EBookreal

Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (5)

2.5. Status fan de printe en digitale literatuer

Yn de oergongsperioade fan skriftkultuer nei digitale kultuer wurde aloan eigenskippen út beide kultueren útwiksele. Dy eigenskippen krije (ûn)bewust status en wearde takend troch minsken dy’t dêr in oardiel oer útsprekke. Dat kinne skriuwers en lêzers wêze, mar bygelyks ek wittenskippers. Troch dat proses fan statustakenning sille eigenskippen út de iene kultuer heger wurdearre wurde as dy út de oare kultuer, wat makket dat bygelyks de digitale literatuer ynferieur wêze kin oan de printe literatuer.

Yn it algemien kinne der twa soarten bewegings ûnderskaat wurde as reaksje op de feroarings yn it literêre fjild sa’t dy yn paragraaf 2.4. sketst binne. De earste is in progressive beweging dy’t digitale literatuer imitearret en de twadde yntinsivearret krekt de papieren tradysje, wat dus as konservatyf oantsjutten wurde kin (Hayles, 2008, s. 162).

Yn syn boek lit Svedjedal (2000) de twadde beweging trochskimerje. Hy beskriuwt as gefaar dat de kwaliteit fan literatuer net garandearre wurde kin, trochdat der sa’n soad skriuwers en teksten binne. Der komt dúdlik nei foarren dat er it ynternet as opstap sjocht foar begjinnende skriuwers om letter in papieren boek te publisearjen. Pas yn print is in boek in boek en in skriuwer. Hy seit dat de measte digitale teksten yn de printe wrâld net goed genôch binne om útjûn te wurden (Svedjedal, 2000, s. 135). Dêrmei jout er printe literatuer in hegere status as digitale literatuer.

Fyftjin jier nei it boek fan Svedjedal wurdt dat troch guon wittenskippers noch altyd dien. Yn 2015 publisearre Lisa Kuitert it boek Het boek en het badwater, dat yn ’e pleit giet foar it papieren boek. Hoewol’t Kuitert skriuwt dat har boek gjin pleit is tsjin it e-boek, apps of foarútgong (Kuitert, 2015, s. 10), liket it dat dochs wol wat te wêzen. Kuitert beneamt allegear punten dy’t it papieren boek foar hat op it digitale boek, lykas dat it sichtber is, dat je it rûke en fiele kinne en dat it eksklusyf is. Fansels binne dat eigenskippen dy’t it papieren boek mear wearde jaan kinne en it digitale boek minder, mar Kuitert  sjocht beide foarmen tefolle as twa aparte saken, as fijannen. It soe nuttiger wêze om te wizen op de langere ûntjouwing dêr’t se ûnderdiel fan binne, sa’t ik oant no ta dien haw.

Dat it digitale aspekt yn de literatuer troch guon wat tsjinholden wurdt en dat in papieren boek mear wearde tadichte krijt as in e-boek is ek net nuver as jo sjogge nei de perioade fan iuwen wêryn’t de skriftkultuer de basis fan de maatskippij wurden is en dêr’t in literêr systeem yn ûntstien is dat alhiel basearre is op skrift. Mei de opkomst fan it digitale wurdt dy basis oantaaste en wurde in protte tradysjes op losse skroeven setten. Dat makket dat men it gefoel hat dat jins kultuer en identiteit bedrige wurdt.

Wat is de takomst fan de literatuer? Ik kin konkludearje dat de tradysjes út de skriftkultuer noch altyd as basis yn de literatuer tsjinje. Sa nimt guon printe literatuer kenmerken fan digitale literatuer oer, mar behâldt it in skriftlike basis. Dêrneist komt ultime digitale literatuer, dat wol sizze literatuer dat hielendal gjin skriftlike kenmerken hat, hast net foar. Tagelyk soarget de digitale kultuer foar feroarings yn bygelyks it literêre fjild. It liket de skriftlike basis yn de literatuer stikje by bytsje te ferfangen troch in digitale.

Hoe’t it proses fan wearde- en statustakenning yn it printe en digitale aspekt de kommende tiid ferrint, is krusiaal foar de takomst foar de literatuer. Likegoed kin ek sein wurde dat it digitale hieltyd gewoaner wurdt yn it deistich libben, wat ek syn wjerslach hawwe sil yn de literatuer. Myn ferwachting is dan ek dat it oandiel digitale literatuer de kommende jierren hieltyd grutter wurde sil. Mooglik sels sa grut dat de digitale kultuer de nije basis wurdt yn de literatuer. Dat wol net sizze dat de printe literatuer dêrmei ferdwine sil, krekt troch de spesifike eigenskippen dy’t it foar hat op digitale literatuer. Fêst stiet yn alle gefallen dat de oergong fan skriftkultuer nei digitale kultuer de kommende jierren trochgean sil.

Boarnen

Hayles, N.K. (2008). Electronic Literature: New Horizons for the Literary. Notre Dame: University of Notre Dame Press.

Kuitert, L. (2015). Het boek en het badwater. De betekenis van papieren boeken. Amsterdam: Amsterdam University Press.

Svedjedal, J. (2000). The literary web: literature and publishing in the age of digital production: a study in the sociology of literature. Stockholm: Kungl. Biblioteket.

De bydragen yn dizze rige binne basearre op in essay dat Meindert Reitsma skreaun hat foar syn masteroplieding Europeeske Letteren en Kultueren, mei as spesjalisaasje Fryske literatuer, oan de Ryksuniversiteit Grins. Lês ek de earste fjouwer bydragen yn dizze rige: ‘Fan skriftkultuer nei digitale kultuer'(1)‘ , ‘Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (2)‘, ‘Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (3)‘ en ‘Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (4)’

Foto foarside: Wikimedia Commons.

Oer Meindert Reitsma

Meindert Reitsma (1994) is foarsitter fan Stifting Skanomodu en redakteur fan Y-Skrift Skanomodu. Earder wie er algemien bestjoerslid yn it bestjoer fan stúdzjeferiening Skanomodu en redakteur fan it ferieningsblêd. Hy studearret Europeeske Talen en Kultueren oan de RuG, mei as spesilisaasje Frysk. Hy skriuwt besprekken, ferhalen en essays. Meindert is dwaande mei syn earste boek, Wêr is Hester?, wat foar de jongerein ornearre is. Yn de simmer fan 2014 hat er in wike yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde sitten. As hobby spilet er euphonium en sit er op scouting.

2 reaksjes op “Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (5)

  1. Pingback: Meindert Reitsma: Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (5) | ensafh

  2. Achte Meindert Reitsma,
    Ik hav ‘n pear mails stjoerd oardel ‘ier liin. Gjin andert.
    Kinne jim of Oebele Vries ‘n réaksje jaan?
    Where-om neat oer de namme en rune?
    Griekske Y uut ‘t Frygisk? Y-grec ig gek, sandhi if Friesk!
    (Minderhied(en)) Y-skrift by Skanomodu.nl Scheemda?
    Ingelsk uus greote suster – nim d’r ‘n foàrbield oan, juh.
    Grenenzer BoomBeweging, UpstalbeamGrinslaon, E-Frl.
    DouwefdM@hotmail.com Meulen A’daam 020 6250433
    ñ