Erschrecklichewasserfluth

Ferdronken skiednis: Rungholt (1)

Op souder fan myn pake silger fûn ik in âld, fergiele boekje. It wie in lesboek foar de Fryske legere skoallen út 1938. Op ien fan de lêste siden fine wy in oerset stikje oer de ein fan de rike Noardfryske hannelsstêd Rungholt. Nei’t yn 1344 de stêd syn frijheid ferlern hie, hie de skiednis noch mear freesliks yn petto.
Mei de grutte en alles ferneatigjende floed fan 1362 op de dei fan de hillige Sint Marcellus (15 op 16 jannewaris) is de stêd mei man en mûs en sân oare kerspels opslokt troch de Mare Frisicum, de tsjintwurdige Noardsee. De floed fan 1362 is de skiednis yngongen as de ‘grote mandrenke’, ek wol: de floed dy’t in soad minsken ferdronk.

Men skreau it jier 1362. Slim seach it der yn ’e koarte dagen nei Nijjier út. De lêste jierren hiene min west. Fierstentefolle rein en gâns misgewaaks. It bytsje nôt woe net droech wurde ek al hie men it fjirtich dagen lang oan ’e razend draaiende mûnewjukken bûn. Mar it slimste fan allegearre wie dat men mei sok waar gjin sâlt winne koe. Dat betsjutte, gjin wurk en dêrmei omsoarch foar dyjingen dy’t mei sâltwinnen de kost fertsjinnen. De sâlthannel wie de rykdom fan Rungholt.
De greatelju klagen oer de hege belêstings. Nei’t Gerhard de Grutte yn Randers fermoarde wurden wie (1340) hie de Deenske kening Waldemar Atterdag besocht om Fryslân ûnder syn bewâld te krijen en it ta nije belêstings te twingen. Yn ’e slach by Lungsundtost (1344) hied er de Bökingharde ûnderwurpen en hie men in net botte foardelige frede slute moatten.
Dat resultearre yn opstannen fan de Noard-Friezen, sawol yn 1354 as yn 1358. De beide kearen waard de opstân delslein. It hie, lykas elke oarloch, in almeugende slompe jild koste.
Yn 1349 wie de ‘swarte dea’ ek nei dizze kontreien ôfsakke en op ferskate plakken wie trijekwart fan ‘e minsken ferstoarn. Mear it noarden yn hiene stoarmen gatten yn ’e diken slein en fruchtbere klaai wie dêrtrochhinne fuortslein.
It wie op in winige middei, mids foarmoanne. Mei wylde pûsten gûlde de wyn oer de keale lannen, noard fan ’e Hever. Twa famkes fan ’e Broderwarft njonken de Tsjerkewarft fan ‘Great Rungholt’ wiene oer Ackenbüll en Illgroff nei Bopschlut rûn en de súdwester hie se foar harútjage, suver fourt by pake en beppe ta de doar yn. Hja laken en diene en makken dat se by it waarme hurdsteed kamen, wylst omke protteljend de doar wer tadie.
Yn ’e hûs wie gâns te fertellen: fan ’t Bopschluster krystfeest en de brulloft meikoarten by Freerk Bauksens. Fan ’t grutte sâlthûs, dat by de nije Rungholter slús boud wurde soe. De deis tefoaren wied er in skip fol reade stien de Heverder haven ynfearn. En de moarns kaam it praat op Rungholt: de jonge preester wie sûnt dy moarns fuort. Syn buorman woe hawwe dat er de hiele nacht yn tsjerke west hie. Doe’t fan ’e moarn de sinne opkaam, wied er mei in antlit, sa bleek as in wytling, en mei in nuvere laits yn ’e eagen, út ’e tsjerke weikomd, hie in pear mar kwealk fersteanbere wurden reaunte: “de wrâld fergiet”. “Oeral komt de dea”… “Sjochsto him net? Dêre! En it wetter! Altyd mar heger”. De tsjerkemuorre falt yn! Dies Irea! Doe wied er de hûs ynflein en ridlik gau dêrop mei syn faam de kant op nei Odenbüll weiwurden.
De jûns tefoaren hie men him mei ’t lêste sakramint by in stjerrende helle en doe’t er him derhinne hastige hie, brocht men him by in bêdsteed dêr’t in dronkene sûch yn lei. It hie him oangriisd en hy hie net yn ’e keamer bliuwe wollen. Mar it bolbjirkene folk dat de gek mei him hie en him minachting foar de nije godstsjinst fiele litte woe, hie him beethâlden en doe besocht om him yn ’e djippe tochtsleat te smiten. Op ’e weromreis wiene der jit oaren bykomd, dy hiene de gek mei him hân en doe’t er der ek jit guod út ’e herberge wei kamen, skuorden se him de gouden nachtmelstsjelk út ’e hannen, geaten dy fol bier en makken yn har dronkenens in lawaai as in oardiel. De sûplappen wiene net salang bûtendoar yn ’e kjeld omhingjen bleaun. Hja sakken wer nei de herberge ôf en brochten de nacht troch mei sûpen en tjirgjen.
It iene famke tocht, de manlju hiene harren wrekje wollen, om’t de preester de lêste sneins tsjin har sûpen en losbannigens iepentlik op ’e preekstoel útpakt hie. Mar it hie de lêste tiid ek fierste slim west, skippers en keaplju hiene nettsjinsteande de minne tiid altyd noch tefolle jild.
It hie al lang jûn west. De stoarm wie oanboaze ta ’n razende orkaan. By Ropschlut koed er eins net folle skea dwaan om’t hege dunen en brede diken om it fruchtbere lân leine. Allinnich de âlde beammen dy’t om de warften stiene, bûgden en kreaken. Nimmen weage him yn dy roetswarte tsjustermoannenacht der út en altemets sloegen wylde reingjalpen tsjin ’e huzen. Hoe seach it der by de seedyk út?

Oer Dirk Jan Muntendam

Dirk Jan Muntendam (1985), yn it deistich wurk adviseur ynformaasjebelied yn de Rânestêd, is yn syn frije tiid dwaande om de bân mei it Frysk yn stân te hâlden. Hy hat Skiednis studearre en foar in part Frysk. Yn dy tiid mei-oprjochter en foarsitter west fan stúdzjeferiening Skanomodu. Dêr moaie tiden hân en djip ûnder de yndruk rekke fan al it moais fan de Fryske taal en grut foarstanner fan de YPY! Spitigernôch stúdzje Frysk nea ôfmakke. Ko-auteur fan it epyske ferhaal De Kweeste fan Ridder Pieter. Moaiste dieren binne luiaards en kofje moat sterk en Swart wêze. Op it stuit dwaande mei ûndersyk foar in nij boek.

2 reaksjes op “Ferdronken skiednis: Rungholt (1)

  1. Pingback: Dirk Jan Muntendam: Ferdronken skiednis: Rungholt (1) | ensafh

  2. Pingback: Ferdronken skiednis: Rungholt (2) | Skanomodu