EBookreal

Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (3)

2.3. De ûntwikkeling fan de transysje

Digitale literatuer is ûnderdiel fan in langere tradysje, mar bringt ek syn eigen kulturele transformaasjes mei. Dy kinne sa yngripend wêze dat se mooglik der foar soargje sille dat de digitale kultuer in eigen tradysje foarmet.

Dy langere tradysje begjint sa likernôch by de útfining fan de boekdrukkeunst om 1450 hinne. De útfiner wie Johannes Gutenberg en dêrom wurdt de perioade nei dy útfining wol oantsjutten as it ‘Gutenberg tiidrek’. Troch technologyske ûntjouwings yn produksje en fersprieding waard it boek as kultureel produkt yn dy perioade hieltyd tagonkliker foar de massa. Troch de yndustriële revolúsje ûntstie benammen yn de 18de en 19de iuw de moderne boekemerk, dêr’t masines hieltyd mear it wurk fan de minsken oernamen (Hayles, 2008, s. 89-90). Sa kin men de útfining fan it spoar sjen as in wichtige katalysator yn it ûntstean fan dy merk (Svedjedal, 2000, s. 34-38). Stadichoan wurdt it boek in massaprodukt. Dat set him troch yn de resinte tiid mei nije printtechniken as Printing On Demand (tenei: POD). By POD binne de printkosten leech en wurdt der printe op basis fan it ferlet; it risiko foar de útjouwer is dêrmei lytser. Svedjedal neamt POD ‘… a triumph for the democratic potential of the book…’ (ibidem, s. 143).

Neist dat it boek in massaprodukt waard, kaam der ek in gruttere ynformaasjestream op gong. Troch de opkomst fan kranten en (literêre) tydskriften soarge it skreaune wurd foar ferbining tusken de lêzers; der ûntstiene anonime lêzersgroepen, ek wol ‘imagined communities’ neamd. Al dy lêzers soene inoar yn it echte libben nea moetsje, mar troch it skrift wie der bynmiddel. De skriftlike uterings soargen foar in ienheid: “These fellow-readers, to whom they were connected through print, formed, in their secular, particular, visible invisibility, the embryo of the nationally imagined community.” (Anderson, 1991, s. 44).

Dy ferbylde mienskip is basearre op skriftkultuer. It hat mear as ien generaasje duorre foar’t de skriftlike tradysjes gongber waarden yn de maatskippij fan de 15e iuw. Sa krige it printe wurd troch troch de tiid hinne mear wearde en status en waard it in kulturele krêft (Liu, 2007, s. 10). Dy krêft hold ûnder oare yn dat it boek in symboal fan kennis wie. Dy meganismen fan status- en weardetakenning spylje yn de oergongsperioade fan de skriftkultuer nei de digitale kultuer noch altyd in grutte rol, mar komme wol ûnder druk te stean. Hoe’t dat krekt sit, komt yn de lêste twa paragrafen fan dit haadstik oan de oarder.

Troch it ûntwikkeljen fan nije techniken wurdt it boek en de literatuer yn de 20ste iuw stadichoan ûnderdiel fan in breder en fariearder medialânskip. De nije media yn dat lânskip lykje hieltyd minder basearre op skrift. Sa wie de film it earste audiofisuele massamedium bûtenhûs en de radio it earste foar konsumpsje yn ’e hûs (Svedjedal, 2000, s. 42). Dat rychje kin oanfolle wurde mei de tillefyzje, de CD en DVD, de kompjûter, it ynternet ensafierder.

