Takomst Skanomodu

Fan de redaksje: de takomst fan Skanomodu

Bydrage twa yn de redaksjonele temawike

Y-Skrift Skanomodu waard op 28 maart ferline jier de loft ynsketten op it Sirkwy Sympoasium yn de Prinsetún yn Ljouwert. Yn it fearnsjier dêrnei kaam der in soad op ús ôf, wêrûnder lof, mar ek wat krityk. Oan it begjin fan dit nije jier is it tiid foar in evaluaasje fan de ôfrûne perioade en in blik yn de takomst op de plannen fan de redaksje en it bestjoer foar de kommende tiid. Wat de evaluaasje oangiet, hawwe wy ein 2015 in enkête de doar útdien nei ús lêzers. Ofrûne moandei koene jim dêr de resultaten fan lêze: ‘Resultaten Skanomodu-enkête’. Dy resultaten nimme wy serieus en brûke wy dan ek yn dit redaksjonele stik.

De ôfrûne moannen ha wy aardich wat út de wei setten, mei in relatyf lyts budzjet en minder mooglikheden as oare Fryske tydskriften. Sa is Skanomodu ûnderwilens yn Fryske rûnten al reedlik bekend. It ynternet is wat dat oangiet ek in geskikt medium; mei net al te folle ynset kin in aardich grut publyk berikt wurde. Foaral yn de earste wiken nei de lansearring ein maart wisten in soad minsken ús te finen, mar wy seagen dat yn de simmer de besikersoantallen wat sakken. Tsjin de ein fan 2015 waarden de getallen wer better. Desimber wie sels in rekordmoanne, mei 1305 unike besikers en 3188 besiten yn totaal.

Wêr’t wy ek wiis mei binne, is dat in moaie ploech nije jonge minsken aktyf wurden is yn de Fryske kultuer. Sûnder Skanomodu hiene net sa’n soad jongerein debutearre. Dêrneist binne ek in pear stikken dy’t earder op Skanomodu publisearre wiene, yn it Friesch Dagblad ferskynd, lykas artikels fan Tsjomme Dijkstra, Remco van der Leeuw, Saapke Voolstra en Wiebe Strikwerda. In bydrage fan Danny Hoogstad helle Omrop Fryslân, mei’t dy troch Tieneke Clevering bepraat waard.

Moannenlang ferskynden der fiif bydragen yn de wike en sûnt in skoftke alle wiken trije stikken. Meastentiids skreaun troch jonge Friezen en yn oare gefallen op syn minst nijsgjirrich foar harren. Dat is bysûnder foar sa’n lyts taalgebiet as it Fryske.

Wy slagje der yn om in breed ferskaat oan bydragen en ynfalshoeken sjen te litten. Sa docht ek bliken út de reakjes út de enkête: de respondinten kinne har oer it generaal prima fine yn de brede opset fan Skanomodu yn fjouwer rubriken. Sa litte wy jonge Friezen oan it wurd oer ûnderwerpen dy’t har dwaande hâlde.

Wat ús bot fernuveret, is dat der hast gjin serieuze reaksje kommen is op Skanomodu. Mei’t wy it gruteftich oanpakt hawwe, hiene wy dochs hope op wat mear ynhâldlike analyzes. It bleau almeast by in pear flauwe stikjes en wat oantekeningen by it mienisme. Yn septimber ferskynde de earste en oant no ta de iennichste serieuze reaksje, fan Pier Boorsma. Meindert Reitsma sil dêr kommende freed in antwurd op jaan.

Fierder waarden wy in pear kear neamd troch Fryske skriuwers yn ferskate media, faak mei in komplimintearjend boadskip.[1][2][3]

Njonken al dy dingen dêr’t wy tefreden oer wêze kinne, binne der lykwols ek tal fan swierrichheden. Ut it perspektyf fan it Fryske kulturele fjild as gehiel wei, ûnderfine wy dat Skanomodu tsjin deselde problemen oprint as oare kultureel-literêre platfoarms: dat fjild is ienfâldichwei tige beheind en dat hat sa syn gefolgen. Net allinnich is der mar in bytsje ynteraksje, ek falt it net ta om jongerein te finen en oan jin te binen dy’t oan Skanomodu bydrage kinne. De kombinaasje fan goed skriuwe én dat yn it Frysk dwaan kinne, is seldsum. Tige talintfolle jongerein sille har faaks leaver op it Nederlânske of ynternasjonale toaniel rjochtsje as har op sa’n behyplik taalgebiet as it Fryske ta te lizzen.

Mei stylgefoel en Fryske taalbehearsking allinnich is men der lykwols noch net. Om de rol spylje te kinnen dy’t Skanomodu siket, nammentlik it troch jongere Friezen oanfiterjen fan diskusjes oer Fryslâns kultuer en maatskippij yn ’e kontekst fan meartaligens en globalisearring, ha wy ferlet fan engazjearre jongerein dy’t doel ha oer bepaalde kultuerhistoaryske, taalkundige of polityk-maatskiplike kwestjes en dêr skerpe stellingen oer ynnimme doarre. Wy ûntkomme net alhiel oan de yndruk dat engaazjemint yn ús generaasje, seker op provinsjale tema’s, net al te rynsk siedde is.

