Gastblog Jan Ybema oer de histoarikus oan de Fryske Akademy

Foar ‘de AyO-tún’, it online platfoarm fan Fryske Akademy-promovendi, hat Skanomoduredakteur Jan Ybema in gastblog skreaun.

“Wat rjochtfeardiget de bestudearring fan skiednis, of mear spesifyk, it ferline fan Fryslân? Wat is it nut fan myn wurk – in gefoel fan fertwiveling dat de histoarikus faaks neier stiet as lit ús sizze de putsjeman of de skjinmakster. Ecce historicus! Hy sit yn syn hok, hy lêst yn syn boek, hy sjocht nei syn skerm. In teepûdsje útknipe, in kollega oansjitte, de knop foar koart trochlûken yn it húske wurket noch altyd net.”

Lês hjir fierder.

Oer Jan Ybema

Jan Ybema (1991) komt fan Warkum en hat Frysk en skiednis studearre yn Grins. Hy folget dêr no de ûndersyksmaster Moderne skiednis en hat staazje rûn by it Midden-Eastensintrum fan de Universiteit fan Amsterdam. Hy hat dik twa jier assistint west oan it Frysk Ynstitút fan de RuG en fan jannewaris 2016 is er as stazjêr ferbûn oan de Fryske Akademy. Fan 2010 ôf wie er redaksjelid by it tydskrift fan stúdzjeferiening Skanomodu. Sûnt novimber 2014 is er as freelance sjoernalist aktyf foar de kultuerredaksje fan it Frysk Deiblêd.