Benammen mei dy lêste twa liket der wat fûneminteels feroare te wêzen. Dêrfoar namen de media hieltyd mear ôfstân fan it skreaune wurd en waard it digitale aspekt mear ûntwikkele. Mei de komst fan de kompjûter en it ynternet is it digitale de basis wurden. De media fan foar de útfining fan de kompjûter kinne dan ek sjoen wurde as foarrinners, mei’t de skriftkultuer hieltyd minder de basis waard. Dy foarrinners hawwe yn it hjoeddeiske medialânskip noch altyd in wêzentlik plak, mar lykje al ûnder druk komme te stean. It ynternet kin men nammentlik sjen as in soarte fan ‘supermedium’ dat alles yn ien hat: tillefyzje, radio, foto’s, film en ek literatuer (Svedjedal, 2000, s. 93). Yn dat supermedium ûntsteane yn rap tempo ek nije foarmen, lykas sosjale media as Facebook en Twitter. Al dy nije foarmen soargje der net allinnich foar der sosjaal-kultureel fan alles foaret, mar ek psychologysk, lichaamlik, fenomenologysk en persoanlik (Liu, 2007, s. 8).

Fraach is no hoe’t jo tsjin dizze transysje oansjogge: as ûnderdiel fan ien lange ûntjouwing, of as in eigen nije tradysje, mei’t de digitaliteit foar sa’n soad transformaasjes soarge hat.

Svedjedal (2000) sjocht it dúdlik as ien lange ûntjouwing: “This digitization is the latest phase in a long history of the community of books adapting to revolutions in communications and technology. (…) From this perspective, computers and the Internet are just a new phase in a long story.” (Svedjedal, 2000, s. 33). Foar in part is it út soarte sa dat it in nije faze is yn in lang ferhaal, mar it is ek sa dat men sjocht dat de basis fan de skriftkultuer dy’t yn it Gutenberg tiidrek stadichoan ûntstien is, stikje by bytsje liket fuort te fallen en ferfongen te wurden troch in digitale kultuer. Dêrom wurdt de tiid fan no ek wol oantsjutten as de ‘Post-Gutenberg perioade’ (sjoch byg. Harnad, 1995). Wat dat oanbelanget is it nijsgjirrich dat Svedjedal seit dat digitaliteit de ‘latest phase’ is; krekt of hawwe alle technologyske ûntjouwings in ultime foarm berikt dy’t foar in nije tradysje soargje kin. Anno 2016 sjocht men in oergongsperioade, dêr’t de skriftkultuer en de digitale kultuer neist inoar yn besteane.

Boarnen
Anderson, B. (1991). Imagined Communities. Reflections on the Origin and Spread of Nationalism. Londen/New York: Verso.

Hayles, N.K. (2008). Electronic Literature: New Horizons for the Literary. Notre Dame: University of Notre Dame Press.

Harnad, S. (1995). The post-Gutenberg galaxy: How to get there from here. Information Society 11(4), 285-292.

Liu, A. (2007). Imagining the New Media Encounter. Yn R. Siemens & S. Schreibman (Red.), A Companion to Digital Literary Studies (s. 3-25). Malden: Blackwell.

Svedjedal, J. (2000). The literary web: literature and publishing in the age of digital production: a study in the sociology of literature. Stockholm: Kungl. Biblioteket.

De bydragen yn dizze rige binne basearre op in essay dat Meindert Reitsma skreaun hat foar syn masteroplieding Europeeske Letteren en Kultueren, mei as spesjalisaasje Fryske literatuer, oan de Ryksuniversiteit Grins. Lês ek de earste twa bydragen yn dizze rige: ‘Fan skriftkultuer nei digitale kultuer'(1)‘ en ‘Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (2)‘.

Foto foarside: Wikimedia Commons.

Oer Meindert Reitsma

Meindert Reitsma (1994) is foarsitter fan Stifting Skanomodu en redakteur fan Y-Skrift Skanomodu. Earder wie er algemien bestjoerslid yn it bestjoer fan stúdzjeferiening Skanomodu en redakteur fan it ferieningsblêd. Hy studearret Europeeske Talen en Kultueren oan de RuG, mei as spesilisaasje Frysk. Hy skriuwt besprekken, ferhalen en essays. Meindert is dwaande mei syn earste boek, Wêr is Hester?, wat foar de jongerein ornearre is. Yn de simmer fan 2014 hat er in wike yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde sitten. As hobby spilet er euphonium en sit er op scouting.

2 reaksjes op “Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (3)

  1. Pingback: Meindert Reitsma: Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (3) | ensafh

  2. Pingback: Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (4) | Skanomodu