IMG_1389

Bonjour la Frise, bonjour le monde!

Niis is de Fryske taal opnommen yn Google Translate. Dêrmei kinne je teksten út it Frysk wei en nei it Frysk oersette yn mear as hûndert talen. Kreas foar it Frysk en ik fernim dat dizze mylpeal mear as ien Frysk hert flugger bûnzje lit, ynklusyf mines: gâns de wrâld kin ús prachtige taal no mear as ea romje. Hawwe wy Friezen der ek niget oan en sjoch nei bûten? Soe it Frysk syn status fan oankrûptaaltsje ferromje kinne, nei ús úteinsettaal nei de wrâld? Wês bliid minsken en stoarje justjes fierder oer je nâle hinne: it Turksk, Arabysk, Ingelsk en withoefolle mear talen kinne wy no better folgje. Ut ús memmetaal wei. De bêste wize om oare folken nijsgjirrich te meitsjen foar it Frysk is om sels belangstelling te toanen foar harren taal. Bonjour la Frise, bonjour le monde!

Lês ek it stik fan Dirk Jan Muntendam: ‘Frysk yn Google Translate. Feest of frees?’ (24 febrewaris).