IMG_1389

Frysk yn Google Translate. Feest of frees?

Tongersdei 18 febrewaris wie it grut feest op it provinsjehûs yn Ljouwert. It wie de dei dat it Frysk opnommen wurden is yn Google Translate. En dan hearre je der as selsrespektearjende taal al by. It wie sawisa in heuchlike dei, want mear leafst trettjin talen waarden opnommen sadat no suver alle Europeeske talen oersetber binne fia Google Translate. It smiet fansels in bulte publisiteit op en dat is moai. Deputearre Poepjes spruts moaie wurden oer hoe wichtich oft it wie dat it Frysk no opnommen is yn de elite fan de grutte talen yn de wrâld dy’t al yn Google ynfierd wiene. Likegoed spitich dat der allinnich yn de marzje opmurken waard dat it noch net alhiel goed wurket. Dêr kom ik letter noch op as ik it foarbyld fan Anne Dykstra oanhelje. Want fansels is der romte foar feest, mar der skûlet wol deeglik gefaar.

Google Translate, elk kin it wol en makket der rij gebrûk fan al wit er wol dat it net 100% goed is. Mar men brûkt it wol, foar in oanset, it globaal oersetten fan in sin of sindielen sadat de essinsje derút helle wurde kin. Wat dat oangiet is de missy fan Google moai: der foar soargje dat minsken rûnom op ierde mei inoar kommunisearje kinne. We binne no safier dat likernôch 99% fan de wrâldpopulaasje fia Google Translate yn de basis mei oare minsken út oare lannen en kultueren ynformaasje útwikselje kin. Dat dat fansels net altyd goed giet, mei dúdlik wêze. Saken as grammatika en semantyk binne ûnderwerpen dy’t de ynboude algoritmen net alhiel goed útlêze. Dêrfoar mist it de yntelliginsje fan de minsken om de subtile ferskillen derút te filterjen. In moai foarbyld helle Anne Dykstra, oanstifter fan de Fryske Google-Translate-beweging oan.

Yn de oersetwike kaam in grut tal wurden foarby dy’t je sûnder kontekst oersette moasten. ‘Go to hell’, wie dêr ien fan. Goed en moai Frysk is dit oersetten ta ‘flean op’. Dat dekt wol aardich de lading. De oplettende lêzer kin no likernôch riede wat der no komt. De tekst fan it Frysk folksliet hat in rigel mei: ‘flean op’. As dat fia google translate komt wurdt dat yn it Ingelsk: ‘go to hell, we sing the best song of the world’. Foar de nijsgjirrige lêzer dy’t jerne wat oer it Frysk witte wol en oer de kultuer fan ús skrikt him of har dan fansels it apesoer. Wat binne dy Friezen raar folk!

Hawar, dêr leit dus noch wol wat wurk. Jo kinne yn Google wol suggestjes dwaan om it better te meitsjen. Wy moatte mei ús allen dus krewearje om it Frysk yn de oersetmasine te ferbetterjen. In oar foarbyld is fansels de wurdfolchoarder. Yn it Frysk wykt dy ôf fan de Nederlânske en as dat oersetten wurdt dan wurdt it Frysk nea foar fol oansjoen. It wie fansels spitich dat de man fan Google de wurdfolchoarder ek net yn de macht hie en dat soarge foar de taharkers dochs foar wat oplutsen eachbrauwen.

Mei Google Translate kin der in nije stap setten wurde yn it folwoeksen wurden fan it Frysk. Fia it ynternet kin de ûntjouwing fan it Frysk ta in nije hichte komme dêr’t it ûnderwiis dat nea foarinoar krijt. De jeugd is fansels digitaal en kin alles opsykje. Fia whatsapp, twitter en instragram wurdt it Frysk wol brûkt om’t elk him it leafst útdrukt yn syn eigen taal. As dat fierder fasilitearre wurdt troch Google mei syn oersettings dan wurdt de drompel leger om mear Frysk te brûken.

Dat de tiid is no kommen om in ekstra stap te setten. Dat it Frysk yn Google Translate opnommen is, is fansels tige moai. Mar it moat der foaral net ta liede dat wy it mei ús allen op in sêft sin sette, want dan ferlieze wy úteinlik. In ynkomplete taal is wol it lêste dat je wolle. Wy moat no soargje dat ús taal op nivo bliuwt en eins allinnich mar opklimt. It moaie fan it Frysk-eigene moat ek fia Google Translate oan it ljocht komme. Sa mei fansels de ypy net ûntbrekke yn de oersetbere sinskonstruksjes en ek de list fan moaie Fryske wurden moat hieltyd mear oanfolle wude. Der binne genôch wurden dy’t yntusken yn de nederklits rekke binne mar júst no is it momint dêr om dy wurden ôf te stofjen. Dêr’t oare talen ornaris plat geane op wurden dy’t net ien op ien oersetber binne, sa hawwe wy dy yn it Frysk ek wol, nim begelyks in wurd as snaabsnuobbersfinne. Ja, set dat mar ris oer. Hoe moai soe it wêze as wy ek dy wurden opnimme kinne yn de selslearende algoritmen fan Google dy’t wy eins allinnich mar hoege te foljen en op syn tiid kontrolearje en falidearje moatte.

Saak bliuwt wol dat dat ûnderkend wurdt, oars ferfalt it Frysk op Google Translate ta in potsierlike eksersysje. Skanomodu wie der mei in grutte ôffurdiging, dat it wie hast in lytse reuny en it lit sjen dat de wil om eat mei ús taal te dwaan grut is. Binnen de rigen fan Skanomodisten is der in soad niget oan taal en ek aardich kennis en kunde fan wurden en sinskonstruksjes. Dat wy moatte mei-inoar no fierder wurkje om it Frysk hieltyd better wurde te litten. De technyk efter de oersettersmasine fan Google wurdt better, dat it is oan ús om de ynput te leverjen sadat 99% fan de wrâldbefolking aanst it geve, moaie Frysk te sjen krijt, en dan pas kin der wier feest fierd wurde.

IMG_0075

Skanomodisten by de lansearring fan it Frysk yn Google Translate

 

Oer Dirk Jan Muntendam

Dirk Jan Muntendam (1985), yn it deistich wurk adviseur ynformaasjebelied yn de Rânestêd, is yn syn frije tiid dwaande om de bân mei it Frysk yn stân te hâlden. Hy hat Skiednis studearre en foar in part Frysk. Yn dy tiid mei-oprjochter en foarsitter west fan stúdzjeferiening Skanomodu. Dêr moaie tiden hân en djip ûnder de yndruk rekke fan al it moais fan de Fryske taal en grut foarstanner fan de YPY! Spitigernôch stúdzje Frysk nea ôfmakke. Ko-auteur fan it epyske ferhaal De Kweeste fan Ridder Pieter. Moaiste dieren binne luiaards en kofje moat sterk en Swart wêze. Op it stuit dwaande mei ûndersyk foar in nij boek.

2 reaksjes op “Frysk yn Google Translate. Feest of frees?

  1. Pingback: “Mear ferâldere wurden yn Google Translate” | It Nijs

  2. Pingback: Bonjour la Frise, bonjour le monde! | Skanomodu