admin-ajax.php

Krystiten

Bydrage ien yn de temawike ‘Winterjûnenocht’ 

Krysttiid. It moat de moaiste tiid fan it jier wêze. Smûk mei de famylje by mekoar komme en lekker ite. Foar elkenien in feest. Op de gasthear en gastfrou nei. Hoe soargje je dat elkenien plak hat, lekker en genôch iten krijt en it nei it sin hat? Ut in enkête die bliken dat kryst it meast stressfolle jierliks weromkommende feest fûn wurdt.

Om de oanrin nei de winterjûnenocht in bytsje oangenamer te meitsjen, wol ik hjir graach twa tige súksesfolle resepten diele dy’t net dreech binne, in soad minsken fuorje kinne en goed by de tiid fan it jier passe.

Kalkoen

Aard fan ’t beestje
In kalkoen is in dier dat respektfol fokt en fuorre wurdt. Kinst sjen en fiele oan it fleis dat se altiten goed iten hân hat, mar net fetmest is. Om’t it sa fetearm is, kin de hûd by it tameitsjen gau ferbrâne en it fleis taai wurde ast der net om tinkst. Dêrom wurdt in kalkoen altyd goed ynfette oan de bûtenkant. Fan binnen wurdt se opfold mei fochtige folling. Dat snijt oan twa kanten: it hâldt de kalkoen soppich troch it focht dat út de folling yn de kalkoen lûkt en it jout smaak mei oan it fleis. Kinst werklik alles yn in kalkoen stopje, fruit, griente, nuten fleis, neam it mar op. Guon follingen wurde neitiid fuortsmiten, lykas tutti frutti. Foar dit resept is in folling brûkt dy’t folslein ytber is en lekker kombinearret mei de kalkoen. Gaadlike oare yngrediïnten as fariaasjetips binne bygelyks kastanjes, huning, bleekseldery, cranberries en sjampions. En fansels in bytsje leafde. De kalkoen allinnich kin maklik acht minsken fuorje, mar der kin ek skoan mei sechstjin minsken fan iten wurde.

Yngrediïnten
kalkoen fan 3 à 4 kilo, skjinmakke (troch de slachter)
briedslide, of bakplaat mei ‘bak’ fan foalje dêr’t de kalkoen folslein yn kin
pûdsje mylde kurrypasta
150g bûter of margarine
100g bôlespek
houten prikkers of nulle en tried
aluminiumfoalje
sâlt en piper

Folling
1 stevige apel (Elstar/Jonagold), skyld en yn stikjes
2 bosksipels, opsnien yn rinkjes
100 g pecannuten, brutsen
farske basilikum, hakt
2 heal om heal woarstjes, it feltsje deromwei helle

Tameitsje
Soargje dat de kalkoen sawat op keamertemperatuer is. De ûne foarferwaarmje op 175° C. Ming de yngrediïnten foar de folling yn in kom en foegje der sâlt en piper nei smaak oan ta. Bestrui de búkholte fan de kalkoen mei in soad sâlt en piper. Doch dêrnei de folling deryn en meitsje de útgong ticht mei prikkers of nulle en tried. Meitsje dan mei de helte fan it pakje kurrypasta en de bûter in krêm en smar de hûd fan de kalkoen dermei yn, benammen by de flerkjes en yn de ploaien. Nim in briedslide en lis der krúslinks twa stikken aluminiumfoalje yn fan 50 sintimeter. Lis de kalkoen der boppe op mei it boarst nei boppe en bedek safolle mooglik hûd mei plakjes spek. De foalje los tichtteare sadat der rûmte tusken de foalje en de kalkoen sit. Set it yn de ûne en sjoch der twaenheal oere net nei om. In krekt grouwere kalkoen kin in kertier langer en dat jout foar in lytsere ek neat salang’t de foalje derom sit. Dan is de kalkoen fan binnen klear. Tear de aluminiumfoalje iepen en helje de plakjes spek derôf. Dy binne foar de kok. Set de ûne op 200°C en bak de kalkoen ôf yn 30 minuten. No goed yn de gaten hâlde en as de hûd droech wurdt bedrippe mei it fet dat yn de briedslide sit. Waarm opsnije en servearje.

2013-12-21 17.14.10

Apelgebak

Maklik gebak
Dejingen ûnder ús dy’t it mier ha oan ôfwage, daai opstiivje litte, teeleppeltsjes en snufkes dy binne mei dit resept oan it goede adres. Sels de ûne foarferwaarmje, wat elkenien wolris fergetten is, hoecht net. Dit is net in gewoane apeltaart, mar suver massaproduksje yn in grut rjochthoekich bakblik. Jierren lyn makke myn tante dit foar it earst en sûnt dy tiid meitsje ik it ek faak. It is ien fan de ienfâldichste gebaksresepten dy’t ik ken en it is altyd in súkses. It bêste oan dit resept is de boaiem, dy’t noch sêft is as er hyt is en krekt út de ûne komt, mar dêrnei fluch opstivet en stevich wurdt. It gebak is dêrtroch goed mei de hân te iten.

Yngrediïnten
1 kilo apels, grof raspe of yn lytse stikjes  (granny’s/goudrenetten)
kaniel nei smaak
200 gr wite rezinen
3 fingerdopkes rum
bakblik
bakpapier
kommen

Boaiem
400 gr bûter of margarine, raand
150 gr hjouwerflokken
500 gr selsrizend bakmoal
500 gr donkerbrune bastertsûker (mei ek in bytsje minder)

Rezinen waskje, útlekke litte en mei de rum yn in skaaltsje stean litte. Kaniel troch de raspe apels minge yn in kom. De yngrediïnten foar de boaiem byinoar dwaan oant it in grutte bal is. Dit wurket it moaist op in skjin oanrjochtblêd sa datst alle rûmte hast, mar yn in grutte kom kin ek.

It daai oer in grut bakblik by foarkar mei in bakpapier deryn ferdiele, goed oandrukke en de raspe apel der oerhinne útspriede. De rezinen deroer ferdiele en nei eigen ynsjoch noch wat hjouwerflokken deroer struie.

Bakke: ien oere op 150 graden yn in net foar ferwaarme ûne. It gebak nei it bakken fuortendaliks yn stikjes fan net grutter as 5 by 5 sintimeter snije en dêrnei efkes ôfkuolje litte.

Apelgebak

Lekker ite en noflike krystdagen!

 

Oer Sigrid Kingma

Sigrid Kingma (1989) studearre Nederlânsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Se hat foarsitter west fan stúdzjeferiening Skanomodu en wie hûsdichter by it blêd Skanoskrift. As Frysk dichter draacht se gauris foar by ferskate gelegenheden yn en bûten Fryslân. Har ynteresse giet út nei de berneliteratuer dêr’t se yn 2012 foar Sirkwy Sympoasium in lêzing oer holden hat. Sûnt dy tiid resinsearret se de berneboeken foar it Friesch Dagblad. Sigrid hat by ferskate tydskriften belutsen west as resinsint en columnist. Se wurket op it stuit oan in dichtbondel.

Ien reaksje op “Krystiten

  1. Pingback: Sigrid Kingma: Krystiten | ensafh