It toanen fan dy ynternasjonale kontekst fan minderheden en meartaligens is yn it bysûnder dreech as it giet om de ferliking mei oare Europeeske minderheidstalen en –kultueren. Hjir brekt ús op dat dy lytse talen sa min foar elkoar tagonklik binne. Der mist in pan-Europeeske struktuer fan lytse taalgebieten dêr’t in mei-inoar dielde publike opiny yn ta stân komme kin oer problematyk dy’t sy mienskiplik ha. Mei de beheinde tiid dy’t wy yn Skanomodu ynvestearje kinne, slagget it ús oant no ta noch ûnfoldwaande om as mei-foarmjouwer fan sa’n pan-Europeeske struktuer fungearje te kinnen.

De redaksje – yn it besef dat sy mar lyts is en leden en meiwurkers mar in stikje fan har tiid yn it Y-Skrift stekke kinne – besiket op tal fan manieren om yn de kommende tiid de posysje fan Skanomodu binnen it fjild te fersterkjen. Wy geane troch op it sûnt koart ynsleine paad fan de twawyklikse temawiken, dy’t neffens de oprinnende besikerssifers goed lykje oan te slaan. Sy jouwe ynhâldlike struktuer, sawol foar lêzers as foar ús meiwurkers, en kinne bydrage oan it útdragen fan ús profyl. Nei dizze redaksjonele temawike binne dit de kommende tiid de temawiken (ûnder foarbehâld):
– Wike 3: Aldfrysk
– Wike 5: Midfrysk
– Wike 7: Nijfrysk 19e iuw
– Wike 9: Ynterferinsjefrysk.

Ut de enkêteresultaten nimme wy de oanbefelling mei om aktiver op syk te gean nei nij primêr literêr materiaal en, ynearsten yn de tuskentiidse en letter ek yn de temawiken, mear yn te setten op opiny en aktualiteit. Wy wolle meiwurkers oantrúnje om bytiden skerper te wêzen en mear fûnemintele krityk te formulearjen. As redaksje sille wy dat ek besykje yn ús bydragen. Dêrneist sille wy ek skerper reagearje op krityk dy’t der komt op Skanomodu, safier’t wy tinke dat it bydraacht oan in fruchtbere diskusje oer kultuer en maatskippij yn Fryslân, want dêr giet it ús ommers om. Wêr’t wy ús oant no ta datoangeande wat op ‘e flakte holden ha, sille wy as redaksje tenei wat skerper oan ‘e wyn sile. Freed wurdt dêr in begjin mei makke.

Wy stribje dernei om ús Y-Skrift by in noch grutter publyk bekend te meitsjen. Us stribjen is dêrom om de kommende tiid wat mear de publisiteit op te sykjen. Sa kinne wy de bining tusken de jonge Friezen fierder fersterkje.

 

Noaten

[1] “Hoe dan ek, de moai krityske en goed trochwrotten skôging fan Jan Ybema oer Cees Fasseur syn skriuwen oer ‘opa Piet Snor’, wie, ék mei it each op de boekebonnen dy’t ik noch lizzen hie, in moaie oanlieding om de biografy Eigen meester, niemands knecht oan te skaffen. Y-skrift bewiist datoangeande, om it ek ris moai kristlik, dus netsjes, posityf en fatsoenlik, te sizzen syn besteansrjocht.” Eeltsje Hettinga, 8 april 2015.

[2] “En de ploech om Skanomodu hinne bestiet út ferrassende talinten. Der wurdt omraken skreaun: foar in beheind publyk.” Elske Schotanus, Friesch Dagblad, 9 septimber 2015.

[3] “En dy [frisse wyn] waait op dit stuit yn it Y-skrift, dat tagelyk mei de lansearring fan it Mienisme ôfsketten is. Dêrmei soe it misferstân ûntstean kinne dat dit digitale blêd De Wachttoren fan datselde Mienisme is. En dat is neffens my net it gefal, it is ‘gewoan’ in nij literêr platfoarm dêr’t al moai wat nijsgjirrige publikaasjes op te finen binne fan, en dat is posityf, nije minsken dy’t har woartels hawwe yn Skanomodu, de Grinzer stúdzjeferiening. Artikels oer kultuer en literatuer, skôgingen op it mêd fan taal en wittenskip, folle net genôch. Dat de earste winst is al binnen en der folget as it my net mist noch wol mear.” Koos Tiemersma, 24 april.

2 reaksjes op “Fan de redaksje: de takomst fan Skanomodu

  1. Pingback: De takomst fan Skanomodu | ensafh

  2. Pingback: Reaksje op krityk | Skanomodu