twa-tuorren

Crowdfunding De Twa Tuorren

Bêste Skano-lêzers,

Nei it ferskinen fan diel 1 fan myn oersetting haw ik de kâns krige om djipper op dit bysûndere literêre projekt yn te gean yn it doe noch pepieren Skanoskrift. Nammerste blider bin ik, dat ik hjir koart wat oer diel 2 fertelle mei. (Nammers, Skanomodu sil mei eare neamd wurde yn it foaropwurd.)

Diel 2 is neffens deselde prinsipes oerset as diel 1, mar mei twa nijsgjirrige, en neffens my ynternasjonaal ek unike ekstra’s. Alderearst: diel 2 befettet yn it Ingelsk in pear sinnen en gâns nammen yn it Angelsaksysk. Jim begripe – yn in Fryske oersetting koe dat net oars as Aldfrysk wurde. Ut rûnten fan Tolkien-kenners haw ik dêr al entûsjaste réaksjes op krige, en troch in mûnlinge meidieling fan Oebele Vries koe ik se ek noch bliid meitsje mei de wittenskip dat Tolkien teminsten ien Aldfryske tekst yn syn bibleteek te stean hie.

Twad: Tolkien syn ‘world of faërie’ hat er stal jûn yn ’e Ingelske taal, mar ek yn it Ingelske lânskip fan syn bernejierren. Mar as jo yn it Frysk lêze oer de wide mieden fan Rohan, dan krije jo as Fries in hiel oar byld as in Ingelske lêzer. Dêrom haw ik keunstfotografe Maartje Roos frege, oft se ek ree wie om sis mar fan Tolkien syn wrâld in ‘byldoersetting’ te meitsjen. Foar myn gefoel is dat prachtich slagge, en har fotokeunst sil te bewûnderjen wêze op it spesjale stofomslach foar dizze útjefte. (Sjoch op de webside fan Maartje Roos)

(Tusken heakjes – as it allegear goed ferrint, komt der skielk ek noch in stofomslach foar diel 1.)

Lykwols, hjirtroch en trochdat myn oarspronklike útjouwer derút rûn is, wurdt dit gâns in kostbere útjefte, dy’t ek noch yn eigen behear plakfine moat – dus gjin provinsjale subsydzje, en in protte ekstra wurk foar de oersetter. Gelokkich wiene myn freonen Marten Walinga (fan it Frysk damjen) en Ate Grypstra (fan Grutte Pier) ree om mei my yn in stifting om dat allegear te réalisearjen.

Mar dêrmei binne wy der noch net. Op it stuit dat ik dit skriuw, is it gat noch in lytse € 7000. Dy’t dit in moai projekt fynt en dy’t it misse kin, woe ik freegje om in donaasje te dwaan troch te klikken op dizze link . En as ien wat jûn hat, dan fyn ik it fansels net slim as dy dat dêrnei trochfertelt oan freonen en kunde!

Fierders: op ’e webside ‘Fryske Tolkien’ komme aansen priuwkes fan ’e oersetting te stean, en linkjes nei filmkes oer ‘the making of’.

As lêste: ik bin gjin pessimist, mar ik haw goed foar ’t ferstân, dat dit projekt net automatysk slagget. Dêr is noch wol wat foar nedich. Dêroer haw ik ûndersteand stikje skreaun. Mei tank foar jimme omtinken!

Liuwe H. Westra
liuwe.westra@mensa.nl

In crowdfundingsprojekt kin ek mislearje. Dêroer giet dizze gelikenis.

It giet dan krekt as mei dy man mei in kollektebus. Hy kollektearret foar in goed doel. Hy hat it de hiele wike oan tiid, en wennet yn in doarp mei in protte minsken dy’t it goede doel in waarm hert tadrage. Hy komt by syn iene buorman oan ’e doar en fertelt dat er kollektearret foar it goede doel. De buorman seit: “Geweldich! Ik fyn it hartstikke goed watsto dochst!” En hy winsket him in protte súkses. Dan komt de man by syn buorfrou oan ’e oare kant en docht dêr syn sechje. Sy seit: “Fyn ik leuk! En wat in moaie bus!” Se krijt de bus beet, en besjocht en befielt him fan alle kanten. “Ja, echt in moaie bus,” seit se. “Dêr is wol flyt op dien. Wêr hasto dy meitsje litten?” En se winsket him in protte súkses. De man giet wer in doar fierder. Dêr sit de húshâlding noflik yn ’e tún en hy kriget in bakje tee. It doel fan ’e kollekte en de bus falle der wer tige yn. De man bringt op it aljemint, dat der eins ek wat yn ’e bus moat. “Fansels ommers,” roppe se. “Witste wat? Wy nimme fuort ús tillefoan en stjoere al ús freonen in berjochtsje datsto ûnderweis bist mei in kollektebus.”

© Liuwe Westra, Lollum.

Foto foarside: Maartje Roos.

Ien reaksje op “Crowdfunding De Twa Tuorren

  1. Pingback: Liuwe Westra: Crowdfunding De Twa Tuorren | ensafh