderwerp jûn wurdt, mei in eksterne link nei fierdere ferdjipping. Dat kin bygelyks in stikje skiednis wêze fan it Suezkanaal yn 1872 of in útlis fan it Hindoeïsme. Der is yn de mande mei dosint Aant Jelle Soepboer in lesbrief ûntwikkele sadat it yn in les ekonomy, technyk, libbensbeskôging, skiednis, ierdrykskunde of Frysk brûkt wurde kin. Ikoantsjes litte handich sjen hokker stikken by bepaalde fakken hearre. Yn it haadmenu fan de app is der neist it útsetten fan de lûden ek de opsje om de folsleine oersetting fan In wrâldreis yn 80 dagen fan Syta Bakker-Palma yn pdf te lêzen. Dy tagonklikheid jout ek wer mear mooglikheden foar it ûnderwiis. Der hat al in pilot west op in middelbere skoalle yn de lessen skiednis dêr’t de resinsjes troch brûkers fan toand wurde yn de app sels. De app sil yn augustus lansearre wurde, foardat it nije skoaljier begjint.

Mei de help fan in soad fûnsen en provinsjale stipe koe dit prachtige potinsjeel edukative projekt werklikheid wurde. De strip is partikulier al in grut súkses mei mear as 500 ferkochte eksimplaren. Troch de skaplike priis en de tagonklike multidisiplinêre foarm ferwachtsje ik dat it middelber ûnderwiis de strip mei app  en lesbrief mei gauwens yn hûs hellet. Noch efkes en de Fryske Phileas Fogg giet de wrâld oer, wy sille sjen oft dat ek yn 80 dagen kin…

In wrâldreis yn 80 dagen fan Jules Verne, tekene troch Roelof Wijtsma.
ISBN: 978 90 821970 37
Utjouwerij Regaad.

Foto foarside: fragmint út de strip, makke troch Roelof Wijtsma.

Oer Sigrid Kingma

Sigrid Kingma (1989) studearre Nederlânsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Se hat foarsitter west fan stúdzjeferiening Skanomodu en wie hûsdichter by it blêd Skanoskrift. As Frysk dichter draacht se gauris foar by ferskate gelegenheden yn en bûten Fryslân. Har ynteresse giet út nei de berneliteratuer dêr’t se yn 2012 foar Sirkwy Sympoasium in lêzing oer holden hat. Sûnt dy tiid resinsearret se de berneboeken foar it Friesch Dagblad. Sigrid hat by ferskate tydskriften belutsen west as resinsint en columnist. Se wurket op it stuit oan in dichtbondel.

Ien reaksje op “In wrâldreis yn strip en app

  1. Pingback: Sigrid Kingma: Besprek ‘In wrâldreis yn 80 dagen’ | ensafh