EBookreal

Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (4)

2.4. Gefolgen fan transysje foar it literêre fjild

De literêre fjildteory, beskreaun troch Bourdieu (1994) en tapast op de Nederlânske sitewaasje troch ûnder oare Dorleijn & Van Rees (2006), lit sjen hoe’t literatuer as kultureel en materieel produkt fan de skriuwer nei de lêzer giet. Yn dat proses hawwe in soad aktoaren in funksje, dy’t ûnderferdield wurde kinne yn materiële produksje, distribúsje en symboalyske produksje.

Hoe feroaret it literêre fjild yn de digitale kultuer? Wat bart der bygelyks mei de funksjes? Svedjedal tinkt dat yn de tiid fan digitale produksje de âlde funksjes fitaal bliuwe, mar op nije wizen kombinearre wurde sille (Svedjedal, 2000, s. 133). Ik freegje my dat ôf. Soe it net sa wêze dat neist it kombinearjen fan funksjes guon funksjes ek ferdwine of yn alle gefallen minimalisearre wurde? Om dy fragen te ferkennen ferdjipje ik my yn de twa sintrale ûnderdielen yn it literêre fjild: de skriuwer en de lêzer.

It is tige legitym om jin ôf te freegjen oft de ynhâld fan de funksje skriuwer, dy’t yn de skriftkultuer ûntstien is, yn de digitale kultuer bestean bliuwe sil. De earder beskreaune transysje hat wis gefolgen foar de rol en posysje fan de skriuwer.

Lykas yn 2.3. beskreaun is, krige it skreaune wurd yn it Gutenberg tiidrek hieltyd mear status. It wie krekt oan it skriuwen fan in boek dat de skriuwer syn status ûntliende; de skriuwer wie in persoan mei in soad kennis dy’t de keunst fan goed skriuwen ferstie. Oan it boek waard in protte soarch bestege, benammen yn de tiid doe’t it meitsjen fan in boek noch minskewurk wie. Dat wie it monopoly fan de skriuwer. Dat monopoly kaam al ûnder druk te stean troch de komst fan masines, dy’t funksjes fan de minske oernamen (Hayles, 2008, s. 89-90).

Ik tink dat dat monopoly troch de ûntjouwings dy’t mank geane mei de transysje dy’t yn 2.3. beskreaun binne, allinne mar mear ûnder druk kommen te stean is. Wat men sjocht yn de digitale kultuer is in demokratisearring fan it begryp skriuwer: eltsenien kin skriuwer wêze. Sa kinne minsken bygelyks trochdat it drukken fan boeken goedkeaper wurden is, sels makliker in boek útjaan. Dêrneist kinne der op sosjale media hiel maklik teksten de wrâld ynstjoerd wurde. It publisearjen is foar de skriuwer ek net mear langer de útdaging, mar krekt it sjoen wurden (Svedjedal, 2000, s. 137)

In feroaring is ek dat de skriuwer yn de digitale kultuer funksjes oernimt fan oare aktoaren (ibidem, s. 133-134). Sa kin de skriuwer dy’t online publisearret syn eigen útjouwer wêze, mar ek sels syn wurk distribuearje en promoatsje. Yn sa’n struktuer kinne bygelyks de posysjes fan útjouwers en boekhannels oerstallich wurde, mar ek dy fan setters, biners en printers. Yn de fjildteory hawwe krekt de útjouwers in grutte macht, mei’t sy bepale wat kwaliteit is; sy binne ‘gatekeepers’ (ibidem, s. 102). Wat dat foar gefolgen hawwe kin foar de kwaliteit fan de literatuer kom ik yn de folgjende paragraaf op werom.

Kulturele feroarings soargje ek foar nije foarmen fan lêzen. Dat sjocht men bygelyks yn it Gutenberg tiidrek. Foar it ûntstean fan de moderne boekewrâld en de massakonsumpsje, lykas hjirfoar beskreaun, waard der nammentlik oan yntinsyf lêzen dien, mar dêrnei krige it lêzen in ekstinsyf karakter (Svedjedal, 2000, s. 89-90). By it yntinsyf lêzen wie de mannichte oan boeken folle lytser as by it ekstinsyf lêzen. Yn it lêste gefal lêze minsken folle mear boeken en hawwe sy ek mear yn har besit, mar de boeken wurde minder yntinstyf lêzen.

Mei de digitale kultuer sjocht men dat dat ekstinsyf lêzen trochset. Trochdat de mannichte oan teksten online sa grut is, ûntstiet der in hyperkonsumpsje (Gervais, 2007, s. 191). Troch de flechtige en floeibere dynamyk fan digitale literatuer krijt it lêzen ek sa’n karakter: “We read as fast as we can what comes up on our screen, through the simple click of a mouse.” (ibidem, s. 191).

