omslag-PLANO-NOVA-SCOTIA-HR5-510x756

It kelderslûk giet iepen

Besprek fan de fiifde roman fan Ferdinand de Jong 

Nei it lêzen fan it neiwurd fan Ferdinand de Jong (1969) syn nijste roman, De Nova Scotia staazje, wurde je as lêzer flink oan it tinken setten. “Alles wat je earne yn josels fuortstoppe ha, komt op in gegeven momint wer foar it ljocht.” (s. 169). Mei dy wurden begjint er it neiwurd. Oer it hoe en wat fierderop yn dit besprek mear. Earst it ferhaal.

De lêzer folget de achttjinjierrige Freark Fritsma, ek wol koartwei FF neamd. Yn in ik-perspektyf fertelt De Jong fragminten út de tiid fan FF op de middelbere lânbouskoalle. Dan giet er tegearre mei syn maat Pieter nei Nova Scotia yn Kanada op staazje. Hy komt telâne op de buorkerij fan de famylje Rivers, dy’t yn de omkriten bekend steane as in nuvere húshâlding. FF is yn in kompleet oare wrâld bedarre: in hiel oar klimaat, in folslein oar lânskip en in oare melkerij as thús.
It wol net wenne. De iiskâlde hâlding fan mem Rivers, it terrorisearjende soantsje en de nuveraardige boer meitsje dat er hieltyd mear in raar gefoel yn de mage krijt:

“Ik seach om my hinne, de iensumens fan it gea fleach my oan en ik betocht my dat it nuvere gefoel yn de mage ûnwennigens wêze moast. It smûke Fryslân lei oan de oare kant fan de oseaan, ik stie op in plak yn Shubenacadie dêr’t ik mysels net wolkom fielde. As jonge fan achttjin jier jong en noch net folle meimakke. Ik skodholle, dit hie net wêze moatten.” (s. 50-51).

It iennichste fertier is dat er sa no en dan mei syn maat Pieter te stappen giet yn in grutte stêd, dêr’t er al gau kunde krijt oan in fanke, mei wa’t er ferskate aventoeren belibbet. As er wer op de buorkerij is, komt er wer yn de totale ellinde, of yn ‘komplete sosjale gizeling’ (s. 91).

Ferdinand de Jong skriuwt tige flot en kin bytiden moai fertelle. Sa giet FF mei de boer en in oare feint nei in reservaat fan yndianen, dêr’t se op wyld sjitte sille. Dan komt in nijsgjirrige tematyk oan de oarder, nammentlik de relaasjes tusken de yndianen en de Amerikanen:

“’Mar Declin [de feint, MR] hat gelyk, dy slampampers fan Yndianen sieten al oan de drank doe’t it niis sa reinde, dus dy witte fan de wrâld net mear ôf.’ Ik skodholle sûnder dat de oare beide it seagen. It rasisme dripte der ôf by Andy [de boer, MR]. Ik wist net dat soks hjir noch sa djip siet, dêr hie nimmen it yn de tarieding oer hân, miskien kaam it ek wol troch de oerfloed oan drank dy’t de manlju op hienen.” (s. 70).

Foar jonge lêzers, lykas dy fan Y-Skrift Skanomodu, sit de wearde fan it boek, neist oansluting by de belibbingswrâld fan de haadpersoan, him benammen yn de skriuwstyl fan De Jong. It boek is frij maklik benei te kommen, wat it tagonklik makket foar minsken dy’t net faak Frysk lêze. De styl is soms net yngewikkeld: “Mei in nei boarremiich stjonkende grouwe duffel ûnder it gat ried ik de reed del, de skodder slingere nuver hinne en wer, mar dat bekaam doe’t ik op de dyk wie. Yn in wyt T-shirt en in ôfknipte spikerbroek tufte ik de kant fan Admiral Rock út.” (s. 81). Dêrneist is humor ek in belangryk wapen fan de skriuwer. Hjir bygelyks, wannear’t de boerinne it libben fan FF werris soer makket: “Miskien die se it net mei opsetsin, je moasten altyd fan it goede yn de minsken útgean. Trut.” (s. 100-101).

Hooplik is dit boek foar in soad jongerein in oantrún om ris Frysk te lêzen en yn de kunde te kommen mei de Fryske literatuer, en om letter ris wat literêre boeken te lêzen. Echte literatuer is De Nova Scotia staazje nammentlik net, mar dat sil ek net de bedoeling west hawwe fan de skriuwer. Wat by it oantrunen faaks ek helpt, is dat it omslach werklik prachtich foarmjûn is troch Jelle F. Post.

Dan weromkommend op it neiwurd, dêr’t ik dit besprek mei begûn. Yn it neiwurd beskriuwt Ferdinand de Jong hoe’t er yn de rin fan it libben ferskate ferskriklike ûnderfinings yn de kelder stoppe hat en it kelderslûk goed achter him tichtlutsen hat. Syn ûnderfinings op de buorkerij fan de famylje Rivers hearre dêr by. Troch in resint foarfal kaam alles wer boppe en begûn de ferwurking. It ferhaal moast der miskien wol yn ien kear út, want it boek hat gjin haadstikken. Sa docht oan de ein bliken dat it ferhaal autobiografysk is. It fierdere hoe en wat meie jim sels lêze. It iepenlûken fan it kelderslûk hat yn alle gefallen in moai flot ferhaal opsmiten.

De Nova Scotia staazje
Ferdinand de Jong
Bornmeer, 2015
ISBN: 978-90-5615-363-2
€ 15,00.

Oer Meindert Reitsma

Meindert Reitsma (1994) is foarsitter fan Stifting Skanomodu en redakteur fan Y-Skrift Skanomodu. Earder wie er algemien bestjoerslid yn it bestjoer fan stúdzjeferiening Skanomodu en redakteur fan it ferieningsblêd. Hy studearret Europeeske Talen en Kultueren oan de RuG, mei as spesilisaasje Frysk. Hy skriuwt besprekken, ferhalen en essays. Meindert is dwaande mei syn earste boek, Wêr is Hester?, wat foar de jongerein ornearre is. Yn de simmer fan 2014 hat er in wike yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde sitten. As hobby spilet er euphonium en sit er op scouting.

Ien reaksje op “It kelderslûk giet iepen

  1. Pingback: Besprek Ferdinand de Jong ‘De Nova Scotia staazje’ | ensafh