Foar it lêzen yn de digitale kultuer yntrodusearret Svedjedal (2000) in nije term: ‘zap reading’. Yn it grutte universum oan teksten bepaalt de lêzer syn eigen paad, troch bygelyks op hyperlinks te klikken. Yn in pear klikken kin er sa yn in oar ferhaal of in oar medium bedarje. Dy wize fan lêzen sjocht men lykwols ek al yn eardere tiden. By it lêzen fan in krante wurdt ek algeduerich zapt tusken de ferskate artikels (Svedjedal, 2000, s. 91), mar it meast is it begryp faaks wol ferbûn oan de tillefyzje. Oan dy nije wize fan lêzen is ek ferbûn dat de ynhâld fan de funksje fan de lêzer him hieltyd mear ûntjout nei dy fan in brûker, in aktive meidogger. De rûte yn de literatuer is net langer útstippele troch de skriuwer, mar kin de lêzer sels ûntdekke en útstippelje.

Dat gegeven makket dat de lêzer mear macht krijt. It liket dat de klam dêrmei noch mear op it yndividu komt te lizzen; alle lêzers kinne yn in literêre utering har eigen paad meitsje, dêr’t der yn de skriftkultuer mar ien wie. De lêzers krije ek mear macht trochdat sy, lykas de skriuwers, mear funksjes krije kinne. In foarbyld is dat lêzers op websiden op in leechdrompelige wize har miening jaan kinne oer in boek en dêrmei ek de funksje fan kritikus oannimme. Soms kinne lêzers sels yngripe yn teksten en meiskriuwe.

De wize fan lêzen en de rol fan de lêzer yn de digitale kultuer feroarje dus bot. De fraach is no oft dy lêzer yn dy kultuer minder lêst as yn de skriftkultuer. Ofgeande op de foargeande alinea’s bëantwurdzje ik dy fraach negatyf. It lêzen is troch de grutte mannichte oan teksten nammentlik hieltyd ekstinsiver te wurden. It oanbod oan literatuer hat mooglik noch nea sa grut west. Oare kant is lykwols dat it lêzen oerflakkiger wurdt. Fierder ûndersyk is nedich om dat alles better yn kaart te krijen.

No’t de feroarings oangeande twa aktoaren yn it literêre fjild yn kaart brocht binne, docht wol bliken hoefolle oft der ferskoot troch de oergong fan de skriftkultuer nei de digitale kultuer. Sa sjocht men ûnder oare dat guon funksjes kombinearre wurde of sels bot minimalisearre. Tradisjonele meganismen komme ûnder druk te stean: “The internet escapes traditional modes and mechanisms for the institutionalization of texts. Nothing guarantees the authority, or even the authenticity of what is published on the web. Nothing guarantees its seriousness or quality. Its author is all but faceless.” (Gervais, 2007, s. 191). Dat hat alles te krijen mei de status dy’t sawol de printe as de digitale literatuer yn dizze oergongsperioade hat. Dêr gean ik de oare kear fierder op yn.

Boarnen
Bourdieu, P. (1994). De regels van de kunst. Wording en structuur van het literaire veld. Amsterdam: Van Gennep.

Dorleijn, G.J. & Rees, K. van (Red.) (2006). De productie van literatuur. Het literaire veld in Nederland 1800-2000. Nijmegen: Uitgeverij Vantilt.

Gervais, B. (2007). Is There a Text on This Screen? Reading in an Era of Hypertextuality. Yn R.Siemens & S. Schreibman (Red.), A Companion to Digital Literary Studies (s. 183-202). Malden: Blackwell.

Hayles, N.K. (2008). Electronic Literature: New Horizons for the Literary. Notre Dame: University of Notre Dame Press.

Svedjedal, J. (2000). The literary web: literature and publishing in the age of digital production: a study in the sociology of literature. Stockholm: Kungl. Biblioteket.

De bydragen yn dizze rige binne basearre op in essay dat Meindert Reitsma skreaun hat foar syn masteroplieding Europeeske Letteren en Kultueren, mei as spesjalisaasje Fryske literatuer, oan de Ryksuniversiteit Grins. Lês ek de earste trije bydragen yn dizze rige: ‘Fan skriftkultuer nei digitale kultuer'(1)‘ , ‘Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (2)‘ en ‘Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (3)‘.

Foto foarside: Wikimedia Commons.

Oer Meindert Reitsma

Meindert Reitsma (1994) is foarsitter fan Stifting Skanomodu en redakteur fan Y-Skrift Skanomodu. Earder wie er algemien bestjoerslid yn it bestjoer fan stúdzjeferiening Skanomodu en redakteur fan it ferieningsblêd. Hy studearret Europeeske Talen en Kultueren oan de RuG, mei as spesilisaasje Frysk. Hy skriuwt besprekken, ferhalen en essays. Meindert is dwaande mei syn earste boek, Wêr is Hester?, wat foar de jongerein ornearre is. Yn de simmer fan 2014 hat er in wike yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde sitten. As hobby spilet er euphonium en sit er op scouting.

2 reaksjes op “Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (4)

  1. Pingback: Meindert Reitsma: Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (4) | ensafh

  2. Pingback: Fan skriftkultuer nei digitale kultuer (5) | Skanomodu